Typecasting is in ferskynsel yn film, tillefyzje en toaniel wêrby't in beskate akteur of aktrise (te) sterk identifisearre rekket mei in beskaat type rol of mei in beskate rol. It is in Ingelske term dy't it wurd 'type' kombinearret mei 'casting', dat safolle betsjut as 'útkieze foar in rol as akteur'. As it by typecasting om ien beskate rol giet, sprekt men yn it Nederlânsk wol fan it Swiebertje-effect, mei't Joop Doderer, dy't de lânrinner Swiebertje spile yn 'e bernesearje mei deselde namme, dêr yn Nederlân in treflik foarbyld fan is. Akteurs wolle oer it algemien tsjin eltse priis foarkomme dat se typecast wurde, mei't soks tige neidielige gefolgen foar harren fierdere karriêre hawwe kin. It kin bygelyks wêze dat sokke akteurs nea mear foar in oarsoartige rol frege wurde, of sels dat se hielendal gjin wurk mear fine kinne.

In hiel bekend foarbyld fan typecasting is wat der barde mei de cast fan 'e oarspronklike Star Trek-tillefyzjesearje, dy't fan 1966 oant en mei 1969 op 'e Amerikaanske tillefyzje te sjen wie. De akteurs fan dy searje rekken nammentlik sa sterk mei harren rollen identifisearre, dat neitiid inkeld William Shatner ('kaptein James T. Kirk') en Leonard Nimoy ('Mr. Spock') noch betelle rollen krije koene, en dat mei muoite en foar in folle leger salaris as dêr't se eins rjocht op hiene. De oare akteurs, lykas Nichelle Nichols ('luitenant Uhura'), James Doohan ('Mr. Scott') en DeForrest Kelley ('dokter McCoy') wurken neitiid frijwol nea mear as akteur, útsein yn 'e seis films dy't op basis fan 'e tillefyzjesearje makke waarden. Fierders bestie harren ynkommen foar it meastepart út persoanlike optredens op science fiction-konvinsjes. It tydskrift Parade skreau yn 1978 oer de cast fan 'e oarspronklike Star Trek-rige: "[Se] rekken de behearsking oer harren lotsbestimmings kwyt op it eigenste stuit dat se yn 1966 op 'e brêge fan 'e sabeare Enterprise stapten."

Guon fan 'e akteurs dy't yn 'e 1980-er jierren yn 'e ferfolchsearje Star Trek: The Next Generation spilen, waarden ek typecast. Patrick Stewart ('kaptein Jean-Luc Picard') fertelde yn 2010 yn in fraachpetear dat er ris audysje die foar in film, en dat "in foaroansteande Hollywood-regisseur […] tsjin my sei 'Wêrom soe ik kaptein Picard yn myn film hawwe wolle?' Dat die sear." Syn meast promininte rol yn films en op 'e tillefyzje nei Star Trek wie dy fan Professor X yn 'e X-Men-superheldefilms, dy't kwa karakter en hâlden en dragen sterk op Picard liket. Oarsoartige rollen spilet Stewart benammen op 'e planken, as de Shakespeare-akteur dy't er ek al wie ear't er foar Star Trek: The Next Generation frege waard. Oan 'e oare kant wie it sa dat Star Trek: The Next Generation ien fan 'e grutste budgetten fan tillefyzjesearjes út dy tiid hie, en dat de cast tige ryk waard fan harren rollen. Jonathan Frakes ('earste ofsier William T. Riker') sei yn 2001 yn in fraachpetear: "it is better om typecast te wurden as om hielendal net cast te wurden."

Oare foarbylden fan akteurs dy't (faak) typecast wurde of waarden, binne Woody Allen, dy't hast allinnich mar neuroatyske yntellektuële mantsjes spilet; Louis de Funès, dy't inkeld opljeppende driftkikkerts spile; Al Pacino, waans oeuvre foar in grut diel bestiet út driftige, lûd pratende gangsters; en Hugh Grant, dy't al withoefolle kearen te sjen wie as in knoffelige en dêrtroch sjarmante ferlieder. Der binne lykwols ek akteurs dy't it op faak mirakuleaze wize slagge is om oan typecasting te ûntkommen. Men kin dan tinke oan Harrison Ford, dy't witten hat foar te kommen dat it filmpublyk him útslutend as Han Solo (út 'e Star Wars-rige) of Indiana Jones (út 'e Indiana Jones-searje) begûn is te sjen. In oar foarbyld is Sean Connery, dy't sterk identifisearre wurdt mei de rol fan geheim agint James Bond (út 'e lyknammige filmrige), mar dy't dêr dochs nea troch behindere is om ek in breed ferskaat oan oare rollen te spyljen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.