Goagreve
In goagreve wie it haad fan in goa yn it Frankyske Ryk. Hy hie in bestjoerlike, militêre en juridyske funksje. Goagreven waarden ynearsten út de omkriten fan de kening fan oansteld, letter út de pleatslike adel fan de goa. Hja foarmen mank mei de biskoppen en abten de Frankyske aritokrasy[1]. De goagreve wie ferantwurdlik foar syn eigen goa en moast him foar de kening ferantwurdzje. Dat makke it foar de Frankyske keningen, letter hofmeiers en keizers gâns makliker om it grutte ryk bestjoer te kinnen. It amt wie net erflik en beneamings wiene ynearsten foar it libben, mar yn gefal fan misbestjoer, of it fallen yn ûngeunst by de kening, koe de greve út syn amt set en ferfongen wurden. Doe't it Frankyske Ryk yn de njoggende iuw útinoar foel troch tsierderijen om de troan en it sintrale gesach fuortfoel, waard it greve-amt stadichoan erflik en ûntstiene der mear greeflike dynastyen yn West-Jeropa.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|