Nasjonaal faunareservaat
In nasjonaal faunareservaat (Ingelsk: national wildlife refuge) is in type natoergebiet yn 'e Feriene Steaten, dat ûnder behear stiet fan 'e United States Fish and Wildlife Service. Dat is in ynstelling dy't ressortearret ûnder it Amerikaansk Ministearje fan Binnenlânske Saken. It earste nasjonaal faunareservaat, it Nasjonaal Faunareservaat Pelican Island, yn Floarida, waard yn 1903 troch presidint Theodore Roosevelt yn it libben roppen.
- Net te betiizjen mei in nasjonaal wyldreservaat, in oar type beskerme natoergebiet yn 'e Feriene Steaten.
De bedoeling fan 'e ynstelling fan nasjonale faunareservaten is om beskerme gebieten te skeppen dêr't de natoerskientme fan 'e Feriene Steaten, yn 'e foarm fan fauna mar ek floara, foar it neislachte beholden wurde kin foar de jacht, de fiskerij, de natoerfotografy, it natoerûnderwiis en it biologysk wittenskiplik ûndersyk. Oars as op lân sûnder beskerme status is yn nasjonale faunareservaten foar jagers en angelfiskers in fergunning ferplichte.
Sûnt syn begjin yn 1903 hat it stelsel fan nasjonale faunareservaten him gâns útwreide. Anno 2022 wurdt dat stelsel foarme troch yn totaal 568 nasjonale faunareservaten, 38 wietlâns managementdistrikten en 5 nasjonale seemonuminten. Dêrfan lizze 9 yn Porto Riko en de Amerikaanske Famme-eilannen; 16 yn Alaska; 27 yn Hawaï; en 559 yn 'e legere 48 steaten. Al dy natoergebieten hawwe mei-inoar in oerflak fan 3.464.109 km². It meastepart dêrfan befynt him yn Hawaï, dêr't de 5 nasjonale seemonuminten likernôch 88% fan it totale oerflak fan it hiele stelsel fan nasjonale faunareservaten beslane. Nochris 9% fan it totale oerflak leit yn Alaska, dêr't de nasjonale faunareservaten mei-inoar 18% fan it oerflak fan 'e steat yn beslach nimme.
Yn 2021 waarden de nasjonale faunareservaten yn 'e Feriene Steaten yn totaal troch 65 miljoen minsken besocht. Dêrfan kamen 41,7 miljoen om 'e natoer te besjen; 15,1 miljoen om foto's te nimmen; 8,0 miljoen om te angelfiskjen; 2,5 miljoen foar it ferrjochtsjen fan wittenskiplik ûndersyk; nochris 2,5 miljoen om te jeien; 0,4 miljoen yn it ramt fan natoerûnderwiis; en 10,9 miljoen om in oare reden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |