Hichtefrees is de eangstme foar hichten, dy't eltse minske yn gruttere of mindere mjitte hat. As dizze eangstme ûnfoege foarmen oannimt, sprekt men fan akrofoby (of ek wol fan altofoby). Yn 'e measte gefallen hawwe minsken har hiele libben lêst fan hichtefrees, hoewol't it soms geandewei de tiid wol oanboazje kin. Yn guon gefallen kin dizze foby ek fanwegen komme by lju dy't der earder net lêst fan hiene, as gefolch fan oerbelêsting, bygelyks nei in burnout of oerspandheid. Dan bliuwt de hichtefrees faak bestean, ek as de oerbelêsting wer ferdwûn en genêzen is. Akrofoby hat in protte gemien mei batofoby, de frees foar djipten. Beide fobyen hâlde ferbân mei de eangstme om te fallen.

De glêzene flier fan 'e CN-toer yn Toronto.

Hichtefrees is in spesifike foby en kin krekt as de measte soartgelikense fobyen almeast relatyf maklik behannele wurdt troch gedrachsterapy. Dêrby lit men lju dy't lêst hawwe fan akrofoby stadichoan wend reitsje oan beskate hege plakken, lykas in wente yn in flatgebou. Lykwols binne der ek gefallen bekend wêrby't sokke terapy net holp. Boppedat kin de akrofoby weromkomme as in pasjint langere tiid net bleatsteld is oan sokke hichtesitewaasjes.

Der wurde twa soarten fan hichtefrees ûnderskaat. Kognitive hichtefrees wurdt feroarsake troch eangsttinzen dy't besibbe binne of wêze kinne oan 'e eangstme dat men jinsels net folslein yn 'e hân hat en bang is dat men ris fan in heech plak springe kinne soe, of oan 'e eangstme dat de hege konstruksje dêr't men jin op of yn bejûn hat net sterkernôch is om jins gewicht te dragen. Optyske hichtefrees kin ek eangstme of dûzelichheid feroarsaakje as men troch it rút út in wente yn in flatgebou sjocht, of sels as men in plaatsje of filmke sjocht dat nommen is troch fan in grutte hichte omleech te sjen. Meastal is hichtefrees lykwols in mingfoarm fan sawol kognitive as optyske hichtefrees.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.