Lânskippen fan Sweden
De lânskippen fan Sweden (Sweedsk: Sveriges landskap) binne histoaryske regio's dy't lykwols gjin bestjoerlike funksje hawwe, mar wol wichtich binne op it mêd fan bygelyks kultuer en folkloare, streektaal, toerisme en geografy. Yn neislachwurken wurde oer it algemien sawol de provinsje dêr't in plak ta heart as it lânskip dêr't it plak yn leit neamd.
De Sweedske lânskippen moatte net troch elkoar helle wurde mei de Sweedske provinsjes (Sweedsk: län), dy't in modernere, suver bestjoerlike yndieling foarmje. De nammen fan dy provinsjes einigje altyd (útsein it lânskip Bohuslän) op län (losskreaun en sûnder haadletter), ek yn it deistich taalgebrûk. De measte provinsjes binne nei lânskippen ferneamd. Sa is de provinsje Skåne län nei it lânskip Skåne neamd, mar de provinsje dêr't it lânskip Närke it súdlik part fan foarmet, hjit Örebro län, nei de stêd Örebro.
De bestjoerlike funksje fan de lânskippen is hielendal oernaam troch de provinsjes. Sy hawwe gjin offisjele haadstêd en gjin bestjoersorgaan. Jongere leden fan it keningshûs krije tradisjoneel de titel hartoch fan ien as mear lânskippen, sa as kroanprinsesse Viktoria, dy't hartoginne fan Västergötland is. De lânskippen hawwe dêrnjonken symboalen fan kulturele, skiedkundige as folkloarystyske aard. Dat kin in flagge (soms), in typyske lânskipsblom, klaaiïng of sokssawat wêze.
De lânskippen bliuwe lykwols fan belang foar de regionale identiteit fan de Sweden. At Sweden fertelle oer it plak dêr't sy wei komme of oer har dialekt prate, dan neame sy net de provinsje, mar it lânskip. It heart ta de parate kennis fan de Sweden dat sy witte yn hokker lânskip in plak leit, fan de provinsje hawwe sy faak gjin aan.
De lânskippen
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Provinces of Sweden fan Wikimedia Commons. |