Greve

(Trochferwiisd fan Grevinne)

Greve (froulik: grevinne) is in aadlike titel. Yn de Nederlânske adel stiet de greve earne yn it midden fan de rangoarder, boppe de boarchgreve en ûnder de markgreve.

Etymology en oarsprong

bewurkje seksje

It wurd "greve" komt fan it Latynske graphio, dat fan de Byzantynske titel grapheus komt, dy't wer fan it Aldgrykske wurd γρᾰ́φειν (graphein, dat "skriuwer" betsjut). It Latynske wurd foar greve, comes betsjut "begelieder (fan de kening)". Yn de letromeinske tiid waard de comes largitionum (de begelieder fan de skatkeamer) in hege keizerlike finansjele beämte bedoeld.

Greve as amt en as titel

bewurkje seksje

Yn de Frankyske tiid wie in greve in amtstitel foar de man mei it heechste amtlik, juridysk en militêr gesach dy't keazen waard troch Karel de Grutte. De greve wie de offisjele fertsjinwurdiger yn it him taseine gebiet (goa). Meastentiids waarden de greven beneamd út leden fan wichtige famyljes en namen sy mei de biskoppen en abten diel oan de grutte ryksgearkomsten.

Der waarden ferskate funksjes fan greven ûnderskaat:

  • Goagreve : De fertsjinwurdiger fan de keizer yn in goa, in part fan it lân.
  • Boarchgreve : De militêre lieder oer in boarch.
  • Markgreve : De ferdigener fan in mark, yn in grinslân.
  • Paltsgreve : De bestjoerder fan in palts, in keizerlik hof.
  • Lângreve: De bestjoerder fan in lân dy't streekrjocht fan de kening en keizer liend waard.

Yn it Hillige Roomske Ryk waarden guon greven ferheft ta ryksgreven. Dy bestjoerden dan in ryksgreefskip, dy't ryksûnmidlik wie, dat wol sizze dat dy streekrjocht ûnderhearrich oan de keizer wie.

Greve as erflike titel

bewurkje seksje

Ynearsten wie it amt fan greve in benefisium dy't net erflik wie, en de gree koe ôfset wurde. Fan de tsiende en alfde iuw ôf waard it greve-amt stadichoan erflik en waarden greven part fan it feodaal stelsel. Guon greven koene sels in grutte mjitte fan selsstannigens krije. Der waarden gauris biskoppen en abten út greeflike skaaien keazen.

Greefskippen yn Nederlân

bewurkje seksje

Karel de Grutte hie der foar soarge dat yn it gebiet dat hjoed-de-dei Nederlân is, dat ek part útmakke fan it Frankyske ryk, it bestjoer fan it lân op regel wie. Likernôch wie der op it ein fan de 9e iuw, doe't de Wytsingen foarlutsen, sprake fan in ferwyldere tastân. Nederlân makke noch wol part út fan East-Frânsje, it Dútske ryk, mar der wie gjin sintrale macht dy't de pleatslike greven yn de stringen hâlde koe.

De greven erkenden de keizer noch wol as harren hear, mar hâlden harren as ûnôfhinklike potestaten. De titel fan greve waard erflik. Ek besochten sy harren gebieten út te wreidzjen yn it neidiel fan oare greven. De lytsere greefskippen waarden faak mei geweld oan de gruttere en machtigere ûndergeskikt makke. Oant en mei de lette Midsiuwen hienen de greven in grutte macht yn harren gebiet, faak kombinaasjes fan mear goaen dy't troch fererving in grutter greefskip foarme hienen. De keizer wie net by steat om hjir in ein oan te meitsjen. Hy koe syn gesach net hanthavenje.

Op it ein fan de Midsiuwen waard de macht lykwols troch de lienhearen werom naam. Yn dy keninkriken mei in sterk sintraal bewâld waard de greve ta net folle mear as in aadlike titel.