Lund
Lund is it haadplak fan de gemeente Lund yn it Sweedske lânskip Skåne en de provinsje Skåne län.
Lund | ||
Domtsjerke fan Lund | ||
Bestjoer | ||
Lân | Sweden | |
Provinsje | Skåne lân | |
Lânskip | Skåne | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 82.800 (2010) | |
Oerflak | 25,75 km² | |
Befolkingsticht. | 3.250 / km² | |
Oar | ||
Stifting | 990 | |
Tiidsône | CET (UTC+1) | |
Simmertiid | UTC+2 | |
Offisjele webside | ||
De webside fan de gemeente Lund (in) . |
Lund bestiet al fan sa. 990 ôf. Der binne 27 tsjerken en kleasters dêr't guon fan no museum binne. De grutste tsjerke, de domtsjerke, wijd oan Sint-Laurentius, waard yn 1123 oplevere.
Lund hat in universiteit mei 39.000 studinten[1] en in ferskaat oan museums. It iepenloftmuseum Kulturen yn it âlde part fan de stêd is der ien fan.
Lund hat in protte strjitten yn Renêssânsestyl, dy't sa gewurden litten binne.
Ut de skiednis
bewurkje seksjeLund is yn 1020 stifte troch Knoet de Grutte. Fan 1104 ôf wie Lund de sit fan de aartsbiskop fan hiel Skandinaavje en Finlân. Yn 1536 waard it aartsbisdom wer opheft. Lund hat yn syn skiednis in soad te lijen hân fan krigen tusken Denemark en Sweden, mar nei 1658 bleau de stêd Sweedsk. De Universiteit fan Lund waard yn 1666 stifte.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- Domtsjerke
- Lundagård
- Kulturen, iepenloftmuseum
- Histoarysk museum
- Kapittelhûs
- Kunsthall
- Raadhuis
- St. Peters klosterkyrkan
- Planetarium
Lund is in studintestêd en is fral ferneamd om het festival " Karneval" dat ienris yn de fjouwer jier hâlden wurdt. Dy dei mei fergelike wurde mei de Nederlânske Befrijingsdei. Minsken út de hiele provinsje reizgje dan op Lund oan. It planetarium yn de domtsjerke is ek it besjenwurdich.
Demografy
bewurkje seksjeJier | Ynwennertal |
1570 | 817 |
1610 | 1 145 |
1650 | 1 535 |
1690 | 1 251 |
1730 | 1 530 |
1770 | 2 078 |
1810 | 3 100 |
1850 | 6 709 |
1890 | 15 023 |
1930 | 24 520 |
1950 | 34 039 |
1970 | 52 359 |
1995 | 71 450 |
2005 | 76 188 |
Berne yn Lund
bewurkje seksje- Kai Siegbahn (1918-2007), natuerkundige
- Max von Sydow (1929), akteur
- Martin Dahlin (1968), fuotballer
- Joachim Johansson (1 july 1982), tennisser
- Timbuktu, rapper
- Björn Åkesson, Trance-DJ/produsint
- Linus Thörnblad (1985), atleet
- Axwell (18 desimber 1977), House-DJ/produsint
Sport
bewurkje seksjeFerienings:
Keppelings om utens
bewurkje seksje- Side fan de Universiteit fan Lund (Sweedsk of Ingelsk)
- Visit Lund Toeristyske ynformaasje oer Lund (in) .
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |