United States Fish and Wildlife Service
De United States Fish and Wildlife Service of U.S. Fish and Wildlife Service, soms ôfkoarte ta USFWS of FWS, is in Amerikaanske federale oerheidsynstânsje dy't tawijd is oan natoerbehear. De namme fan de ynstelling betsjut letterlik: "Amerikaanske Fisk- en Faunatsjinst". De United States Fish and Wildlife Service, dy't yn 1940 oprjochte waard, kin sjoen wurde as in soarte fan boskwachterstsjinst. De ynstânsje resortearret ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken. It haadkertier is fêstige yn Bailey's Crossroads, yn de Amerikaanske steat Firginia. Oare Amerikaanske oerheidsynstânsjes dy't har dwaande hâlde mei natoerbeskerming binne de United States National Park Service en de United States Forest Service.
United States Fish and Wildlife Service | |
---|---|
flagge | embleem |
algemiene gegevens | |
namme folút | United States Fish and Wildlife Service ("Amerikaanske Fisk- en Faunatsjinst") |
ôfkoarting | USFWS / FWS |
lân | Feriene Steaten |
oprjochte | 1940 |
falt ûnder | Ministearje fan Binnenlânske Saken |
doel | natoerbehear op federaal lân |
sifers | |
wurknimmers | 9.000 (2010) |
jierliks budget | $2,320 miljard (2008) |
oar | |
webside | www.fws.gov |
Skiednis
bewurkje seksjeDe United States Fish and Wildlife Service hat syn woartels yn 'e Amerikaanske Kommisje foar Fisk en Fiskerij (United States Commission on Fish and Fisheries), yn 'e folksmûle de Amerikaanske Fiskkommisje (United States Fish Commission) neamd. Dy waard yn 1871 troch it Amerikaanske Kongres oprjochte, mei as doel om 'e ôfnimmende stân fan befiske fisksoarten te bestudearjen en der in oplossing foar te betinken. De Amerikaanske Fiskkommisje waard yn 1903 omfoarme ta it Amerikaansk Buro foar de Fiskerij (United States Bureau of Fisheries), dat ta it Ministearje fan Binnenlânske Saken hearde.
Yn 1885-1886 waard de Seksje foar Ekonomyske Ornitology (Section of Economic Ornithology) oprjochte as ûnderdiel fan it Amerikaanske Ministerje fan Lânbou. Letter waard dat omneamd ta de Difyzje foar Ekonomyske Ornitology en Mammalogy (Division of Economic Ornithology and Mammalogy), en yn 1896 waard it de Difyzje foar Biologyske Statistyk (Division of Biological Survey). It iere wurk fan dy organisaasje lei him ta op it effekt fan fûgels op it bestriden fan agraryske pleagen en it fêstlizzen fan 'e geografyske fersprieding fan planten en bisten yn 'e Feriene Steaten. De ferneamde biolooch C. Hart Merriam stie in fearnsiuw lang oan it haad fan dizze ynstânsje en groeide yn dy tiid út ta in figuer fan nasjonale bekendheid omreden fan syn ynset foar in better begryp fan 'e wurking fan 'e natoer yn 'e Feriene Steaten.
Yn 1934 waard Difyzje omneamd ta it Buro foar Biologyske Statistyk (Bureau of Biological Survey), dêr't Jay Norwood Darling it nije haad fan waard. Datselde jiers karde it Kongres de Fish and Wildlife Coordination Act (FWCA) goed, ien fan 'e ierste miljeubeskermingswetten. Under lieding fan Darling sette syn Buro neitiid útein mei in net ôflittende striid om 'e natoer yn 'e Feriene Steaten te beskermjen. Nei't it Buro foar Biologyske Statistyk yn 1940 oerhevele wie fan it Ministearje fan Lânbou nei it Ministearje fan Binnenlânske Saken, fúsearre it op 30 juny fan dat jier mei it Amerikaansk Buro foar de Fiskerij ta in nije organisaasje, de United States Fish and Wildlife Service.
Doel
bewurkje seksjeDe United States Fish and Wildlife Service hat as doel om 'e fiskstân, de fauna en natuerlike habitats te behearen. Dêrta heart:
- kontrôle op it neilibjen fan 'e federale wetjouwing op it mêd fan natoerbeskerming,
- it beskermjen fan bedrige biste- en plantesoarten,
- it opkommen foar de libbensnedichheden fan trekfûgels,
- it oplizzen en ôftwingen fan fiskerijbeheinings ta beskerming fan 'e fiskstân (as dat fan nasjonaal belang is),
- it beskermjen en werombringen yn 'e oarspronklike steat fan wichtige habitatten, lykas sompen,
- it advisearjen fan 'e oerheden fan oare lannen by natoerbeskermingssaken.
Om't de grutte mearderheid fan it gebiet dêr't de United States Fish and Wildlife Service sizzenskip oer hat, lân oanbelanget dat net yn it besit is fan 'e Amerikaanske federale oerheid, wurket de tsjinst nau gear mei (ynstânsjes fan) steats- en pleatslike oerheden en mei partikuliere inisjativen foar natoerbeskerming.
Oan 'e United States Fish and Wildlife Service is fierders it behear taskood oer seis nasjonale monuminten:
- it Nasjonaal Monumint Hanford Reach yn Washington;
- it Nasjonaal Maritym Monumint Papahānaumokuākea yn Hawaï (yn 'e mande mei de National Oceanic and Atmospheric Administration (NOAA) en de steat Hawaï)
- it Nasjonaal Monumint "Moed yn de Twadde Wrâldoarloch yn de Stille Oseaan" yn Alaska, Hawaï en Kalifornje (yn 'e mande mei de United States National Park Service)
- it Nasjonaal Monumint Ofhandige Eilannen yn de Stille Oseaan (yn 'e mande mei de NOAA; it grutste beskerme seegebiet fan 'e wrâld)
- it Nasjonaal Maritym Monumint Rose Atoll yn Amerikaansk-Samoä (yn 'e mande mei de NOAA en it regear fan Amerikaansk-Samoä)
- it Nasjonaal Maritym Monumint De Marianetrôch yn 'e Noardlike Marianen (yn 'e mande mei de NOAA en it regear fan 'e Noardlike Marianen)
Opbou
bewurkje seksjeDe United States Fish and Wildlife Service makket diel út fan it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken. Underdielen fan 'e tsjinst binne:
- it Bedrige-Soarteprogramma (besteande út 86 fjildstasjons fan 'e Ekologyske Tsjinst)
- de Difyzje fan Trekfûgelbehear (Division of Migratory Bird Management)
- it programma foar de ôfjefte fan 'e Federal Duck Stamp, in fergunning foar it jeien op wetterfûgels
- it National Fish Hatchery System (besteande út 70 nasjonale fiskkwekerijen en 65 fisk- en faunabeskermingskantoaren)
- it National Wildlife Refuge System (besteande út 560 nasjonale faunareservaten mei in mienskiplik oerflak fan 607.000 km²)
- it Programma foar Ynternasjonale Saken
- it USFWS Office of Law Enforcement (in federale plysjetsjinst dy't de wetten oangeande natoerbeskerming hanthavenet)
- it National Conservation Training Center
- it Clark R. Bavin National Fish and Wildlife Forensic Laboratory
- de Landscape Conservation Cooperatives
Yn 2010 hie de United States Fish and Wildlife Service likernôch 9.000 wurknimmers. It haadkertier fan 'e tsjinst stiet yn Bailey's Crossroads, yn 'e Amerikaanske steat Firginia, dêr't in netwurk fan krapoan 700 fjildkantoaren ferspraat oer de hiele Feriene Steaten wei oanstjoerd wurdt.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|