Brigadier is in rang by de Nederlânske plysje. It wurd 'brigadier' is ôflaat fan brigade, in militêre ienheid. Yn it Korps Nasjonale Plysje is brigadier de rang ûnder dy fan ynspekteur en boppe dy fan haadagint. Oant it begjin fan 'e 1990-er jierren wie brigadier by de âlde Ryksplysje en de ûnderskate Gemeenteplysjekorpsen de rang dy't ûnder adjudant siet en boppe opperwachtmaster. Sawol adjudant as opperwachtmaster waarden by de opheffing fan 'e Ryksplysje en de Gemeenteplysje yn 1993 ôfskaft. By it Korps Plysje Karibysk Nederlân, wêrfan't it rjochtsfoechgebiet Karibysk Nederlân (de eilannen Bonêre, Saba en Sint-Eustasius) beslacht, is de rang fan brigadier leger as dy fan haadagint en heger as dy fan agint.

It rangûnderskiedingsteken fan in brigadier fan it Korps Nasjonale Plysje (Nederlân).

Yn it Korps Nasjonale Plysje bestiet tsjintwurdich gjin ferskil mear yn opspoaringsfoech tusken in brigadier en de fjouwer plysjerangen dêrûnder (haadagint, agint, surveillant en aspirant). In útsûndering op dy regel betreft de bûtengewoan opspoaringsamtner (boa).

In brigadier kin wurkje by ferskate ûnderdielen fan 'e plysje, lykas by in wykteam of by de resjerzje, dêr't er almeast in koördinearjende funksje hat. Ek yn 'e mienskiplike meldkeamers wurkje plysjes mei dizze rang. Sokken koördinearje de needhelpprosessen en ferfolje by opskaling yn gefal fan in ramp de rol fan kalamiteitenkoördinator (CaCo). Yn sommige regio's kin in brigadier ek in 'senior projekt agint' (SPA) wêze yn in beskaat spesjalisme, lykas Jongerein, Iepenbiere Oarder en Feilichheid of Ferkear. Dêrnjonken binne der brigadiers dy't as funksje Senior Gebietsbûne Plysjesoarch (Senior GGP) hawwe. Sokken wurkje yn 'e needhelp en ferfolje teffens faak ek in koördinearjende rol. Dat kin wêze as operasjoneel koördinator (OpCo) binnen in plysjeburo, mar ek yn it fjild by it ôfhanneljen fan ynsidinten, wêrby't de meldkeamer harren weromken oan in spesjaal ropnûmer.

Yn it ferline hiene in protte brigadiers ek de funksje fan helpofsier fan justysje, mar tsjintwurdich net mear. It is no nammentlik wetlik fêstlein dat helpofsieren fan justysje minimaal de rang fan ynspekteur hawwe moatte.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: