Robert Loggia (wiere namme: Salvatore Loggia; New York, 3 jannewaris 1930Los Angeles, 4 desimber 2015) wie in Amerikaansk akteur en regisseur fan Sisyljaansk komôf. Hy waard bekend mei rollen yn films as Scarface, Prizzi's Honor en An Officer and a Gentleman en yn tillefyzjesearjes as Mancuso, FBI en The Sopranos. Loggia waard nominearre foar in Oscar en twa kear foar in Emmy Award, en wûn yn 1988 in Saturn Award.

Robert Loggia
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Salvatore Loggia
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 3 jannewaris 1930
berteplak New York (New York)
stoarn 4 desimber 2015
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Italjaansk
reg. identiteit Sisyljaansk
jierren aktyf 19512015
prizen Saturn Award 1988
offisjele webside
Robert Loggia yn 'e IMDb

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Salvatore Loggia waard yn 1930 berne op Staten Island, in borough fan 'e stêd New York. Hy wie de soan fan 'e skuonmakker Beniamino Loggia, dy't berne wie yn it doarp Palma di Montechiaro, op Sisylje, en dy syn frou Elena Blandino, berne yn Vittoria, ek op Sisylje. Loggia groeide op yn 'e Italjaanske ymmigrantebuert Little Italy, op Manhattan, en wie fan hûs út Italjaansktalich.

Loggia trochrûn de middelbere skoalle oan 'e New Dorp High School, en learde neitiid fierder oan it Wagner Kolleezje. Hy studearre in blaumoandei sjoernalistyk oan 'e Universiteit fan Missoery, mar stapte al rillegau oer nei de Noardwestlike Universiteit, yn Evanston, ûnder de reek fan Chicago, dêr't er ûnder Alvina Krause aktearlessen folge. Letter learde er fierder ûnder Stella Adler oan 'e Actor's Studio, yn New York. Hy ûnderbriek syn stúdzjetiid om yn it Amerikaanske Leger te tsjinjen, dêr't er de rang fan luitenant berikte en wurke as nijslêzer op tillefyzje en radio foar it Southern Command Network yn 'e Panamakanaalsône.

Fan 1951 ôf stie Loggia yn New York op 'e planken, en yn 1955 makke er syn debút op Broadway yn it toanielstik The Man with the Golden Arm. In jier letter hied er syn earste roltsje yn in film, wêrfoar't er lykwols net op 'e ôftiteling fermelden waard. Yn 1958 briek er troch mei syn rol as sheriff Elfego Baca yn 'e Disney-tillefyzjesearje The Nine Lives of Elfego Baca.

Yn 1966 hie Loggia fierders de haadrol yn 'e etektivesearje T.H.E. Cat, oer in ynbrekker dy't sirkusartyst wurden is en yn syn frije tiid misdieden oplost. Doe't dy searje fanwegen ôffallende sjochsifers al rillegau stopset waard, makke Loggia in midlifekrisis troch dy't er letter omskriuwe soe as in "Dante-eske delgong yn 'e hel." Hy rekke al syn selsfertrouwen kwyt en seis jier lang liek syn karriêre oan diggels te lizzen. Syn earste houlik gie der úteinlik oan stikken en hy klaude pas wer by de wâl op doe't er yn 'e kunde kaam mei Audrey O'Brien, dy't letter syn twadde frou wurde soe.

 
Loggia yn 1966.

Yn 'e 1960-er en 1970-er jierren hie Loggia gastrollen yn û.m. de plysjesearjes The Untouchables, Starsky and Hutch, Columbo, Kojak en Hawaii Five-0, de westernsearjes Gunsmoke, The High Chaparral, The Big Valley en Rawhide, de detektivesearje Ellery Queen, en de aksjesearje Charlie's Angels. Letter wied er ek te sjen yn gastrollen yn 'e westersearje The Little House on the Prairie, de soapsearje Falcon Crest, de detektivesearje Magnum, P.I. en de komeedzjesearjes Dharma & Greg, Frasier en Malcolm in the Middle. Yn 2004 hied er in weromkearende rol yn 'e misdiesearje The Sopranos, yn 'e rol fan 'e gewelddiedige maffioso Feech La Manna. Dêrnjonken wie Loggia ek as tillefyzjeregisseur aktyf, û.m. fan ôfleverings fan 'e detektivesearjes Quincy M.E., Magnum, P.I. en Hart to Hart.

Regisseur Blake Edwards caste Loggia fierders gauris yn byrollen yn syn films, wêrûnder Revenge of the Pink Panther (1978) en S.O.B. (1981). Om dyselde tiid hinne wie Loggia ek te sjen yn 'e slapstickfilm Flatfoot in Egypt, mei Bud Spencer. Ek spile Loggia yn 'e film Mercy Mission: The Rescue of Flight 771 (1983), dy't basearre wie op in wierbard ynsidint mei Air New Zealand-flecht 103. Begjin 1980-er jierren waard er fierders wrâldferneamd mei rollen yn 'e maffiafilms Scarface (1983) en Prizzi's Honor (1985), en as in gewelddiedige sûplap (de heit fan it personaazje fan haadrolspiler Richard Gere) yn An Officer and a Gentleman (1982).

Ek mei syn rol as generaal William Grey, de sjef fan 'e generale stêf fan 'e Amerikaanske Striidkrêften yn 'e science fiction-film Independence Day (1996), krige Loggia in protte bekendheid. Yn 2016 kroep er foar in cameo yn 'e film Independence Day: Resurgence nochris yn 'e hûd fan Grey. Fierders wied er yn 'e 1990-er jierren û.m. te sjen yn 'e science fiction-film Lifepod (1993), de westernfilm Bad Girls (1994) en de aksjefilm I Love Trouble (1994).

Loggia waard yn 1986 nominearre foar in Oscar (de wichtichste Amerikaanske filmpriis) foar syn rol fan 'e gnoarrige privee-detektive Sam Ransom yn 'e skriller Jagged Edge (1985). Yn 1990 folge in nominaasje foar in Emmy Award (de wichtichste Amerikaanske tillefyzjepriis) foar syn rol fan 'e FBI-agint Nick Mancuso yn 'e plysjesearje Mancuso, FBI. Yn 2001 waard Loggia jitris nominearre foar in Emmy foar syn byrol fan pake Victor yn 'e komeedzjesearje Malcolm in the Middle. Fierders wûn er yn 1988 in Saturn Award yn 'e kategory bêste byrol fan in akteur foar syn optreden yn 'e film Big.

 
Robert Loggia mei syn twadde frou Audrey yn 2012 op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Miami.

Mei syn djippe, gnarsende stim krige Loggia ek in protte wurk as stimakteur. Sa wurke er yn 1988 mei oan 'e Disney-tekenfilm Oliver & Company. Letter wied er as stimakteur û.m. belutsen by de produksje fan 'e kompjûterspultsjes FreeSpace 2 (1999), Scarface: The World is Yours (2006) en Grant Theft Auto III (2010), en de tekenfilm The Dog of Flanders (1997). Teffens hied er in weromkearende rol yn 'e tekenfilmsearje Tom Goes to the Mayor (2004-2006).

Priveelibben

bewurkje seksje

Loggia troude yn 1954 mei Marjorie Sloan, mei wa't er trije bern krige: Tracey, John en Kristina. Syn soan waard produksje-ûntwerper, en syn beide dochters aktrise. Troch Loggia syn midlifekrisis rekke syn houlik mei Sloan yn 'e twadde helte fan 'e 1960-er jierren yn 'e swierrichheden, en dat kaam nea wer goed. Uteinlik skieden se yn 1981. It jiers dêrop wertroude Loggia mei de sakefrou Audrey O'Brien, dy't in dochter út in eardere relaasje hie, Cynthia Marlette. Dyselde waard sadwaande Loggia syn styfdochter. Loggia en O'Brien bleaune oant syn ferstjerren byinoar.

Op 17 desimber 2011 ûntfong Loggia in earedoktoraat fan 'e Universiteit fan Missoery, dêr't er as jongeman oan studearre hie.

Yn 2010 waard by Loggia de sykte fan Alzheimer fêststeld. Likegoed gied er suver oan syn dea ta troch mei aktearjen. Hy ferstoar op 4 desimber 2015 yn syn hûs yn 'e Los Anzjelynske wyk Brentwood, oan komplikaasjes feroarsake troch syn krupsje. Robert Loggia waard 85 jier.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1956 Somebody Up There Likes Me Frankie Peppo net fermeld op 'e ôftiteling
1957 The Garment Jungle Tulio Renata
1958 Cop Hater resjersjeur Steve Carelli
1958 The Lost Missile dr. David Loring
1963 Cattle King Johnny Quatro
1965 The Greatest Story Ever Told Joazef fan Nazaret
1966 The Three Sisters Solyony
1966 Elfego Baca: Six Gun Law Elfego Baca
1969 Che! Faustino Morales
1974 Two Missionaries Marches Gonzaga
1977 Speedtrap Spillano
1977 First Love John March
1978 Revenge of the Pink Panther Al Marchione
1980 The Ninth Configuration luitenant Bennish
1980 Flatfoot in Egypt Edward Burns
1981 S.O.B. Herb Maskowitz
1982 An Officer and a Gentleman Byron Mayo
1982 Trail of the Pink Panther Bruno Langois
1983 Psycho II dokter Bill Raymond
1983 Curse of the Pink Panther Bruno Langois
1983 Scarface Frank López
1985 Prizzi's Honor Eduardo Prizzi
1985 Jagged Edge Sam Ransom nom. Oscar foar bêste byrol fan in akteur
1986 Armed and Dangerous Michael Carlino
1986 That's Life! pastoar Baragone
1987 Over the Top Jason Cutler
1987 Hot Pursuit "Mac" MacClaren
1987 The Believers ynspekteur Sean McTaggert
1987 Gaby: A True Story Michel Brimmer
1987 Amazon Women on the Moon generaal McCormick net fermeld op 'e ôftiteling; segmint The Unknown Soldier
1988 Big MacMillan Saturn Award foar bêste byrol fan in akteur
1988 Oliver & Company Sykes as stimakteur
1989 Relentless Bill Malloy
1989 Triumph of the Spirit pastoar Arouch
1990 Opportunity Knocks Milt Malkin
1991 The Marrying Man Lew Horner
1991 Necessary Roughness coach Wally Rig
1992 Gladiator "Pappy" Jack
1992 Innocent Blood Sallie "The Shark" Macelli
1992 Spies Inc. Mac
1993 Lifepod direkteur Banks
1994 Bad Girls Frank Jarrett
1994 The Last Tattoo kaptein-luitenant-op-see Conrad Dart   
1994 I Love Trouble Matt Greenfield
1995 Coldblooded Gordon
1995 Man with a Gun Philip Marquand
1996 Independence Day generaal William Grey
1997 Lost Highway Dick Laurent / Eddy
1997 Smilla's Sense of Snow Moritz Jasperson
1997 The Dog of Flanders pake Jehan oarspronklike Japanske titel: Furandāsu no Inu; stimakteur yn 'e Ingelske neisyngronisearring
1997 The Don's Analyst don Vito Leoni
1998 Wide Awake pake Beal
1988 The Proposition Hannibal Thurman
1988 Holy Man John McBainbridge
1988 Hard Time Connie Martin
1999 The Suburbans Jules
1999 Flypaper Marvin
1999 American Virgin Ronny
2000 Return to Me Angelo Pardipillo
2001 Dodson's Journey Opti Dodson
2001 The Shipment Frank Colucci
2001 All Over Again Zack
2005 The Deal Jared Tolson
2006 Funny Money Feldman
2006 Rain Jake Marvin
2006 Forget About It Carl Campobasso
2006 Wild Seven Mackey Willis
2008 The Boneyard Collection ?
2008 The Least Of These pastoar William Jennings
2009 Shrink dokter Robert Carter
2010 Harvest Siv
2010 Obituary of the Sun Samuel Levine
2011 Fake Seamus White
2011 The Grand Theft generaal McAvoy
2011 The Great Fight dr. Salvatore Reno
2011 The Life Zone John Lation / Satan
2012 Apostle Peter and the Last Supper de apostel Petrus
2012 Tim and Eric's Billion Dollar Movie Tommy Schlaaang
2012 The Diary of Preston Plummer John Percy
2012 Margarine Wars pake Griswold
2013 Real Gangsters Tanno
2014 Snapshot Paul Grady
2014 Scavenger Killers dokter Montgomery
2014 An Evergreen Christmas Pops
2014 The Big Fat Stone pastoar Walter
2015 Bleeding Hearts sheriff Wilson
2015 No Deposit Sydney Fischer
2015 Sicilian Vampire Santino Trafficante sr.
2016 Independence Day: Resurgence generaal William Grey cameo; postúm útbrocht
2016 The Red Maple Leaf Patrick Adams sr. postúm útbrocht
2017 Cries of the Unborn Lation postúm útbrocht
2019 The Savant dokter Salvatore Reno postúm útbrocht
tillefyzje
1959 Wagon Train José Maria Moran gastrol; ôfl. The Jose Maria Moran Story
1959 Alcoa Presents: One Step Beyond Tom Grant gastrol; ôfl. The Hand
1962 The Untouchables Leo Mencken gastrol; ôfl. Takeover
1963 Alfred Hitchcock Presents sjauffeur gastrol; ôfl. You'll Be the Death of Me
1965 Combat! Etienne gastrol; ôfl. The Tree of Moray
1965 Gunsmoke luitenant Cal Tripp gastrol; ôfl. Chief Joseph
1965 The Wild Wild West Warren Trevor gastrol; ôfl. The Night of Sudden Death
1966–1967 T.H.E. Cat Thomas Hewitt Edward Cat fêste rol; 26 ôfl.
1968 The Big Valley Vern Hickson gastrol; ôfl. The Profit and the Lost
1968 The High Chaparral Chio gastrol; ôfl. The Deceivers
1974 Cannon ? gastrol; 1 ôfl.
1974 Mannix ynspekteur Varga gastrol; ôfl. Bird of Prey
1975 Starsky & Hutch Ben Forest gastrol; ôfl. The Fix
1975 S.W.A.T. Joe Stevens gastrol; ôfl. Hit Men
1976 Cannon ? gastrol; 1 ôfl.
1976 Columbo Harry gastrol; ôfl. Now You See Me
1976 The Moneychangers Tony "Tony Bear" weromkearende rol; 2 ôfl.
1976–1977 The Rockford Files Manny Arturis weromkearende rol; 2
1976 Wonder Woman Hans Eichler gastrol; ôfl. Wonder Woman vs Gargantua
1976 Street Killing Louis Spillane tillefyzjefilm
1977 Raid on Entebbe Yigal Allon tillefyzjefilm
1978 The Rockford Files Russell Nevitt gastrol; ôfl. Rosendahl and Gilda Stern Are Dead
1980–1986 Magnum, P.I. Philippe Trusseau weromkearende rol; 3 ôfl.
1981 Fantasy Island Porter Brockhill gastrol; ôfl. The Heroine/The Warrior
1982 A Woman Called Golda presidint Anwar Sadat fan Egypte minysearje
1982 Little House on the Prairie Thomas Stark gastrol; ôfl. Rage
1983–1984 Emerald Point N.A.S. Yuri Bukharin fêste rol; 16 ôfl.
1987 Echoes in the Darkness Jay Smith weromkearende rol; 2 ôfl.
1987 Conspiracy: The Trial of the Chicago 8 William Kunstler tillefyzjefilm
1988 Favorite Son Nick Mancuso gastrol; ôfl. Part One
1989–1990 Mancuso, F.B.I. FBI-agint Nick Mancuso fêste rol; 20 ôfl.
nom. Emmy Award foar bêste akteur yn in dramasearje
1991 Sunday Dinner Ben Benedict minysearje; 6 ôfl.
1993 Wild Palms senator Anton Kreutzer minysearje; 5 ôfl.
1993 Mercy Mission: the Rescue of Flight 771    Gordon Vette tillefyzjefilm
1994 Picture Windows Merce gastrol; ôfl. Armed Response
1996 The Right to Remain Silent ynspekteur Mike Brosloe tillefyzjefilm
1996 Mistrial kaptein Lou Unger tillefyzjefilm
1999 Joan of Arc pastoar Monet minysearje; 2 ôfl.
2000 Dharma & Greg generaal Kirby gastrol; ôfl. Hell No, Greg Can't Go
2000 Malcolm in the Middle pake Victor gastrol; ôfl. The Grandparents
nom. Emmy Award foar bêste gastrol fan in akteur yn in komeedzjesearje
2000 Frasier Stefano gastrol; ôfl. The Three Faces of Frasier
2000 The Outer Limits rjochter Earl Clayton gastrol; ôfl. Final Appeal
2000 Touched by an Angel Chandler Crowne gastrol; ôfl. Restoration
2003 Queens Supreme rjochter Thomas O'Neill fêste rol; 13 ôfl.
2004 The Sopranos Feech La Manna weromkearende rol; 4 ôfl.
2006 Tom Goes to the Mayor Lew Petersen as stimakteur; gastrol; ôfl. Saxman
2008 Monk Louie Flynn gastrol; ôfl. Mr. Monk Takes a Punch
2010 Hawaii Five-0 boatsman 1e klasse Ed McKay gastrol; ôfl. Ho'apano
2010–2011 Men of a Certain Age Artie weromkearende rol; 3 ôfl.
2011–2013 Family Guy himsels live-action cameo; weromkearende rol; 2 ôfl.
fideospultsjes
1999 Freespace 2 admiraal Petrarch as stimakteur
2001 Grand Theft Auto III Ray Machowski as stimakteur
2006 Scarface: The World Is Yours ferteller / boarger as stimakteur

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.