Skipbrek

(Trochferwiisd fan Skipbrekling)

In skipbrek is it fergean fan in skip wylst it ûnderweis is. It byhearrende tiidwurd is yn it Frysk brekslaan. Lichtere skea, dy't net ta de ûndergong fan it oangeande skip liedt, wurdt averij of haverij neamd. As in skip fergiet yn it ramt fan oarlochfiering wurdt net fan skipbrek sprutsen. Slachtoffers fan skipbrek wurde skipbreklingen neamd. Fan likernôch 1900 ôf wurde yn gefal fan skipbrek fersiken om help ôfjûn ûnder it ynternasjonale needsinjaal S.O.S.

In Skip Slacht Brek op 'e Rotsen, in skilderij út 1770 fan Claude Joseph Vernet.

De meast foarkommende oarsaak fan skipbrek wurdt foarme troch waarsomstannichheden, lykas stoarm of mist. Mar ek ferkearde belading, in fout yn 'e konstruksje, oanfarrings of minne navigaasje kinne ta de ûndergong fan in skip liede. Yn eardere tiden wie de navigaasje folle faker de oarsaak, fanwegen minne of net-besteande kartografy, wylst ek moderne navigaasjemetoaden lykas radar en satellytnavigaasje doe fansels noch net bestiene.

Bekende gefallen fan skipbrek binne:

De bemanning fan de Faustus wurdt yn 1952 rêden nei't it skip by in swiere noardwesterstoarm by Hoek fan Hollân fêstrûn is. It skip fergiet úteinlik yn de Nije Wetterwei.

Rêding en berging

bewurkje seksje

As in passazjiersskip brekslacht, is ornaris de kaptein oanspraaklik foar de passazjiers oer. Mar dy oanspraaklikheid wurdt yn 'e regel oerdroegen oan 'e rederij. Dy sil wer fersekere wêze, al kin mei sa'n fersekering by minder bonafide fersekeringsmaatskippijen in protte mis wêze.

De kaptein hâldt de sizzenskip oer in skip dat sonken is, ek as der bergers oan board geane om it skip boppe wetter te krijen. Sokke bergers binne faak ferbûn oan spesjalisearre bedriuwen, dy't spesjaal en faak grutskalich materieel hawwe om fergiene skippen te bergjen. Harren betelling kin ferskate foarmen oannimme; soms is it burgen skip sels hielendal of foar in part de ôfbetelling.

Skipbreklingen

bewurkje seksje

Slachtoffers fan skipbrek binne skipbreklingen. Benammen yn 'e reisliteratuer út 'e tiid fan 'e grutte ûntdekkingsreizen, fan 'e sechstjinde oant en mei de achttjinde iuw, komme in protte ferhalen oer skipbrek foar. It bekendst is yn dat ferbân de roman Robinson Crusoe fan Daniel Defoe, út 1719. It skip fan 'e haadpersoan, Robinson Crusoe, slacht brek en hy spielt oan op in ûnbewenne eilân. Syn reälistysk beskreaune wederwarichheden wiene basearre op it ferslach fan in wierbard eilânferbliuw út frije wil (net feroarsake troch skipbrek) fan Alexander Selkirk. In oar bekend foarbyld fan in skipbrekling is de apostel Paulus, waans skip neffens Hannelingen 27:13-45 breksloech op 'e kust fan Malta wylst er as finzene ûnderweis wie nei Rome.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.