Mist
Mist, damp of mistdamp is in waarferskynsel wêrby't minuskule wetterdrippen yn 'e bûtenlucht hingje as in soarte fan aerosol, wat it sicht behinderet. It kin wol beskôge wurde as in leechhingjende soarte fan wolk, dy't sterk beynfloede wurdt troch de neite fan iepen wetter, de gesteldheid fan it terrein en oft der wyn stiet of net. Foar guon minsklike aktiviteiten, lykas ferkear op 'e wei, skipfeart en oarlochfiering, kin mist grutte (yn 'e regel negative) gefolgen hawwe.
Klassifikaasje
bewurkje seksjeYn 'e meteorology wurdt mist yn ferskate kategoryen ûnderferdield nei it tal meters sicht dat der is:
- tige tichte mist: it sicht is minder as 50 meter
- tichte mist: it sicht is minder as 200 meter
- mist: it sicht is minder as 1.000 meter
- dize: it sicht is mear as 1.000 meter
Untstean
bewurkje seksjeMist foarmet him troch it ôfkuoljen fan tige fochtige lucht oant of oant ûnder it daupunt, of troch de ferminging fan kâlde mei waarme fochtige lucht as it ferskil tusken dy beide minder as 2,5 °C bedraacht. De foarming oft en hoefolle mist oft yn sokke gefallen foarme wurde sil, hinget lykwols ôf fan in heule rige faktoaren, lykas de mjitte fan loftfersmoarging, oft der begroeiïng is, de hichte fan it plak boppe seenivo, oft der reliëf (bergen of heuvels) is, en de neite ta iepen wetter.
Mist begjint te ûntstean as wetterdau kondinsearret ta floeistofdripkes yn 'e lucht, of krektoarsom, troch it ferdampen fan wetter of by sublimaasje fan iis. Mist ûntstiet gauris by in hege relative luchtfochtigens, troch de ôfkuolling fan 'e lucht om sinne-ûndergong hinne of krekt troch de opwaarming fan 'e lucht by sinne-opgong. It foarmet him it earst dêr't de lucht it fochtichst is, sadat it wol liket as ferspriedt it him út 'e sleatten wei oer it lân.
Sa kin it dat mistbanken dy't by de sleatten wei de wegen opdriuwe, dêr earst oplosse troch de waarmte dy't it ferkear ferspriedt. Dêrtroch bin boppe wegen in soarte fan mistfrije tunnel ûntstean, dy't op guon plakken in skoftke stânhâldt, mar op oare plakken al rillegau ynstoart. It ferskil yn sicht dat soks opsmyt, kin foar it ferkear foar gefaarlike sitewaasjes soargje, en it is dan ek de baas om yn sokke omstannichheden faasje te minderjen.
Soarten mist
bewurkje seksjeDer binne ferskate soarten mist. De nammen dy’t dêr yn 'e meteorology oan jûn wurde, ferriede faak al heul wat.
Grûnmist
bewurkje seksjeGrûnmist is leechhingjende mist, ûnder eachhichte. Dizze foarm fan mist ûntstiet faak om't de temperatuer oan 'e grûn leger is as op eachhichte, mei as gefolch dat deun by de grûn gauwer mist ûntstiet.
Mistbanken
bewurkje seksjeMistbanken wurde foarme troch koartlyn ûntstiene mist, dy’t troch swakke wyn fuortblaasd wurdt en sadwaande syn koheezje ferliest. It sicht yn in gebiet mei mistbanken is sadwaande tige wikseljend. Dat kin gefaarlike sitewaasjes opsmite foar it ferkear, mei't net foarsizzen is wêr't sokke mistbanken opdûke kinne. Yn it noarden en easten fan Nederlân wurde bewegende mistbanken ek wol wite wiven neamd.
Strielingsmist
bewurkje seksjeStrielingsmist is mist dy’t him by helder waar boppe it ierdoerflak foarmet troch útstrieling fan waarmte, wêrby't nei sinne-ûndergong it ierdoerflak ôfkuollet. De mist ûntstiet dan as der net folle wyn stiet dy't de kâlde luchtlaach boppe de grûn ferminge kin mei hegere, waarmere luchtlagen. Ek moat der hoemannichte wetterdau yn 'e lucht heger lizze as it daupunt.
Sa kin der bygelyks boppe in deldracht yn it lân kâldere en swierdere lucht yn 'e rjochting fan in sleat streame, dêr't troch ferminging mei fochtiger lucht mist ûntstiet. Sokke pleatslike mist wreidet him meastal gau út, sadat, ôfhinklik fan hoefolle wyn oft der stiet, de foar it ferkear sa gefaarlike mistbanken ûntstean kinne. Ek boppe in pak snie kin by lege temperatueren tsjin sinne-ûndergong strielingsmist ûntstean, dy’t tige ticht wurde kin en it sicht pleatslik ta wol minder as 10 meter beheine kin. Troch oanfriezing fan wiete weidielen kin it boppedat tige glêd wurde, wat foar it ferkear ek wer gefaarlik is.
Adfeksjemist
bewurkje seksjeAdfeksjemist ûntstiet by de oanfier fan relatyf waarme lucht boppe in kâlder oerflak. De waarme lucht wurdt dêrtroch ôfkuolle en as dy dan in protte focht meidraacht, wurdt de lucht fersêde en begjint der in proses fan kondinsaasje dat him uteret yn 'e foarming fan mist. Yn 'e winter komt adfeksjemist faak foar, benammen as der troch in westewyn fochtige, relatyf waarme lucht fan see oanfierd wurdt, dy’t oer it kâlde lân streamt.
Seemist
bewurkje seksjeSeemist ûntstiet boppe see as waarme lucht yn kontakt komt mei it kâlde seewetter. Mist ûntstiet boppe see ek as kâlde loft oer relatyf waarm seewetter streamt.
Reinmist
bewurkje seksjeReinmist ûntstiet as it reint út waarmere lucht dy’t op grutte hichte yn 'e atmosfear oanfierd wurdt, wylst it oan it ierdoerflak noch kâld is. De waarmere rein falt dan troch de kâlde lucht sadat der him mist foarmet. Reinmist kin ek ûntstean as nei in grouwe reinbuoi de sinne trochbrekt en der net safolle wyn stiet. Yn it felle sinneljocht kin men dan de damp fan strjitten en dakken oplûken sjen.
Beferzen mist
bewurkje seksjeBeferzen of oanferzen mist is gewoane mist dy't troch de temperatuer fan 'e ûndergrûn sa kâld wurdt dat it fuort oan 'e grûn fêstfriest. Dit kin tige gefaarlik wêze foar it ferkear, om't de temperatuer oan 'e grûn leger is as op eachhichte. De temperatuer op eachhichte kin in feilige 3 °C wêze, wylst it oan 'e grûn ûnder it friespunt is. As beferzen mist goed te sjen is op oare foarwerpen as de grûn (lykas beammen of elektrisiteitskeabels) wurdt it ryp neamd.
Iismist
bewurkje seksjeIismist ûntstiet as de lucht sa kâld is dat de mist net út focht bestiet, mar út iiskristallen.
Yndustriële mist
bewurkje seksjeFoar mist binne kondinsaasjekearnen nedich, lytse fêste of floeibere dieltsjes wêryn't it wetter him hechtsje kin sadat drippen ûntsteane. Kondinsaasjekearnen binne bygelyks sâltkristallen boppe see of stof yn 'e lucht boppe lân. Sokke stofdieltsjes komme faak út 'e skoarstiennen fan 'e yndustry of út 'e útlaten fan it ferkear. Yn gebieten mei in protte luchtfersmoarging foarmet mist him makliker as yn in skjinne lucht. Mei de jierwikseling kinne krûddampen fan fjoerwurk ek wol ferantwurdlik wêze foar de foarming fan dit soarte fan mist.
Mistmjittings
bewurkje seksjeIt sicht by mist wurdt metten mei help fan in transmissometer. Dat apparaatsje bestiet út in lampe dy’t in smelle ljochtstriel rjochtet op in fotosel dy't op in beskate ôfstân opsteld is. By mist wurdt it ljocht troch de wetterdrippen ferspraat, mei as gefolch dat de fotosel by sok waar minder ljocht ûntfangt. Wat minder ljocht oft der oerbliuwt, wat tichter oft de mist en wat minder oft it sicht is. De hoemannichte ûntfongen ljocht is dus de mjitte foar it sicht.
Gefaar
bewurkje seksjeMist kin tige gefaarlik wêze, en in protte ferkearsûngemakken wurde dertroch feroarsake. De gefolgen dêrfan wurde net selden noch helte minder om't troch it minne sicht it ûngemak foar efteropkommende ferkear pas sichtber wurdt as it al te let is om it noch te ûntwiken. Op dy wize kinne keatlingbotsings ûntstean.
Troch mist kin ek de kwaliteit fan 'e lucht bot efterútgean. Trochdat de mist leech hingjen bliuwt, kinne nammentlik giftige gassen fan auto's en fabriken net fuortkomme, sadat se har boppe en yn stêden opheapje, mei as gefolch dat minsken problemen mei it sykheljen krije.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, en Further reading op dizze side.
|