Kopij
Kopij binne stikken tekst dy’t bedoeld binne om printe te wurden, bygelyks in manuskript dêr’t in boek fan makke wurdt of in artikel foar in krante. It begryp komt út de printer- en útjouwerijwrâld. Kopij moat yn ‘e regel foar in oanleverdatum yntsjinne wurde om publiseare te wurden yn it winske medium.
Hjoeddedei wurdt kopij ek brûkt foar stikken tekst, al of net mei byldmateriaal, dy’t digitaal publisearre wurde, bygelyks op nijssiden, weblochs en ynternetfoara.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|