Rush Hour 3
Rush Hour 3 is in Amerikaanske aksjekomeedzje en plysjefilm út 2007 ûnder rezjy fan Brett Ratner, mei yn 'e haadrollen Jackie Chan en Chris Tucker. De film heart ta de Rush Hour-franchise en is as sadanich in ferfolch op Rush Hour út 1998 en Rush Hour 2 út 2001. It ferhaal folget de Hongkongske plysje-ynspekteur Lee en resjersjeur Carter út Los Angeles as se by in ûndersyk nei de Sineeske Triaden nei Parys ta reizgje op it spoar fan 'e legindaryske Shai Shen. Rush Hour 3 krige fan 'e filmkritisy oer it algemien negative resinsjes, mar wie yn 'e bioskopen kommersjeel súksesfol. It wie lykwols it lêste diel dat yn 'e Rush Hour-filmsearje makke waard.
Rush Hour 3 | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Brett Ratner | |
produsint | Roger Birnbaum Jonathan Glickman Arthur M. Sarkissian Jay Stern Andrew Z. Davis | |
senario | Jeff Nathanson | |
kamerarezjy | J. Michael Muro | |
muzyk | Lalo Schifrin | |
filmstudio | Roger Birnbaum Productions Arthur Sarkissian Productions Unlike Film Productions | |
distribúsje | New Line Cinema | |
spilers | ||
haadrollen | Jackie Chan Chris Tucker | |
byrollen | Hiroyuki Sanada Noémie Lenoir Max von Sydow Youki Kudoh Zhang Jingchu | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 30 july 2007 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | aksjekomeedzje, plysjefilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Kantoneesk, Frânsk en Japansk | |
spyltiid | 91 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $125–140 miljoen | |
opbringst | $258,0 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Rush Hour | |
● foarich diel | Rush Hour 2 |
Plot
bewurkje seksjeTrije jier nei de lêste kears dat plysje-ynspekteur Lee Yan Naing út Hongkong en resjersjeur James Carter út Los Angeles mei-inoar op en út west hawwe (sjoch: Rush Hour 2) reizget de Sineeske ambassadeur yn 'e Feriene Steaten, Han Solon, nei in ynternasjonale konferinsje fan it Wrâldstrafhôf yn Los Angeles mei Lee as it haad fan syn liifwachten. Op 'e konferinsje sprekt Han fertsjintwurdigers ta fan lannen fan oer de hiele wrâld oer it gefaar dat de organisearre kriminaliteit fan 'e Sineeske Triaden foar de wrâldmienskip ynhâldt. Hy kundiget oan dat er klearrichheid jaan sil oer Shai Shen, in semy-legindarysk figuer fan grut belang foar de Triaden. Ear't er lykwols de die by it wurd foegje kin, wurdt er delsketten troch in slûpskutter, mei as gefolch dat de konferinsje yn gaos einiget.
Lee set de efterfolging op 'e skutter yn, dy't er yn in steechje efterhellet. It docht lykwols bliken dat it om Kenji giet, de Japanske pleechbroer út syn jonkheid, dat Lee wifelet om him del te sjitten. Underwilens hat Carter oer de plysjeradio heard wat der bard is en hy wol Lee te help komme. Syn oankomst soarget lykwols foar sa'n trelit dat Kenji útnaaie kin. Neitiid bejouwe Lee en Carter harren nei it sikehûs, dêr't se te hearren krije dat de kûgel it hert fan ambassadeur Han mist hat, sadat er syn ferwûnings oerlibje sil. Hoewol't se in beskrobbing fan harren respektivelike oerhearrigen krije om't se de skutter ûntkomme litten hawwe, ûntfytmannet Han syn teenagedochter Soo-Yung oan harren beiden in ûnthjit dat se net rêste sille foar't se de man fûn hawwe dy't opdracht jûn hat ta de moardoanslach. Se is der nammentlik wis fan dat dyselde it net by ien mislearre oanslach litte sil.
Soo-Yung fertelt de beide plysjes ek dat har heit har koartby in kefert tastoppe hat dêr't wichtich bewiismateriaal yn siet, mei de opdracht om dêr in feilich plak foar te sykjen. Soo-Yung hat it yn har locker stoppe yn 'e klaaikeamer fan in pleatslike kung fu-dojo dêr't se lesjout. Dat, Lee en Carter sette dêrhinne. Yn 'e skoalle kriget de ûngeduldige Carter it earst oan 'e stôk mei in klaske lytse bern dat kung fu leart en dêrnei mei in reuseftige Sinees. Uteinlik docht bliken dat de locker fan Soo-Yung earder dy deis troch ûnbekende iepenbrutsen is. It kefert is dêrby stellen. Lee en Carter ornearje dat de Triaden dêrefter sitte, krekt as efter de moardoanslach op ambassadeur Han.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Om't se oer Han en Soo-Yung yn noed sitte, hastigje se har werom nei it sikehûs, dêr't alle befeiliging fan 'e ambassadeur ûnderwilens fuortroppen is. Net folle letter falt in kwartet slûpmoardners fan 'e Triaden it sikehûs binne, mar Lee en Carter witte de oanfal ôf te slaan. Se krije ien fan 'e slûpmoardners libben yn 'e hannen, mar de man sprekt inkeld Frânsk, hoewol't er in etnyske Sinees is. Om him te ûnderfreegjen hawwe de beide plysjeminsken ferlet fan 'e help fan in non dy't de Frânske taal machtich is. Dat liedt ta wat pynlike mominten as de plysjes en harren arrestant inoar oer en wer misledigje en de non dat allegear oersette moat. Uteinlik docht lykwols bliken dat er út Parys komt. As er ûnder druk set wurdt, jout er twa brokjes ynformaasje priis: it adres Rue Franklin D. Roosevelt 50 en de foarnamme Geneviève. Lee en Carter beävensearje dat ambassadeur Han op in geheim plak fierder behannele wurdt, wylst se Soo-Yung by Varden Reynard bringe, de Frânske foarsitter fan it Wrâldstrafhôf. Wannear't dyselde en Soo-Yung fuort letter op in hier nei omkomme troch in autobom, sette Lee en Carter ôf nei Parys om foar iens en foar altyd ôf te weven mei de ferantwurdliken.
Op 'e lofthaven yn Frankryk wurde se opwachte troch de Paryske plysjekommissaris Revi, dy't harren op pynlike wize dúdlik makket dat se hjir net winske binne. Lee en Carter sette lykwols troch en beprate de ekstreem anty-Amerikaanske taksysjauffeur Georges troch him in pistoal tsjin 'e holle oan te setten om harren dochs nei de Rue Franklin D. Roosevelt 50 te bringen. Dat blykt in kasino te wêzen dat troch de Sineeske Triaden as dekmantel foar yllegale aktiviteiten brûkt wurdt. Carter spilet (en ferliest) in spultsje bakkarat mei in tsjeppe Fransêze, wylst Lee him troch in tsjeppe Sinese meitroaie lit nei har keamer as er de namme Geneviève neamt. Se fertelt him dat se ynformaasje foar him hat, mar as se har keamer berikke, besiket se him ynstee te fermoardzjen. Lee rêdt nauwerneed it faaie libben derôf en hy en Carter moatte it kasino ûntflechtsje. Der folget in efterfolging troch in stikmannich leden fan 'e Triaden op motors efter Georges syn taksy oan. Lang om let rûgelje Lee en Carter út 'e auto en wurde se finzen nommen.
De beide plysjes wurde nei it Paryske rioel brocht, dêr't Kenji op harren wachtet. Dyselde seit harren dat er har gean litte sil as se dan streekrjocht op hûs oan geane, mar Lee wegeret. Dêrop jout Kenji syn mannen opdracht om harren om te bringen, mar Lee en Carter springe yn in sydtunnel en wurde fuortspield yn it rioelwetter. Se nimme neitiid har yntrek yn in hotel om fan harren walchlike ûnderfinings te bekommen. Lee fertelt dat er as jonge yn in weeshûs siet foar't er troch syn lettere pleechâlden adoptearre waard. Syn bêste freon yn it weeshûs wie Kenji, waans famylje fermoarde wie troch de yakuza (de Japanske maffia), wêrnei't er foar syn eigen beskerming troch de Japanske autoriteiten nei Hongkong stjoerd wie. De beide jonges wiene inoar sa nei dat se inoar as pleechbruorren beskôgen. Nei syn adopsje ferlear Lee lykwoks it kontakt mei Kenji, dy't blykber letter by de Triaden belutsen rekke is. Lee wol net leauwe dat Kenji folslein kwea is en dat der neat mear oer is fan 'e weesjonge dy't er kennen hat. Carter fynt dat idioat, dat de beide mannen krije in heechoprinnende rûzje, wêrby't Lee Carter tabyt dat er wol sûnder him kin. Dêrop rint Carter lulk fuort.
Wylst Carter letter op in terraske sit, sjocht er de tsjeppe frou fan it bakkaratspul foarbykommen. Hy folget har en ûntdekt dat se in sjongster is dy't Geneviève hjit en dy jûns optrede sil yn in Paryske nachtklub. Hy ynfiltrearret de nachtklub troch him foar te dwaan as in homoseksuele kostúmûntwerper, wêrnei't er himsels in skoft fermakket troch de dûnseressen harsels út- en wer oanklaaie te litten. Underwilens hat Lee in moeting mei Reynard, dy't him fertelt dat de legindaryske Shai Shen gjin persoan is, mar in list mei de nammen fan 'e lieders fan 'e Triaden. Dêr heakket er oan ta dat Geneviève de ynformante fan Han is mei tagong ta dy list. Sadwaande bejout Lee him nei de nachtklub dêr't Geneviève optrede sil. Dêr wurdt er ferskate leden fan 'e Triaden gewaar, dy't sitte te wachtsjen op it begjin fan har optreden om har op it poadium dea te sjitten. Lee rint Carter wer tsjin it liif en tegearre witte se de tsjinakseljende Geneviève te rêden, wêrnei't se beskûl sykje yn harren hotel. Carter en Geneviève reitsje mei-inoar op bêd, mar ear't se ta de die komme kinne, wurde se rou ûnderbrutsen troch Jasmine, de Sineeske moardneresse út it kasino, dy't harren besiket te fermoardzjen, en troch Lee, dy't Jasmine op 'e flecht jaget mar dêrby Geneviève by fersin licht ferwûnet.
Neitiid bringt Geneviève út dat Shai Shen, de list mei de nammen fan 'e lieders fan 'e Triaden, op har efterholle tatoeëarre is. Har hier blykt in prúk te wêzen wêrûnder oft har holle keal is. Dêrtroch saksearret Carter syn begear nei har gau. It doel fan 'e tatoeaazje is dat Shai Shen sa nei alle Triaden reizgje kin sûnder op te fallen. Soks is in âlde tradysje. Minpunt foar Geneviève is wol dat de frou mei de tatoeaazje úteinlik ûnthalze wurde moat om 'e list geheim te hâlden. Lee en Carter bringe har by Reynard, mar as dyselde besiket harren te fermoardzjen, komt út dat Reynard de hiele tiid al foar de Triaden wurket. Aldergeloks binne Lee en Carter op har iepenst en sjogge se it ferrie fan Reynard oankommen. Nei't se him en syn trewanten finzen nommen hawwe, wurde se opskille troch Kenji, dy't in ruil foarstelt boppe yn 'e Eiffeltoer: Shai Shen foar Soo-Yung, dy't troch Reynard oan him oerdroegen is.
Lee arrivearret boppe yn 'e Eiffeltoer, mar dejinge dy't er by him hat blykt net Geneviève, mar Carter mei Geneviève har prúk op te wêzen. It wurdt dúdlik dat net ien fan beide partijen fan doel wie om him oan 'e ôfspraken fan 'e útruil te hâlden. Lee en Kenji reitsje behelle yn in swurdgefjocht, wylst Carter slaande deilis wurdt mei Kenji syn trewanten. Lang om let kneppelet Kenji troch in stikkenslein rút en driget te fallen, mar Lee biedt him syn hân oan en skuort him omheech. Wêrnei't de ûntankbere Kenji hìm út it rút smyt. Lee bedarret op 'e boppeste dwersbalken fan 'e Eiffeltoer. Kenji springt him efternei en it gefjocht giet fierder oant de beide mannen har lykwicht ferlieze en nei ûnderen falle. Se wurde heind troch it fangnet dat tusken de fjouwer poaten fan 'e Eiffeltoer spand is om selsmoarden te ferideljen. Kenji, dy't noch altyd oer in swurd beskikt, giet gewoan troch mei it gefjocht, wêrby't it fangnet stikken snien rekket. Hy driget jitris te fallen, mar fannijs grypt Lee him beet. As it skuorrende net harren beider gewicht net drage kin, twingt er Lee lykwols om him los te litten, sadat Lee himsels rêde kin. Sels falt er, ta ôfgriis fan Lee, te pletter.
Underwilens skeakelet Carter alle trewanten fan Kenji út, wêrnei't hy him ek yn it byntwurk fan 'e Eiffeltoer bejout om Soo-Yung te rêden, dy't dêr troch Kenji-en-dy oan in tou ophongen is. Jasmine driget har allebeide te deadzjen, mar troch in triuw komt se yn it rêdwurk fan 'e lift fan 'e Eiffeltoer telâne dêr't se deaknypt wurdt. Nei't se Soo-Yung yn feilichheid brocht hawwe en op ûnwierskynlike wize út 'e Eiffeltoer en sa oan 'e oerlibjende trewanten fan Kenji ûntkommen binne, wurde Lee en Carter opwachte troch Reynard, dy't Geneviève by him hat. Hy leit út dat er fan doel is om har dea te sjitten en Lee en Carter foar dy moard opdraaie te litten. Ear't Reynard lykwols de die by it wurd foegje kin, wurdt er fan efteren deasketten troch taksysjauffeur Georges, dy't de beide plysjes fertelt dat it hearlik fielt om foar in kear ris like gewelddiedich en moardsuchtich te wêzen as in Amerikaan. As de Paryske plysje arrivearret, besiket kommissaris Revi himsels it wurk fan Lee en Carter as fertsjinste oan te rekkenjen. Dêrop slane Lee en Carter him tegearre bewusteleas.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
ynspekteur Lee Yan Naing | Jackie Chan |
resjersjeur James Carter | Chris Tucker |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Kenji | Hiroyuki Sanada |
Geneviève / Shai Shen | Noémie Lenoir |
Varden Reynard | Max von Sydow |
Jasmine / Drakedame | Youki Kudoh |
Han Soo-Yung | Zhang Jingchu |
taksysjauffeur Georges | Yvan Attal |
Han Solon | Tzi Ma |
kommissaris Revi | Roman Polanski (cameo) |
haadynspekteur Bill Diel | Philip Baker Hall (cameo) |
suster Agnes | Dana Ivey |
master Yu | Henry O |
Marsha | Mia Tyler |
Zoe | Sarah Shahi |
Britske minister fan Bûtenlânske Saken | David Niven jr. |
reus yn kung fu-skoalle | Sun Mingming |
Paulette | Julie Dépardieu |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeRush Hour 3 waard regissearre troch Brett Ratner nei in senario fan Jeff Nathanson. As produsinten wiene Roger Birnbaum, Jonathan Glickman, Arthur M. Sarkissian, Jay Stern en Andrew Z. Davis by it projekt belutsen foar de filmstudio's Roger Birnbaum Productions, Arthur Sarkissian Productions en Unlike Film Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $125 oant 140 miljoen, wêrfan't $25 miljoen opgie oan it salaris fan haadrolspiler Chris Tucker, $15 miljoen oan dat fan syn tsjinspiler Jackie Chan, en nochris $7,5 miljoen oan dat fan regisseur Ratner. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan J. Michael Muro, en de filmmuzyk waard fersoarge troch de Argentynske filmkomponist Lalo Schifrin. Hoewol't Rush Hour 3 foar it meastepart yn Parys spilet, fûnen de opnamen plak yn New York, Los Angeles en oare dielen fan Kalifornje.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Rush Hour 3 waard fersoarge troch New Line Cinema. De film gie op 30 july 2007 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 10 augustus yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 8 augustus 2007 by de platemaatskippijen New Line Records en Columbia Records. Rush Hour 3 waard op 26 desimber 2007 útbrocht op dvd en blu-ray.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Rush Hour 3 oer it algemien negative resinsjes. Sa joech de foaroansteande ynternetfilmresinsint James Berardinelli de film mar 11/2 fan 4 stjerren. Hy neamde Rush Hour 3 "saai", "ûnynspirearre" en "oerstallich". Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times wie justjes positiver; hy parte de film 2 fan 4 stjerren ta en skreau: "[…] wannear't je foar it ferstân krije dat it net better as sa wurdt, lynje je efteroer om te genietsjen fan wat der wol goed is oan 'e film, of wat yn elts gefal net ferkeard is. En trouwens, as jo Rush Hour 3 sjogge, dan hiene jo dúdlik dochs neat betters te dwaan." Yn The Washington Post krige de film fan Desson Thomson 31/2 fan 5 stjerren. Hy skreau: "It risiko fan ivige ferflokking op it ynternet foar leaf nimmend moat ik tajaan dat ik lake haw om Rush Hour 3 – en dat de film my sels in flechtich momint op it moed kommen is."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Rush Hour 3 in leech goedkarringspersintaazje fan 18%, basearre op 159 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Yn Rush Hour 3 wurdt op wurchsume wize terrein op 'e nij oereide dat al yn eardere films behannele wie, en in feroaring fan dekôr kin in gebrek oan nije ideeën net fertsjustermoanje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Rush Hour 3 in goedkarringspersintaazje fan 44%, basearre op 32 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeRush Hour 3 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $140,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $117,9 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $258,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $125 oant 140 miljoen betsjut dat in winst fan $133 oant 118 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Oan 'e oare kant waard der mei Rush Hour 3 oant en mei 30 maart 2008 allinnich al yn 'e Feriene Steaten $80,6 miljoen fertsjinne oan ferhier fia fideoteken, en oant en mei 2018 nochris $45 miljoen oan ferkeap fan dvd's.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |