Hollywood Boulevard
Hollywood Boulevard is in strjitte yn 'e Los Anzjelynske wyk Hollywood, yn súdlik Kalifornje, dy't ferneamd is om û.m. de Hollywood Walk of Fame, it Dolby Theatre (dêr't de jierlikse útrikking fan 'e Oscars plakfynt) en it Hollywood Sign. De strjitte hiet oarspronklik Prospect Avenue, mar krige yn 1939 syn hjoeddeistige namme. Lange tiid wie Hollywood Boulevard jûns let en nachts in sintrum fan strjitprostitúsje, mar de plysje fan Los Angeles hat yn 'e lêste tweintich jier besocht om dêr safolle mooglik it near op te lizzen.
Hollywood Boulevard sprantelet yn it easten ôf fan Sunset Boulevard en rint dan troch de buerten Little Armenia en Thai Town nei it noardwesten ta oant de krusing mei Vermont Avenue, dêr't er nei in knik rjocht op it westen ta komt te rinnen, dwers troch it toeristyske sintrum fan Hollywood hinne, oant de krusing mei Laurel Canyon Boulevard. Oare kant dy krusing rint Hollywood Boulevard fierder troch wenwiken oant er útkomt op Sunset Plaza Drive. Op 4 april 1985 waard Hollywood Boulevard opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken.
Besjensweardichheden
bewurkje seksje- American Cinematheque
- Barnsdall Art Park
- Bob Hope Square
- Broadway Hollywood Building
- Capitol Records Tower
- Dolby Theatre
- El Capitan Theatre
- Fonda Theatre
- Frederick's of Hollywood
- Grauman's Egyptian Theatre
- Hollywood and Highland
- Hollywood Masonic Temple
- Hollywood Pacific Theatre
- Hollywood Roosevelt Hotel
- Hollywood Sign
- Hollywood Walk of Fame
- Hollywood Wax Museum
- Madame Tussauds Hollywood
- Musso & Frank Grill
- Pantages Theatre
- Ripley's Believe It Or Not! Odditorium
- TCL Chinese Theatre (foarhinne Grauman's Chinese Theatre)
- Vista Theatre
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|