Drive-by shooting
In drive-by shooting is in soarte fan oanslach, wêrby't de dieder(s) mei in fjoerwapen út in ridend motorfiertúch wei sjitte en dêrnei daliks útnaaie. De bedoeling fan sa'n misdriuw is om it slachtoffer te fermoardzjen of te ferwûnjen. Om't it tige dreech is om út in ridend fiertúch wei immen te reitsjen dy't sels net stil stean bliuwt te wachtsjen oant er rekke wurdt, komt by sokke oanslaggen yn 'e regel in grut tal ferdwaalde kûgels foar, dy't net selden ûnskuldige omstanners fataal wurde.
Drive-by shootings wurde almeast assosjearre mei geweld tusken strjitbindes yn 'e earmere wiken fan grutte stêden yn 'e Feriene Steaten. Lykwols fine se ek wol plak yn oare lannen mei in soad binderelatearre geweld foar, lykas Meksiko, Kolombia of Brazylje. Sels yn West-Jeropa komme sokke oanslaggen inkeld wol foar. Behalven moard en ferwûning is ek yntimidaasje fan leden fan rivalisearjende bindes yn 'e regel ien fan 'e doelen. Meastal giet it by konflikten dy't útrinne op drive-by shootings om territoriale skelen tusken drugsbindes. Ferskate Amerikaanske hiphop-artysten binne deade by drive-by shootings, wêrûnder Tupac Shakur, The Notorious B.I.G., Big L en Mac Dre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |