Foarsitter
In foarsitter of foarsitster is de lieder fan it deistich bestjoer fan in organisaasje, lykas in feriening, stifting, kommisje, komitee, politike partij, ynternasjonale organisaasje of steat. Yn it meast gongbere gebrûk fan dizze term giet it om 'e heechste funksje yn it bestjoer fan in lytsskalige organisaasje, lykas in feriening foar doarpsbelang of in biljertklub. By sokke organisaasjes bestiet it deistich bestjoer út in foarsitter, in sekretaris, in skathâlder en eventueel in fise-foarsitter en ferskate algemiene leden.
De wichtichste taak fan in foarsitter is it lieden fan formele gearkomsten, wêrby't hy of sy faak in foarsittershammer hantearret om 'e oarder te bewarjen. In goede foarsitter makket lykwols mar komselden gebrûk fan 'e hammer, mei't er de gearkomste ek sûnder sa'n machtsmiddel nei syn hân sette kin. Faak wurdt de hammer inkeld opnommen om 'e gearkomste te iepenjen en te sluten. De hammer is lykwols fan symboalyske wearde, mei't er it uterlike skaaimerk fan it foarsitterskip is.
Der besteane ferskate spesifikere foarmen fan foarsitters:
- boargemaster: de lieder fan in gemeentebestjoer
- dekaan: de lieder fan in universiteit yn Nederlân
- deken: de lieder fan in kapittel fan kanunniken
- dykgraaf: de lieder fan in wetterskip
- foarsittende biskop: de lieder fan in synoade fan 'e Frij-Katolike Tsjerke
- gûverneur: de lieder fan provinsjes of dielsteaten yn guon lannen (bgl. it Romeinske Ryk en de Feriene Steaten)
- kommissaris fan de kening: de lieder fan in provinsjebestjoer yn Nederlân
- lânfâd: de lieder fan it bestjoer oer alle Nederlânske gewesten ûnder de Boergondyske Tiid, Karel V en Filips II en yn 'e Súdlike Nederlannen oant de Frânske Tiid
- minister-presidint of premier: de lieder fan 'e ministerried
- moderator: de lieder fan in protestantske synoade
- preses: de lieder fan it bestjoer fan in studinteferiening
- presidint: de lieder fan in steat
- pretor: de lieder fan in klassis yn 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân
- rektor magnifikus: de lieder fan in akademyske senaat of fan in kolleezje fan dekanen
- rektor of rektriks: de lieder fan in middelbere skoalle of hegeskoalle yn Nederlân
- sekretaris-generaal: de lieder fan in ministearje of in ynternasjonale organisaasje
- steedhâlder: de lieder fan in gewestlik bestjoer yn 'e Nederlannen yn 'e Boergondyske Tiid, ûnder it bewâld fan Karel V en Filips II, yn 'e tiid fan 'e Republyk fan de Feriene Nederlannen en yn de Súdlike Nederlannen oant de Frânske Tiid
- technysk foarsitter: de lieder fan in ad hoc-gearkomste
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |