Desson Thomson
Desson Thomson (folút: Desson Patrick Thomson; Surrey, 1958) is in Britsk-Amerikaansk sjoernalist, dy't ûnder presidint Barack Obama as speechwriter wurke foar leden fan it Amerikaanske regear, en dêrfoar aktyf wie as filmkritikus foar The Washington Post. Hy stie bekend as Desson Howe oant er yn 2003 weriene waard mei syn biologyske heit en dy syn efternamme 'Thomson' oannaam.
Desson Thomson | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Desson Patrick Thomson | |
oare namme | Desson Howe | |
nasjonaliteit | Britsk Amerikaansk | |
berne | 1958 | |
berteplak | Surrey (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjoernalist, speechwriter | |
aktyf as | filmkritikus | |
jierren aktyf | 1983 – no |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeThomson waard yn 1958 berne yn it Ingelske greefskip Surrey. Hy genoat syn oplieding oan 'e Amerikaanske Universiteit (AU) yn Washington, D.C., dêr't er fan 1975 ôf de stúdzje fisuele kommunikaasje en sinemastúdzjes folge en yn 'e maityd fan 1980 ôfstudearre.
Karriêre
bewurkje seksjeAs filmkritikus
bewurkje seksjeYn 1983 fûn Thomson wurk by de renommearre krante The Washington Post yn Washington, D.C. Yn 't earstoan wied er dêr kopij-assistint foar it katern Style, mar tsjin 1984 skreau er op freelance basis al eigen artikels foar it deiblêd. Yn 1987 waard er oansteld as filmkritikus.
As resinsint fan films brocht Thomson gauris in miening op 't aljemint dy't ôfwiek fan wat de measte filmkritisy fûnen. Sa skreau er yn 1994 in negative resinsje fan 'e mearfâldich bekroande finzenisfilm The Shawshank Redemption, en stelde er yn 1993 yn syn beoardieling fan Groundhog Day dat dy film elts gefal "nea as nasjonale filmskat oantsjut wurde sil troch de Library of Congress". Dy útspraak soe him lang efterfolgje doe't de Library of Congress Groundhog Day trettjin jier letter wol deeglik útornearre foar preservearring foar de ivichheid yn it Nasjonaal Film Register.
As speechwriter
bewurkje seksjeYn 2008 ferliet Thomson The Washington Post nei in wurkferbân fan 25 jier. Yn 2010 begûn er in nij wurkpaad as speechwriter foar leden fan it regear fan presidint Barack Obama. Fan febrewaris oant novimber 2010 wenne er yn 'e Britske haadstêd Londen, dêr't er diel útmakke fan 'e stêf fan 'e Amerikaanske ambassadeur Louis Susman.
Yn desimber fan dat jier kaam Thomson op it Amerikaansk Ministearje fan Bûtenlânske Saken te wurkjen, dêr't er taspraken skreau foar minister Hillary Clinton. Fan febrewaris 2012 ôf wied er speechwriter foar de ûnderminister fan Diplomasy en Iepenbiere Saken. Letter waard er yn deselde funksje oansteld yn 'e stêf fan Charles H. Rivkin, de ûnderminister foar Ekonomyske Saken. Thomson behold dy funksje oant de ein fan 'e twadde presidintskipstermyn fan Obama yn jannewaris 2017.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |