Oflevering

(Trochferwiisd fan Ôfl.)

In ôflevering is in gearhingjende narratologyske ienheid binnen in grutter dramatysk wurk. In synonym is it wurd episoade (fan it Aldgrykske ἐπεισόδιον, epeisodion), dêr't oarspronklik it sprutsen materiaal mei oantsjutten waard tusken twa lieten of oades yn in Aldgrykske trageedzje. Mei 'ôflevering' wurdt tsjintwurdich yn 'e regel ferwiisd nei in diel út in tillefyzjesearje of in minysearje. De moderne betsjutting fan 'episoade' is breder as 'ôflevering', sadat der ek mei ferwiisd wurde kin nei in passaazje út in toanielstik of in film of út in haadstik fan in boek.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.