Hillary Clinton, berne as Hillary Diane Rodham (Chicago, 26 oktober 1947), is in Amerikaansk politika fan de Demokratyske Partij, dy't troud is mei âld-presidint Bill Clinton, en sadwaande fan 1993 oant 2001 first lady fan 'e Feriene Steaten wie. Nei't har man presidint-ôf wurden wie, sette hja útein mei in eigen politike karriêre as lid fan de Amerikaanske Senaat. Yn 2007-2008 wie Clinton gadingmakker foar de nominaasje fan har partij foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2008, mar dêrby moast se it ôflizze tsjin har rivaal Barack Obama. Neitiid wie se fan 2009 oant 2013 minister fan Bûtenlânske Saken yn Obama syn regear. Yn 2016 die Clinton op 'e nij in goai nei it presidintskip. Dêrby fersloech se yn 'e Demokratyske foarferkiezings de linkse senator Bernie Sanders en naam se it by de eigentlike ferkiezings yn in ûngewoan hurde kampanje op tsjin sakeman Donald Trump.

Hillary Clinton
politikus
echte namme Hillary Diane Rodham Clinton
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 26 oktober 1947
berteplak Chicago (Illinois)
etnisiteit Frânsk
Frânsk-Kanadeesk
Ingelsk
Skotsk
Welsk
partij Demokratyske Partij
prizen Grammy Award 1997
Amerikaansk minister fan Bûtenlânske Saken
amtsperioade 20092013
foargonger Condoleezza Rice
opfolger John Kerry
Amerikaansk senator foar New York
amtsperioade 20012009
foargonger Daniel Patrick Moynihan
opfolger Kirsten Gillibrand
First Lady fan de Feriene Steaten
amtsperioade 19932001
foargonger Barbara Bush
opfolger Laura Bush
First Lady fan Arkansas
amtsperioade 19791981 &
19831992
foargonger Helen Hale Purcell (1) &
Gay Daniels White (2)
opfolger Betty Tucker

Clinton waard yn 1947 as Hillary Diane Rodham berne yn Chicago, yn 'e steat Illinois, as de âldste fan trije bern yn it gesin fan Hugh Ellsworth Rodham (1911-1993), de bedriuwslieder fan in lyts tekstylfabryk, mei Welsk en Ingelsk bloed, en Dorothy Emma Howell (1919-2011), in húsfrou fan mingd Ingelsk, Skotsk, Frânsk, Frânsk-Kanadeesk en Welsk etnysk komôf. Doe't Clinton trije jier wie, ferfear it gesin nei Park Ridge, in foarstêd fan Chicago, dêr't hja fierder opgroeide.

As bern die Clinton oan swimmen, honkbal en oare sporten, en teffens siet se op 'e paadfinerij. Se gie nei de legere en middelbere skoalle yn Park Ridge, en wie al jong polityk aktyf, al wie dat foar de Republikeinske Partij, mei't har famylje tige konservatyf wie en har heit in fûleindich anty-kommunist. Ek godstsjinst hie in grutte ynfloed op har iere libben; krekt as har âldelju waard Clinton in aktyf lid fan de Feriene Metodistyske Tsjerke. Har mem wie tige begien mei sosjale rjochtfeardichheid, en naam Clinton yn 1962 mei nei in gearkomste dêr't se boargerrjochtelieder Martin Luther King mette, in foarfal dat in djippe yndruk makke op it fyftjinjierrige famke dat se doe wie.

 
Hillary Rodham Clinton yn 1992.

Oplieding en trouwen

bewurkje seksje

Yn 1965 sette Clinton útein mei in stúdzje politikology oan it Wellesley Kolleezje te Wellesley, yn 'e steat Massachusetts. Yn dy snuorje wie se de foarsitster fan 'e feriening fan Jonge Republikeinen oan har hegeskoalle, mar meitiid begûnen har politike ideeën te ferskowen, en joech se dy posysje op. Yn in brief oan har dûmny omskreau se harsels yn dy tiid as "konservatyf fan ferstân en liberaal fan hert." Under de Republikeinske foarferkiezings fan 1968 wie se in oanhinger fan 'e frijsinnige kandidaat Nelson Rockefeller, mar se wie skokt troch de manear wêrop't dy troch Richard Nixon en oare rjochtse kandidaten oan 'e kant set waard, en krige in ôfwearze fan wat se opfette as de ferhoalen rasistyske boadskippen dy't utere waarden op 'e Republikeinske Nasjonale Konvinsje fan 1968. Sadwaande kearde se dat jiers de Republikeinske Partij foargoed de rêch ta.

Nei't se yn 1969 in bachelortitel yn 'e politikology behelle hie, brocht Clinton de simmer backpackend troch yn Alaska, dêr't se yn har ûnderhâld foarseach troch ûnder mear te ôf te waskjen yn in restaurant yn it Nasjonaal Park Mount McKinley en te salmûntslymjen yn in fiskferwurkingsfabryk yn Valdez (dêr't se ûntslein waard doe't se oer de gefaarlike wurkomstannichheden klage). Oan 'e ein fan de simmer sette se útein mei in rjochtestúdzje oan de ferneamde en prestizjeuze Universiteit fan Yale, yn New Haven, yn 'e steat Konnetikut. By 't maityd fan 1971 mette se yn ien fan 'e biblioteken fan Yale de Arkansaanske studint Bill Clinton, dy't ek rjochten studearre mar in jier leger siet as har. Hja krigen wat mei-inoar en wiene al gau ûnskiedber. Yn 1973 studearre Clinton ôf as master yn de rjochten; se hie in jier ekstra te Yale talme om't se by Bill Clinton bliuwe woe. It pear troude op 11 oktober 1975, en se krigen ien bern, in dochter, Chelsea Clinton, dy't berne waard op 27 febrewaris 1980.

 
It hûs yn Little Rock dêr't de Clintons fan 1977 oant 1979 wennen.

Nei't se ôfstudearre wie, learde Clinton fan 1973 oant 1974 in jier lang troch oan 'e Universiteit fan Yale foar har doktoraat, wêrby't se har talei op bernerjochten. Yn 1974 wie se ien fan 'e juridyske riedslju dy't advys joegen oan it komitee fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen dat ûndersyk dwaan moast nei it Watergate-skandaal om te sjen oft der foldwaande reden wie om in ôfsettingsproseduere yn wurking te stellen tsjin presidint Richard Nixon. Yn 1975 besleat Clinton lykwols om, sa't se it sels formulearre, "myn hert ynstee fan myn holle te folgjen"; se joech Bill Clinton tawurd en sette har mei him nei wenjen yn Fayetteville, yn 'e Súdlike steat Arkansas.

Wylst har man in politike karriêre begûn, wêrby't er him earst ûnsúksesfol kandidaat stelde foar de Amerikaanske Senaat, doe sûnder folle muoite steatsminister fan Justysje fan Arkansas waard en letter opklom ta gûverneur fan dy steat, joech Clinton har by it earbiedweardige abbekatekantoar de Rose Law Firm, in bolwurk fan Arkansaanske politike en ekonomyske ynfloed. Se spesjalisearre har op it mêd fan oktroaiskeining en wetjouwing op it terrein fan auteursrjochten, mar die ek pro deo-wurk yn saken dêr't bern by belutsen wiene, al praktisearre se mar komselden yn 'e rjochtseal. Yn 1979 waard Clinton as earste frou in folweardige partner yn 'e Rose Law Firm.

Doe't Bill Clinton ein 1976 ta steatsminister fan Justysje keazen waard, ferhuze it gesin nei de Arkansaanske haadstêd Little Rock. Datselde jiers hie Hillary Clinton kampanjelieder yn 'e steat Indiana west foar de Demokratyske presidintskandidaat Jimmy Carter, en doe't dy de ferkiezings wûn, beneamde er har ta lid fan 'e ried fan bestjoer fan 'e Legal Services Corporation, in non-profitorganisaasje oprjochte troch it Amerikaanske Kongres, dy't bewissigje moast dat alle Amerikanen tagong hawwe ta subsidiëarre rjochtshelp. Dy funksje beklaaide Clinton fan 1978 oant 1981. Mei't har man fan 1979 oant 1981 en fan 1983 oant 1992 gûverneur wie, hie Clinton yn dy jierren ek ferplichtings as first lady fan Arkansas. Har man beneamde har fierders ta foarsitster fan it Advyskomitee foar Plattelânssûnens, en yn dy hoedanichheid wist se federale finansiering te bemachtigjen om 'e medyske fasiliteiten foar de alderearmsten ûnder de Arkansaanske befolking út te wreidzjen.

 
Hillary Rodham Clinton as minister fan Bûtenlânske Saken (2009).

Clinton wie yn dyselde snuorje ek fierhinne ferantwurdlik foar de ynvestearrings dy't de sy en har man diene yn ferskate ûndernimmings, wêrûnder de Whitewater Development Corporation. De twifelige saaklike oerienkomsten mei dat lêste bedriuw laten letter ta it Whitewater-skandaal, dat de Clintons har hiele politike karriêre efterfolgje soe. Nei't der ferskate jierren lang djipgeand ûndersyk nei dien wie, besleat it Iepenbier Ministearje lykwols om yn dy saak gjin oanklachten tsjin harren yn te bringen.

Under Bill Clinton syn lettere terminen as gûverneur beneamde er syn frou yn 1983 ta foarsitter fan 'e Arkansas Educational Standards Committee, dy't foar de hiele steat gelikense easken foar it ûnderwiis opstelle moast. Hja rekke troch dat wurk belutsen by in slepende mar úteinlik súksesfolle striid tsjin 'e Arkansaanske Underwiisferiening, dy't him tsjin 'e troch har foarstelde feroarings oankante. Fierders siet se yn it bestjoer fan in ferskaat oan organisaasjes, lykas de ôfdieling Juridyske Tsjinsten fan it Arkansaanske Bernesikehûs (1988-1992) en it Berneferdigeningsfûns, dêr't se foarsitter fan wie (1986-1992). Dêrnjonken siet se ek yn 'e ried fan bestjoer fan in stikmannich bedriuwen, wêrûnder Wal-Mart (1986-1992), de grutste supermerkkeatling fan 'e Feriene Steaten.

Yn Washington

bewurkje seksje

Yn 1992 stelde Bill Clinton him ferkiesber foar it Amerikaanske presidintskip, en hy wûn dat jiers de ferkiezings. Hillary Clinton, dy't har tige ynset hie yn 'e kampanje fan har man, wie sadwaande fan 1993 oant 2001 first lady fan 'e Feriene Steaten. Yn dy hoedanichheid wie se de iepentlikst mei-regearjende presidintsfrou sûnt Eleanor Roosevelt, yn 'e 1930-er en 1940-er jierren. Se hie har eigen kantoar yn 'e West Wing, de regearingsfleugel fan it Wite Hûs, njonken it tradisjonele kantoar dat de first lady altyd al hie yn 'e East Wing, de residinsjefleugel, en se hie hiel wat yn 'e molke te krommeljen by de oanstellings yn it nije regear.

 
De Clintons komme wer thús yn it Wite Hûs (1993).

Clinton har wichtichste inisjatyf ûnder it presidintskip fan har man wie har krewearjen foar in algemiene syktekostefersekering dy't alle Amerikanen omfetsje soe. It plan waard troch tsjinstanners ferhune as Hillarycare, en de wjerstân dertsjin ferskode al rillegau fan krityk ta dreksmiterij ta iepentlike fijannichheid. It spul rûn sasear út 'e klauwen dat de Secret Service derop stie dat Clinton tenei by iepenbiere gearkomsten in kûgelfrij fest drage soe. Troch tsjinwurking fan sawol de Republikeinen as konservative Demokraten helle de algemiene syktekostefersekering it úteinlik net, en moasten de alderearmsten yn 'e Amerikaanske maatskippij noch tweintich jier langer ûnfersekere troch it libben. Yn 1997 wie Hillary Clinton fierders mei de senators Ted Kennedy en Orrin Hatch ien fan 'e driuwende krêften efter it fan krêft wurden fan it Steatsprogramma foar Bernesyktekostefersekering, dat alteast foarseach yn 'e fergoeding fan syktekosten fan bern fan wa't de âldelju ûnfersekere wiene.

Under it presidintskip fan har man besocht Clinton 79 ûnderskate ferskillende lannen, mei Bill Clinton, mar ek gauris op eigen manneboet, wêrmei't se de meast bereizge first lady út 'e Amerikaanske skiednis waard. Faak wie se dêrby wurksum as offisjeus diplomate foar de regearing-Clinton, lykas yn maart 1995, doe't se op fersyk fan it Amerikaanske Ministearje fan Bûtenlânske Saken û.m. Pakistan en Yndia oandie yn in besykjen om 'e relaasjes tusken dy beide fijannen te ferbetterjen.

 
Grafyk mei de feroarjende mienings fan 'e Amerikanen oer Hillary Rodham Clinton fan 1992 oant 2012: blau = in geunstige miening; read = in ûngeunstige miening; grien = gjin miening.

Yn 1998 waard Clinton yn slimme ferlegenheid brocht troch it Lewinsky-skandaal, dat feroarsake waard troch har man doe't dy seksuële omgong hie mei Monica Lewinsky, in 22-jierrige stazjêre yn it Wite Hûs, en letter besocht om dy saak te fertsjustermoanjen. Clinton syn politike tsjinstanners griepen dy saak oan om him oan te fallen, en sa kaam úteinlik alle smoarge wask bûten te hingjen. Foar de bûtenwrâld oer joech Hillary Clinton oan dat se yn dizze saak har man stipe en dat it ferbrekken fan harren houlik foar har net oan 'e oarder wie. Der waard lykwols fan grute dat se eins poer wie, en se skynt twifele te hawwen oer it fuortsetten fan it houlik. Yn 2003 skreau se yn har autobiografy dat nettsjinsteande syn skeanskermjen har leafde foar Bill Clinton noch like djip wie as yn it begjin fan harren relaasje, en dat dat úteinlik foar har de trochslach jûn hie om by him te bliuwen: "Net ien begrypt my better en net ien kin my sa oan it laitsjen krije as Bill. Sels nei al dy jierren is er noch altyd de meast ynteressante, opwekjende en alderferskuorrendst libbene persoan dy't ik ea met haw."

Eigen politike karriêre

bewurkje seksje

Doe't de langtsjinjende senator foar de steat New York Daniel Patrick Moynihan yn 1998 oankundige dat er him yn 2000 net wer ferkiesber stelle soe, waard Clinton fan ferskaten kanten oanfitere om yn syn plak mei te dwaan oan 'e ferkiezings. Nei't se besletten hie om dat yndie te dwaan, kochten de Clintons in hûs yn Chappaqua (want as men gjin ynwenner is fan in steat kin men der ek gjin senator foar wêze), en waard hja de earste first lady ea dy't op eigen titel meidie oan ferkiezings. Clinton hie ferwachte om it opnimme te moatten tsjin 'e populêre Republikeinske boargemaster fan 'e stêd New York, Rudy Giuliani, mar dy loek him út 'e ferkiezingsstriid werom doe't der by him prostaatkanker fêststeld waard. Sadwaande wie Clinton har tsjinstanner Rick Lazio, in Republikeinsk lid fan it Hûs fan Offurdigen, dy't hja frij maklik fersloech.

 
Hillary Rodham Clinton by in taspraak yn Minneapolis, ûnder de ferkiezingskampanje fan 2008.

Clinton tsjinne dêrnei twa terminen, fan 2001 oant 2009, as senator foar de steat New York, wêrby't se nei de oanslaggen op it World Trade Center, op 9/11, djip behelle wie yn it besetten fan federaal jild foar it rêdingswurk en de weropbou. Letter wie se ien fan 'e driuwende krêften yn it ûndersyk nei de sûnensswierrichheden dêr't in protte rêdingswurkers mei oanhelle rekken. Hja joech yn 2001 sterke stipe oan 'e Oarloch yn Afganistan, en stimde yn 2002 foar de wet dy't de regearing-Bush machtige om 'e Irakoarloch te begjinnen, al krige se dêr letter betinkings oer.

Yn 2008 stelde Clinton har kandidaat foar it Amerikaanske presidintskip, en foarôf waard hja beskôge as ien fan 'e grutste kânshawwers. Se ferlear yn 'e Demokratyske foarferkiezings lykwols mei in tige smelle marzje fan Barack Obama, in swarte senator út Illinois, dy't dêrnei by de eigentlike ferkiezings de Republikeinske kandidaat John McCain fersloech en it presidintskip wûn. De lange twastriid tusken Clinton en Obama hie djippe breklinen binnen de Demokratyske Partij bleatlein, en yn in besykjen om dat wat te behimmeljen, stelde Obama Clinton yn syn regear oan as minister fan Bûtenlânske Saken.

Yn dy hoedanichheid tsjinne hja fan 21 jannewaris 2009 oant 1 febrewaris 2013, en sette Clinton har û.m. yn foar in ferbettering fan it Amerikaanske imago yn lannen as Pakistan. Fierders wie se belutsen by de tekening fan in ferdrach, yn 2009, tusken de langjierrige fijannen Turkije en Armeenje, wêrby't dy beide lannen foar it earst diplomatike relaasjes mei-inoar oanknopen. Ek wie Clinton de earstferantwurdlike foar it Amerikaanske belied foar de Arabyske Maityd oer. Sa wie se in grut foarstanner fan 'e militêre yntervinsje yn Lybje, dy't holp om diktator Muammar Kadaffi ûnder fuotten te heljen. Yn 2012 kaam se datoangeande yn 'e swierrichheden fanwegen befeiligingsflaters dy't de oanfal op 'e Amerikaanske ambassade yn it Libyske Benghazi mooglik makken, wêrby't de Amerikaanske ambassadeur en twa oare Amerikanen de dea fûnen. Under har ministerskip kaam Clinton oeral foar frouljusrjochten op, en teffens brûkte se as earste Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken de sosjale media om har boadskip nei bûten te bringen.

 
Hillary Rodham Clinton yn 2012.

Nei't se begjin 2013 har ministerskip deroan joech, wie Clinton ferskate jierren dwaande mei it skriuwen fan in nij autobiografysk boek, en fierders wie se belutsen by de troch har man oprjochte William J. Clinton Stifting, in goeddiedichheidsorganisaasje dy't him û.m. ynset foar de striid tsjin HIV/AIDS yn Afrika. Yn desimber 2012 waard hja in deimannich opnommen yn it sikehûs, om in bloedklûnte yn har holle te behanneljen, mar se bettere wer hielendal op. Yn 2015 ûntstie der in skandaal doe't bekend waard dat Clinton ûnder har ministerskip foar beropsmjittich e-mailferkear gebrûk makke hie fan in ûnderbefeilige priveeserver, mei as gefolch dat steatsgeheime ynformaasje mooglik hackt en ynsjoen wurde kinnen hie troch lju dy't dêr gjin foech ta hiene. Clinton joech ta dat se mis west hie troch uberhaupt in priveeserver te brûken, mar stelde ek dat se nea steatsgeheime ynformaasje fia dy server ferstjoerd hie en dat de Republikeinen yn it Amerikaanske Kongres beskate ynformaasje ex post facto ta geheim oan it bestimpeljen wiene. Om't der gjin inkeld bewiis wie dat der ek wier geheime ynformaasje útlekt wie, konkludearre de Amerikaanske federale resjerzje FBI op 6 july 2016 dat der gjin oanklachten tsjin har ynbrocht wurde soene. Dit skandaal waard lange tiid mei opsetsin libben holden troch Republikeinske leden fan it Kongres om partijpolitike redens, sa't guon fan harren sels iepentlik tajoegen yn fraachpetearen mei ferslachjouwers.

Harren wichtichste reden om dat te dwaan, wie om Clinton, dy't har ûnderwilens op 12 april 2015 op 'e nij ferkiesber steld hie foar it Amerikaanske presidintskip, yn 'e publike opiny safolle mooglik skea ta te bringen. Under de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016 fersloech Clinton yn 'e foarferkiezings fan 'e Demokratyske Partij de linkse senator Bernie Sanders út Nij-Hampshire, dy't frijwol nimmen yn 't foar ek mar de lytste kâns tatocht hie, mar dy't it har dochs noch in skoftke flink dreech wist te meitsjen. Op 'e nij ûnstiene der troch de fûleindige (mar op fatsoenlike wize fierde) striid tusken de Demokratyske kandidaten breklinen yn 'e Demokratyske Partij, krekt sa't yn 2008 bard wie. Dêrby stiene de progressivere en jongere leden oer it algemien as ien man efter Sanders, wylst de etnyske minderheden en de fêstige oarder fan 'e partij op 'e hân fan Clinton wiene. De twaspjalt by de Demokraten stelde lykwols neat foar yn ferliking mei de tafrielen dy't hat ta ferbjustering fan 'e hiele wrâld yn dyselde snuorje foardiene by de Republikeinen, dêr't de sakeman en populist Donald Trump dan wol as winner út 'e foarferkiezings kaam en in hiele nije oanhing nei de stimbus lokke hie fan lju dy't noch nea earder stimd hiene, mar ûnderwilens in grut diel fan 'e besteande partij folslein fan him ferfrjemde hie.

Op 26 july 2016 waard Clinton op 'e Demokratyske Nasjonale Konvinsje yn Philadelphia formeel oanwiisd as de presidintskandidate foar de Demokratyske Partij. Dat wie de earste kear dat ien fan 'e beide grutte Amerikaanske partijen in frou as presidintskandidaat keas. In dei letter wiisde Clinton de frij ûnbekende Tim Kaine, in senator út Firginia, oan as har fise-presidintskandidaat. De dêropfolgjende kampanje foar de presidintsferkiezings ûntpopte him ta in ordinêrens en in dreksmiterij, benammen fan 'e kant fan Trump, sa't sels yn 'e Amerikaanske polityk noch nea earder sjoen wie. Trump betocht de bynamme Crooked Hillary ("Kriminele Hillary") foar Clinton, om't se neffens him skuldich wie oan machtsmisbrûk en moard (op 'e trije Amerikaanske diplomaten dy't by de oanfal op 'e Amerikaanske ambassade yn Benghazi omkommen wiene). Hy warskôge har dat er derfoar soargje soe dat se yn it tichthûs bedarje soe as hy de ferkiezings wûn. Ek it e-mailskandaal waard wer oprakele en Trump besocht sels it Lewinsky-skandaal tsjin Hillary Clinton te brûken. Clinton sels sloech werom mei û.m. ferwizings nei Trump syn misse setten yn it sakelibben en syn útspraken oer en hâlding foar froulju oer. Fierders stelde se dat de helte fan 'e Trump-oanhingers in basket of deplorables neamd wurde koe, frij fertaald: "in kuorfol stumperts". Beide kandidaten wiene tige ympopulêr mank de gewoane Amerikanen, mar Trump noch mear as Clinton. Nettsjinsteande dat, en tsjin 'e útslaggen fan frijwol alle opinypeilings yn, ferlear Clinton op 8 novimber 2016 de presidintsferkiezings fan Trump. De reden dêrfoar wie net, sa't de Republikeinen hawwe woene, dat de Trump in nije groep kiezers foar harren oanboarre hie, want der stimden minder minsken op Trump as dat der yn 2012 op Mitt Romney en yn 2008 op John McCain stimd hiene. Krektoarsom, de reden dat Clinton de ferkiezings ferlear, wie dat in grut part fan it Demokratyske elektoraat thúsbleau. Hoewol't der in rekôroantal fan goed 2,5 miljoen stimmen mear op Clinton útbrocht waarden as op Trump, krige dy lêste troch de eigenaardichheden fan it Amerikaanske kiesstelsel (dat net per útbrochte stim rekkenet, mar steat foar steat) de mearderheid fan 'e kiesmannen yn it Electoral College efter him.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References, Bibliography en Further reading, op dizze side.