In dojo (útspr.: ['doʊ:ʤoʊ:], "doodzjoo") is de beneaming foar in treningssintrum foar Japanske fjochtsporten, lykas judo, karate, aikido, jiu jitsu of kendo. Dizze oantsjutting komt fan it Japanske 道場 (dōjō; útspr.: ['do:ʤo:], "doodzjoo", mar sûnder de ferbûging nei in û-klank op 'e ein), dat letterlik "plak fan 'e wei" betsjut en oarspronklik ferwiisde nei godstsjinst. Yn it ferline wiene dojo's yn Japan dan ek ferbûn mei sjintoïstyske of boedistyske timpels. Dy âlde konneksje blykt noch út it feit dat yn guon dojo's ek oan zazen, dien wurdt, in Japanske foarm fan meditaasje.

In judo-dojo.

In dojo is ynrjochte mei spesjale matten, dêr't de sporters by it fallen sêft op delkomme. Fierders binne der ornaris klaaikeamers, helpmiddels (lykas stjitkjessens) en eventueel wapens oanwêzich. De learmaster fan in dojo wurdt in sensei neamd. Yn dojo's wurde yn 'e regel Japanske termen foar gewoane dingen (bgl. begroetings en gefjochtstechniken) oanholden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.