Sersjant
In sersjant is in ûnderofsier yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by it grutste part fan 'e lânmacht en fierders by de marine, de loftmacht en de mariniers. It ekwivalint by de maresjesee en de lânmachtwapens fan 'e kavalery en de artillery is de wachtmaster. By de mariniers is de formele rangoantsjutting eins sersjant-marinier. By de lânmacht en de loftmacht besteane twa gradaasjes: de (hegere) sersjant 1e klasse en de (legere) sersjant. Yn alle gefallen is de oansprektitel "sersjant", útsein by de Operasjonele Tsjinst en Nautyske Tsjinst fan 'e marine, dêr't om histoaryske redens de oansprektitel "boatsman" brûkt wurdt.
De boppelizzende rang is yn alle gefallen sersjant-majoar; de ûnderlizzende rang is korporaal by de marine en de mariniers en korporaal 1e klasse by de lânmacht en de loftmacht. Dêrmei is sersjant de leechste wiere ûnderofsiersrang (mei't de korporaalsrangen dêr formeel net ta rekkene wurde). De term 'sersjant' is ôflaat fan it Frânske serre gens, "dyjinge dy't de rangen fan 'e manlju (yn slachoarder) opinoar oanslute lit".
Skematysk oersjoch
bewurkje seksjeOersjoch fan 'e sersjantsrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:
lânmacht en mariniers |
marine | loftmacht |
---|---|---|
sersjant 1e klasse of wachtmaster 1e klasse1 |
sersjant | sersjant 1e klasse |
sersjant of wachtmaster1 |
sersjant |
Yn 'e Nederlânske kriichsmacht
bewurkje seksje(oansprektitels kursyf werjûn)
Keninklike Lânmacht (KL) | Keninklike Marine (KM) | Keninklike Loftmacht (KLu) | Keninklike Maresjesee (KMar) | ||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
NATO rang OR-6 | NATO rang OR-5/6 | NATO rang OR-6 | |||||
sersjant 1e klasse sersjant (by de artillery en kavalery: wachtmaster 1e klasse, wachtmaster) |
sersjant sersjant (Operasjonele Tsjinst/Nautyske Tsjinst: boatsman; by it Korps Mariniers: sersjant-marinier, sersjant) |
sersjant 1e klasse sersjant |
wachtmaster 1e klasse wachtmaster | ||||
NATO rang OR-5 | NATO rang OR-5 | ||||||
sersjant sersjant (by de artillery en kavalery: wachtmaster wachtmaster) |
sersjant sersjant |
wachtmaster wachtmaster |
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |