Befeiliging is in oerkoepeljende term foar alle maatregels dy't nommen wurde (kinne) om eat of immen te beskermjen tsjin skea, letsel of oare foarmen fan ûnwinske feroaring, dy't potinsjeel feroarsake wurde kinne troch ynfloeden fan bûtenôf of fan binnenút. By ynfloeden fan bûtenôf kin men tinke oan kriminaliteit of terrorisme, en by ynfloeden fan binnenút giet it bgl. om fraude of fertsjustering. Eat dat dien wurdt ta befeiliging fan eat of immen is in befeiligingsmaatregel. Immen dy't fan beropswegen soarget foar befeiliging is in befeiligingsman. It doel fan befeiliging is om risiko's te ferminderjen en behearskber te meitsjen en om 'e feilichheid te ferheegjen.

Lofthavenkontrôle op 'e Lofthaven Berlyn-Schönefeld.

Der binne twa haadfoarmen fan befeiliging: passive befeiliging en aktive befeiliging. By passive befeiliging past men maatregels ta dy't men ienris oanbringt en dy't dêrnei sels har wurk dogge. Men kin dan tinke oan it ôfsluten fan in tagong mei in hingslot, it oanbringen in stek of it foarsjen fan 'e bopperâne fan in muorre fan skerpe pjukken, sadat it dreech en gefaarlik wurdt om deroerhinne te klimmen.

De yngong fan in fabryk, mei in slachboom en in portierslôzje.

Aktive befeiliging hâldt de ynset fan befeiligingslju yn dy't oan ien wei troch, of alteast in grut part fan 'e dei, ta taak hawwe om it spul yn it each te hâlden. Helpmiddels dêrby binne bgl. tagongskontrôle, befeiligingskamera's en hiemhûnen. In synonym foar aktive befeiling is bewekking. Immen dy't him mei bewekking dwaande hâldt, is in bewekker of in wachter, of by nacht in nachtwachter. Der besteane in protte ûnderskate foarmen fan bewekking, dy't útinoar rinne fan in portier yn in portierslôzje dy't by in grut bedriuw de slachboom by de tagong nei it parkearterrein betsjinnet, oant in útsmiter yn in nachtklub, oant in liifwacht dy't in steatshaad beskermet en him of har oeral begeliedt.

Befeiliging is ek op te dielen yn objektbefeiliging, wêrby't in foarwerp befeilige wurdt, lykas in gebou of in bedriuweterrein; evenemintebefeiliging, wêrby't in evenemint befeilige wurdt; en persoansbefeiliging, wêrby't in persoan befeilige wurdt. In spesjale foarm fan befeiliging is ynformaasjebefeiliging, dat almeast digitaal plakfynt.

Befeiliging en bewekking is in taak fan sawol partikuliere bedriuwen as de oerheid. De earstelyns organisaasjes foar befeiliging en bewekking fan oerheidswegen binne de plysje en de brânwacht, mar men kin yn dit ramt ek tinke oan 'e liifwachten fan heechpleatste politisy of oan in geheime tsjinst, of, yn 'e bredere kontekst fan lânsbefeiliging, oan 'e kriichsmacht. Yn Nederlân wurkje likernôch 30.000 minsken as (partikuliere) befeiliger; dêrfan is trijefearn man. De partikuliere befeiligingsbrâns is yn Nederlân goed foar in jieromset fan 1,7 miljard.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.