Young Artist Award

De Young Artist Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't op jierlikse basis útrikt wurde oan nije talinten op it mêd fan film, tillefyzje, teäter en muzyk. Dizze prizen wurde ek wolris de "Oscars foar bern" neamd. De tawizing en útrikking fan 'e prizen wurdt dien troch de Young Artist Association, in non-profitorganisaasje dy't dêrta yn 1978 oprjochte waard, doe noch ûnder de namme fan Youth in Film Association.

Young Artist Award
algemiene ynformaasje
hist. namme Youth in Film Award
nasjonaliteit Amerikaansk
útrikt foar film, tillefyzje, teäter, muzyk
útrikt troch Young Artist Association
frekwinsje 1x jiers
datum sûnt 2012 begjin maaie
plak Los Angeles (Kalifornje)
ynsteld 1978
1e útrikking 1979
offisjele webside
www.youngartistawards.org

De Young Artist Awards hieten oarspronklik Youth in Film Awards, en waarden yn 1979 foar it earst útrikt. De útrikkingsseremoanje fynt plak yn súdlik Kalifornje, ornaris yn Los Angeles (mar yn 1983 yn Beverly Hills). Sûnt 2012 wurdt de seremoanje holden yn begjin maaie. Oarspronklik wiene der alve kategoryen wêryn't de Young Artist Awards takend waarden, mar meitiid binne der almar mear bykommen. Boppedat binne de measte kategoryen tsjintwurdich opspjalte tusken jonge artysten ûnder en boppe de tsien jier.

Tawizingsproses

bewurkje seksje

Kandidaten foar de Young Artist Awards moatte tusken de 5 en 21 jier âld wêze, en wurde yn 'e regel oandroegen troch film-, tillefyzje-, teäter- of muzykprodusinten, of troch harren eigen ympressariaat. It kandidearringsproses wurdt oan 'e ein fan jannewaris of it begjin fan febrewaris ôfsletten, wêrnei't de organisaasje út 'e kandidaten in oersichtlik tal artysten nominearret foar de eigentlike prizen. Dêrút wurde de winners útornearre troch in stimming ûnder de leden fan 'e Young Artist Association.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.