In jierdei is de dei dêr't men jins berte op fiert. Yn in protte lannen, wêrûnder Nederlân, komt jins jierdei oerien mei jins bertedei; dus wa't berne is op 1 juny, om mar in willekeurige datum te nimmen, fiert syn libben lang syn jierdei op 1 juny. Yn it gefal dat minsken berne binne op 'e skrikkeldei 29 febrewaris leit dat justjes oars, om't dy dei mar iens yn 'e fjouwer jier foarkomt. Sokke lju fiere har jierdei yn net-skrikkeljierren almeast op 28 febrewaris (yn deselde moanne) of inkeldris op 1 maart.

In jierdeistaart.

Soms komt it foar dat men om praktyske redens jins jierdei wolris op in oare dei fierd as wannear't jins jierdei eins falt. Soks kin ris ien kear foarkomme, bygelyks troch drokte op it wurk, mar it is ek mooglik dat it struktureel dien wurdt, bygelyks as in âlder syn jierdei op deselde dei hat as (ien fan) syn bern. Om dan it bern op dy dei yn it mulpunt fan 'e belangstelling te pleatsen, fiert de âlder syn eigen jierdei meastal op in oare dei.

Yn guon lannen fiert men jins jierdei lykwols hielendal net op jins bertedei, mar is it wizânsje om 'e jierdei op jins namdei te fieren, de dei fan 'e hillige nei wa't men ferneamd is.

Jierdeisgebrûken bewurkje seksje

Jierdagen wurde ornaris fierd troch famyljeleden en freonen út te nûgjen en kom op besite (by bern meastal oerdeis, by tiners en folwoeksenen jûns). By bern wurdt foarôf faak it hûs (of ien keamer fan it hûs) fersierd mei slingers. De besite lokwinsket dejinge dy't syn jierdei fiert, en jout faak in presintsje. By bern is der faak in wiere jierdeistaart mei kjerskes dy't oansnien wurdt, mar by folwoeksenen beheint soks him yn Fryslân almeast ta it optsjinjen fan gewoan gebak of oranjekoeke. By bern wurdt dejinge waans jierdei it is, tasongen mei in jierdeisferske.

Nammen foar jierdagen bewurkje seksje

As in man 50 jier wurdt, seit men wol dat er Abraham sjoen hat. Dy assosjaasje berêst op in misse ynterpretaasje fan in bibeltekst út Jehannes 8:57: "Doe seine de Joaden tsjin Him: Jo binne noch gjin fyftich jier âld, en Jo soene Abraham sjoen hawwe?" Dejinge dy't syn fyftichste jierdei fiert, wurdt yn dit ramt gauris útbylde mei in pop (faak makke fan koeke of oare itenswaren) mei dêrby in treffend wurdsje oer him. Foar froulju dy't fyftich jier wurde, jildt itselde gebrûk, mar dan mei Sara.

Folle minder bekend is dat itselde gebrûk ek mei 60 jier wol plakfynt (Izaäk of Rebekka), by 70 jier (Jakob of Rachel), by 80 jier (Joazef of Asnat), by 90 jier (Efraïm), en by 100 jier (Metusalim). Hjirby giet it om 'e soan, pakesizzer, oerpakesizzer en betoerpakesizzer fan Abraham mei harren respektivelike oarehelten. Metusalim libbe neffens it bibelboek Genesis folle earder, mar wurdt mei it berikken fan 'e hûndertjierrige leeftyd ferbûn om't er mei 969 jier de âldste persoan is dy't yn 'e Bibel neamd wurdt.

Oarsoartige jierdagen bewurkje seksje

Jierdagen hawwe ornaris betrekking op minsken, mar guon lju fiere ek wol de jierdei (bertedei) fan harren húsdieren. Fierders is it ek mooglik (mar wol wat ûngewoan) dat men de term 'jierdei' brûkt om nei de oprjochtingsdei fan in bedriuw, feriening, stifting of oare organisaasje te ferwizen. In gongberder term foar soks is jubileum, en dêr wurdt yn 'e regel inkeld oandacht oan bestege by 'grutte' oantallen, lykas in 10-, 25-, 50-, 75- of 100-jierrich bestean of by in lustrum (ienris yn 'e fiif jier). Yn it ferlingde hjirfan kin ek in houliksdei, de dei dat men safolle jier troud is, as in soarte fan jierdei beskôge wurde, nammentlik de jierdei fan it houlik. Dat wurdt lykwols frijwol nea sa neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.