Haadmenu iepenje

In pilotôflevering, fan it Ingelske wurd pilot (útspr.: ['pai̭lət], likernôch: "pai-lut") dat "loads" betsjut, is de earste, dûbellange ôflevering fan in tillefyzjesearje. Sa'n ôflevering wurdt yn it foarste plak makke om te sjen oft in idee dat op papier goed liket, ek goed beteard as it yn produksje nommen wurdt. Dêrnjonken wurde pilotôfleverings troch de produsinten ek brûkt om 'e oangeande searje te ferkeapjen oan 'e omroppen. Sadwaande kin in pilotôflevering it bêste beskôge wurde as in prototype fan 'e searje, net yn it lêste plak om't it faak foarkomt dat beskate as ûnbefredigjend beskôge eleminten út 'e pilotôflevering yn 'e searje, as dy makke wurdt, oanpast wurde.

Yn 'e Amerikaanske tillefyzjeyndustry wurdt mar fan justjes mear as in fjirdepart fan 'e produsearre pilotôfleverings ek de byhearrende searje makke. De redens dêrfoar kinne wêze dat it idee dat oan 'e searje te'n grûnslach leit, de produsinten by neier ynsjen dochs ôffalt, of dat de produsinten simpelwei gjin omrop fine kinne dy't belangstelling foar de searje hat. Ferweesde pilotôfleverings wêrfan't gjin searje makke wurdt, binne net hielendal wei; dy wurde faak noch ferkocht as tillefyzjefilms. As de byhearrende searje àl makke wurdt, foarmet de pilotôflevering yn 'e regel de earste ôflevering. Dat is lykwols net it gefal as der troch oanpassings dy't nei ôfrin fan 'e produksje fan 'e pilotôflevering trochfierd binne sa'n soad ferskillen mei de eigentlike searje ûntstien binne dat dy it begryp fan 'e sjoggers yn 'e wei steane.

In spesjaal soarte pilotôflevering is de saneamde backdoorpilot ("efterdoarpilot"). Dy wurdt middenyn in al rinnende searje makke, wêrby't nije personaazjes yntrodusearre wurde. De bedoeling is om oan 'e hân fan 'e reäksjes fan it publyk te sjen oft it de muoite leanje sil en meitsje mei dy personaazjes in spin-offsearje, dy't dan meiliftsje kin op it súkses fan 'e al besteande searje.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.