El Capitan Theatre

It El Capitan Theatre (letterlik: "El Capitan Bioskoop") is in ferneamde bioskoop yn 'e Amerikaanske stêd Los Angeles. It gebou waard yn 1926 boud en is in foarbyld fan Spanish Colonial Revival-arsjitektuer. It stiet yn 'e wyk Hollywood oan 'e bekende strjitte Hollywood Boulevard. Sawol de bioskoop as de oanbuorjende Frijmitselderstimpel fan Hollywood (no it El Capitan Entertainment Centre) binne eigendom fan The Walt Disney Company. Yn it El Capitan Theatre fine de premiêres plak fan it meastepart fan 'e films dy't troch Disney produsearre wurde.

El Capitan Theatre
bouwurk
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county Los Angeles County
plak Los Angeles
adres 6838 Hollywood Boulevard
koördinaten 34°06′04″ N 118°20′23″ W
bysûnderheden
type bouwurk bioskoop
keatling Buena Vista Theatres
boujier 1926
arsjitekt G. Albert Lansburgh
Stile O. Clements
boustyl Spanish Colonial Revival
monumintale status Histoarysk-Kultureel
   Monumint fan
   Los Angeles
monumintnûmer 495
oare ynformaasje
tal ferdjippings 6
kapasiteit 1.100
offisjele webside
elcapitantheatre.com
kaart
El Capitan Theatre (Hollywood)
El Capitan Theatre
Lokaasje yn Hollywood.

It El Capitan Theatre waard yn 1926 boud as in skouboarch troch projektûntwikkeler Charles E. Toberman, de saneamde "Heit fan Hollywood", y.g.m. bioskoopútbater Sid Grauman, dy't ek eigner wie fan Grauman's Egyptian Theatre en Grauman's Chinese Theatre. It El Capitan stie yn 'e 1920-er jierren bekend as "Hollywoods Earste Thús foar Sprutsen Drama". Dat hie dermei te krijen dat der toanielfoarstellings op 'e planken brocht waarden, wylst yn 'e bioskopen doedestiden inkeld stomme films te sjen wiene. De earste foarstelling wie Charlot's Revue mei Gertrude Lawrence en Jack Buchanan op 3 maaie 1926. Yn totaal waarden der yn it El Capitan Theatre mear as 120 toanielfoarstellings opfierd. Dêroan wurken sels sokke Hollywoodleginden as Clark Gable en Joan Fontaine mei.

Yn 'e twadde helte fan 'e 1930-er jierren begûn it te knipen fanwegen de Grutte Depresje, en om't der almar minder publyk kaam, waarden er hieltyd minder foarstellings opfierd. Op 't langelêst waard it El Capitan Theatre omfoarme ta in bioskoop en begûn men der films te fertoanen. De earste grutte film dy't der draaide, wie Citizen Kane fan Orson Welles yn maaie 1941. Fuort dêrnei gie de bioskoop in jier ticht foar ferbouwing nei't er kocht wie troch filmstudio Paramount Pictures. Dêrby waard it ynterieur folslein modernisearre. De bioskoop gie yn 1942 wer iepen ûnder de namme fan Hollywood Paramount Theater. De earste film dy't der doe draaid waard, wie Reap the Wild Wind fan Cecil B. DeMille.

It El Capitan Theatre bleau de wichtichste bioskoop fan Paramount Pictures oan 'e Amerikaanske westkust oant de studio yn 1948 troch it fûnis fan it Amerikaansk Heechgerjochtshôf yn 'e anty-trustsaak U.S. vs. Paramount Pictures et al. twongen waard om syn bioskoopkeatling te ferkeapjen. Neitiid wie it El Capitan Theatre jierrenlang yn 'e hannen fan bioskoopkeatling United Paramount Theatres, en dêrnei gie it fan 'e iene yn 'e oare hân oer oant it yn 1985 yn it besit kaam fan Pacific Theatres. Ein 1980-er jierren kocht The Walt Disney Company in mearderheidsbelang yn dat bedriuw oan, wat late ta in nije yngeande renovaasje wêrfoar't it El Capitan Theatre fan 1989 oant 1991 ticht wie. Underwilens waard de bioskoop yn 1990 troch de gemeente Los Angeles oanwiisd as in Histoarysk-Kultureel Monumint fan Los Angeles.

De ferdjippings boppe de bioskoop hiene fan it begjin ôf oan yn gebrûk west troch oare bedriuwen. Barker Bros. Furniture Emporium, in meubelsaak, siet dêr fan 1926 oant de twadde helte fan 'e 1970-er jierren, en dêrnei waard de romte ferkocht oan oare bedriuwen. Troch de ierdbeving fan Northridge waard yn 1994 de stabiliteit fan it gebou oantaast en om't it sprinklersysteem ôfgie, wie it fan binnen ek in grutte rommel. De eigner fan 'e boppeste ferdjippings hold it doe foar besjoen, sadat it besit oergie op 'e bank dy't syn hypoteek ferstrutsen hie, CUNA Mutual Group. Mei Disney as fêste hierder seach CUNA Mutual de hege kosten fan restauraasje wol sitten, dat der waard $10 miljoen bestege om it gebou wer hielendal op te knappen, net inkeld de bioskoop, mar ek de kantoarromten dêrboppe. It gebou waard ek foar nochris $3 miljoen seismysk bestindige tsjin takomstige ierbevings. De ferbouwing wie op 'e tiid klear foar de premiêre fan 'e tekenfilm The Hunchback of Notre Dame op 21 juny 1996.

 
It ynterieur fan it El Capitan Theatre.

Fan 'e premiêre fan 'e tekenfilm Toy Story ôf, op 18 novimber 1995, oant 1 jannewaris 1996 hierde Disney de oanbuorjende Frijmitselderstimpel fan Hollywood foar Totally Toy Story, in tydlik temapark en promoasjebarren foar de film. Dat befoel sa goed dat Buena Vista Pictures Distribution, in dochterûndernimming fan Disney, de timpel yn july 1998 oankocht en der it El Capitan Entertainment Centre fan makke, dat brûkt wurdt foar promoasje fan grutte nije Disney-films. Der waard ek in Disney Store fêstige. Yn maart 2020 die CUNA Mutual de bioskoop en boppelizzende ferdjippings yn 'e ferkeap, wêrnei't it hiele gebou oankocht waard troch Disney. Datselde jiers gie de bioskoop tydlik ticht omreden fan 'e koroanafiruspandemy, en doe't er yn 2021 wer iepengie, mochten der ynearsten mar 100 minsken tagelyk by filmfertoanings oanwêzich wêze fanwegen de oardel meter ôfstân dy't oanholden wurde moast.

Arsjitektuer

bewurkje seksje

It El Capitan Theatre beset de grûnferdjipping yn in kantoargebou fan seis etaazjes, dat boud is yn 'e California Churrigueresque-styl fan 'e yn Súdlik Kalifornje rûnom foarkommende Spanish Colonial Revival-arsjitektuer. De bûtenkant fan it gebou waard ûntwurpen troch Stiles O. Clements fan arsjitekteburo Morgan, Walls & Clements, wylst it ynterieur it wurk wie fan G. Albert Lansburgh. Fan binnen is it El Capitan Theatre in mingsel fan boustilen: Britsk-Yndysk yn 'e 1.100 sitplakken tellende filmseal, Ingelske Tudor-styl mei beskot yn 'e lobby en Italjaanske barok op 'e fasade. De bioskoop omfettet in grut Wurlitzer-bioskoopoargel, dat yn 1995 tafoege waard nei't it oarspronklik yn 1929 boud wie foar it Fox Theatre yn San Francisco.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.