August Strindberg

Johan August Strindberg (Stockholm, 22 jannewaris 1849 – dêre, 14 maaie 1912) wie in Sweedsk auteur, keunstskilder en fotograaf. Hy hat fral as toanielskriuwer namme makke, mar syn wurk omfettet hast elts literêr sjenre.

August Strindberg
Strindberg, 56 jier (Richard Bergh)

Wurk en libben

bewurkje seksje

Hy wie it 4e bern yn in lytsboargerlike húshâlding mei acht bern yn Stockholm. Syn pake wie winkelman, syn heit in wat begoedige skipsmakelaar. Syn autoritêre heit boaske oan de tsjinstfaam, de dochter fan in skroar. Sy stoar lykwols al gau en heit wertroude mei in frommus dêr't August it mier oan hie. Strindberg begûn oan in stúdzje medisinen yn Uppsala, mar makke dy net ôf. Hy besocht doe om akteur te wurden, mar dat slagge net. It smiet him lykwols al in baan as skriuwer op.

Yn it earstoan skreau Strindberg fral gedichten. Yn dat wurk brûkte er mei opsetsin net-poëtyske wurden om sa stelling te nimmen tsjin de let-romantyske streaming. It wurk tsjûget fan striidberens en de klam leit op it fernijende.

Yn 1892 begûn Strindberg in bohèmelibben yn Dútslân en Frankryk. Yn Parys rekke er yn in swiere psychyske krisis, dy't er sels hieltyd Infernokrisis neamde (1894-1896). Lettere stúdzjes hawwe útwiisd dat der yndie psycho-patologyske aspekten oan sieten. Nei dy krisis seach er yn dat er opnij begjinne moast. Dêrtroch wurdt syn wurk wol yndield yn dat foar en nei de krisis. Yn syn twadde perioade jout er noch in dichtbondel út, dramatyk en lyryk hingje dêryn nei gear. De Infernokrisis brocht Strindberg ta in nij, ûndogmatysk en ûntsjerklik, mar wol kristlik leauwe, dêr't skuld en boete in foarname rol yn spylje. Neffens Strindberg wie it lijen in soarte fan mystyk barren en it libben in louteringstastân dy't minsken oplein wie. Hy hat dêrnei ek religieusk wurk skreaun, ynspirearre troch Emanuel Swedenborg.

De wichtichste Sweedske literêre priis, de Augustpriset, is nei Strindberg neamd.

Strindberg hat trijeris troud west; mei Siri von Essen (1850–1912), Frida Uhl (1872–1943) en Harriet Bosse (1878–1961). Hy sette by alletrije bern oan. Noch let yn syn libben moete er de jonge aktrise en skilderesse Fanny Falkner (1890–1963); hoe't dy ferhâlding der krekt útsjoen hat is striderij oer. Fierders hie er in koarte ferhâlding mei Dagny Juel, yn Berlyn, foardat er mei Frida troude; der is wol ornearre dat it nijs fan de moard op Dagny him besluten dien hat om de houliksreis mei Harriet net trochgean te litten.

Man-Frou ferhâlding

bewurkje seksje

Ál yn syn iere wurk behannele Strinberg de tradisjonele rollen fan de seksen en de seksuele moraal dy't troch de maatskippij oplein waarden en dy't er as ûnrjochfeardich beoardiele. Strindberg naam it yn syn wurk op foar de posysje fan de manlju en heiten, dy't it neffens him swier hawwe. Dit bringt er benamme ta útdrukking yn it toanielstik "De heit", dêr't er de striid tusken in heit en in mem oer it grutbringen fan harren dochter yn beskriuwt.

De swierrichheid fan it heit-wêzen is neffens Strindberg dat in man noait wis wêze kind dat syn bern eigen binne. It Mem-wêzen is wol altyd dúdlik. Dit bringt mei dat heiten ôfhinklik makke wurde fan memmen. Kritisy seagen dy opfetting as projeksje fan Strindberg syn persoanlike ûnderfinings, mar dat nimt net wei dat dit tema noch hieltiten maatskyplik ta de saak docht. De erkenning fan bern troch harren heiten is nammentlik noch hieltyd ôfhinklik fan de goedkarring fan de mem.
Foaral feministyske kritisy fine faak dat Strindberg in syklike frouwehater wie. Syn stellingen kamen him fuort al op in minne ferhâlding mei it him krekt ûntjaande feminisme te stean.

Niget oan it okkulte

bewurkje seksje

Strindberg hie, yn de rin fan syn libben, ferskate wat núveraardige ynteresses. Op in seker stuit wie er dwaande mei algemy en okkultisme en de skriuwsels fan Emanuel Swedenborg. Yn syn opfallende autobiografyske wurk 'Inferno' - yn it Frânsk skreaun - jout er in betiizjend en erchtinkend relaas fan syn jierren yn Parys. Hy wol hawwe dat it him doe slagge algemistyske proeven te dwaan en dat er swarte magy tapast hie op syn dochter.

Strindberg wie fierders noch telegrafist, keunstskilder en fotograaf. Hy fotografearre himsels in protte, dy selsportretten hearre ta syn bêste fotografysk wurk.

De 117 skilderijen dy't oan him taskreaun wurde kinne, wurde tsjintwurdich sjoen as guon fan de meast orzjinele fan de 19e iuw, mei om't se betiden nei it non-figurative útskaaie. [1]

Yn 1899 gie Strindberg werom nei Stockholm. De lêste jierren fan syn libben wie er iensum en tige op himsels. Hy stoar mei 63 jier oan de gefolgen fan wat faaks maachkanker west hat.

Dit is in ûnfolsleine bibliografy.

Autobiografysk

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Gunnarsson, Torsten, Nordic Landscape Painting in the Nineteenth Century, pages 256-60. Yale University Press, 1998. ISBN 0-300-07041-1
  2. Språkbanken, Göteborgske universiteit
  3. LIBRIS