Max Carl Adolf von Sydow (Lund, 10 april 1929 - Provâns (Frankryk), 8 maart 2020) wie in Sweedske akteur en filmregisseur. Hy wie ek Frânsk boarger sûnt 2002. Hy hie glânsrollen yn in protte films en byrollen yn tsientallen oaren. Von Sydow hat meidien yn films yn tal fan spraken, lykas Sweedsk, Ingelsk, Italjaansk, Dútsk, Deensk en Spaansk.

Max von Sydow
akteur
Max von Sydow, 2005
Max von Sydow, 2005
persoanlike bysûnderheden
echte namme Max Carl Adolf von Sydow
nasjonaliteit Flagge fan Sweden Sweedsk
flagge fan Frankryk Frânsk
berne 10 april 1929
berteplak Lund
stoarn 8 maart 2020 (90 jier)
stjerplak Provâns
etnisiteit 8 maart 2020
jierren aktyf 1949-2020
offisjele webside
(in) IMDb-profyl
Von Sydow yn 1992

Max von Sydow waard troch de films fan Ingmar Bergman ynternasjonaal ferneamd; it smiet moaie karakterrollen foar him op, al hat er faak de rol fan 'minnen ien' tawiisd krigen. Dat hie eat te krijen mei de wat strange útstrieling fan syn antlit. Fral yn Amerika hat dat lêste him wolris opbrutsen.

Syn grutste sukses hie er mei kwaliteitsrollen yn de films Hawaii (1966) en The Exorcist (1973); foar beide rollen krige er in Golden Globe-nominaasje. Mei de troch himsels regissearre film Katinka (Ved vejen, 1988), fertsjinne Von Sydow de Guldbagge Best Director Award.

Persoanlik bewurkje seksje

Op 1 augustus 1951 troude von Sydow mei aktrise Kerstin Olin, by wa't er twa soannen hat, Claes en Henrik. Dizze bern dienen mei him mei yn de film Hawaii. (Yn de film spylje sy Abner Hale's (Von Sydow) soan op ferskillende âldens.) Yn 1996 giene Olin en von Sydow út elkoar.

Von Sydow boaske dêrnei mei de Frânske filmmakster Catherine Brelet op 30 april 1997 yn de Provence; sy hawwe twa soannen, Yvan en Cedric. Hy wennet op 't heden mei syn frou yn Parys en follet syn tiid mei lêzen, harkje nei muzyk en túnkjen. Hy wie sûnt 2002 Frânsk én Sweedsk steatsboarger.

Filmografy bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje