Joazef (soan fan Jakob)

(Trochferwiisd fan Joazef (aartsfaar))

Joazef (Hebriuwsk: יוֹסֵף, bestjutting: God foeget ta) is in persoan út it Alde Testamint en de op ien nei jongste soan fan de aartsheit Jakob. Jakob wie tige wiis mei Joazef en neffens de Bibel wie hy syn favorite soan. Ut oergeunst ferkochten syn bruorren him dêrom as slaaf oan Ismaeliten, dy't Joazef nei Egypte brochten. Yn Egypte wist Joazef opgong te meitsjen, hy kaam yn de geunst fan de farao en waard sels ûnderkening. Yn in tiid fan oerfloed liet Joazef foar mindere tiden in diel fan de oerfloed opslaan. Doe't der in grutte hongersneed kaam wie der tanksij it wize belied fan Joazef genôch te iten yn Egypte. De hongersneed brocht mannichien nei Egypte om dêr iten te keapjen en ferienige ek Joazef wer mei syn famylje doe't ek syn bruorren foar de ûnderkening ferskynden om nôt te keapjen fan Egypte's oerfloed.

Joazef as ûnderkening (Alma Tadema, 1874)

Yn de Koran waard it ferhaal fan Joazef gruttendiels oernommen.

It bibelsk ferhaal

bewurkje seksje

De dreamen fan Joazef

bewurkje seksje

Joazef wie de soan fan Jakob's twadde frou Rachel, dy't nei Joazef ek noch de berte joech oan Benjamin, Joazef's iennige folle broer. Ta ôfgrizen fan syn healbroers hâlde Jacob mear fan Joazef dan fan alle oare soannen en hy joech Joazef de moaiste klean. De oergeunst fan syn bruorren sloech oer yn haat doe't Joazef domdryst fertelde oer syn dreamen. Sa dreamde Joazef dat hy mei syn bruorren op it lân oan it skeafenbinnen wie. De skeaven fan syn bruorren gyngen om de skeaf fan Joazef stean om harren te bûgjen foar Joazef's skeaf. Mei in twadde dream makke Joazef it noch bûnter: hy dreamde no dat de sinne, de moanne en de alve stjerren harren foar Joazef boegden. Dizze opskepperij gyng ek Jakob te fier en hy sette syn soan te plak.[1]

Joazef wurdt ferkocht as slaaf

bewurkje seksje
 
Joazef wurdt troch syn bruorren ferkocht as slaaf (Balthasar Beschey, 1744)

Doe't Joazef's bruorren it fee weiden by Dotan waard Joazef yn opdracht fan syn heit dêrhinne stjoerd, om te hifkjen hoe't it mei harren en it fee gyng. De bruorren fan Joazef seagen him al fan fierrens yn syn pronkklean oankommen en woene dizze bedoarne jonge it leafst om it libben bringe. Mar Ruben, de âldste soan fan Jakob, woe gjin bloed ferjitte en stelde út om him yn in lege put te smiten. Ruben wie fan doel om Joazef letter wer út de put te heljen en nei syn heit te stjoeren, mar wylst hy fuort wie kaam der in karavaan en op inisjatyf fan Juda ferkochten de broers Joazef foar tweintich sulverstikken oan slavenhannelers. Nei't de bruorren de moaie klean fan Joazef ferskuord en mei bloed fan in geit bestrutsen hiene, stjoerden se de klean nei harren heit sa't it like dat Joazef troch in wyld bist wie opfretten.[2]

Joazef by Potifar

bewurkje seksje
 
De frou fan Potifar pakt Joazef by syn kleed en wol him by har yn 't bêd lûke, Giovanni Francesco Barbieri (1649)

Yn Egypte waard Joazef trochferkocht oan Potifar, in hoveling fan de farao. Dêr gong it Joazef sa goed, dat hy in oanstelling krige yn it hûs fan de hoveling. No wie Joazef in kreaze ferskining en it barde dat de frou fan Potifar it op Joazef fersjoen hie. Hja besocht him te ferlieden mar Joazef bleau trou oan syn hear en gyng der net op yn. Ek net nei't hja him ris by syn kleed pakte en him hiet by har te lizzen. Joazef wist út te naaien, mar rekke syn kleed kwyt om't de frou fan Potifar it stiif beet hold. De frou wie slim misledige no't hja in blauke rûn en naam wraak troch Joazef falsk te beskuldigjen dat hy har besocht hie tenei te kommen. Joazef's hear leaude syn frau en sa kaam Joazef yn de finzenis telâne.[3]

Joazef wurdt ûnderkening

bewurkje seksje
 
Joasef leit de dreamen fan de farao út

Yn de finzenis kaam Joazef yn 'e geunst by de sipier en dy betroude Joazef de soarch foar oare finzenen ta. Sa kaam Joazef yn kontakt mei twa bysûndere finzenen: de opperskinker en de opperbakker fan de farao. Joazef wist dizze finzenen ris te helpen troch in dream út te lizzen. Ien fan dizze finzenen, de opperskinker, kaam letter frij en doe't de farao ris in wûndere dream hân hie en witte woe wat it te betsjutten hie, rikkemandearre de skinker Joazef oan om syn dreamen út te lizzen.[4]

Sa kaam Joazef by de farao en dêr krige hy farao's dreamen te hearren. De iene dream gyng oer sân fette kij, dy't troch sân meagere kij waarden opfretten. De twadde dream gyng oer sân skrale ieren dy't sân moaie ieren opslokten. Joazef lei de farao út dat beide dreamen ien betsjutting hiene en dat de sân fette kij en sân moaie ieren foar sân jierren fan oerfloed stiene, dy't mei de skrale kij en de suterige ieren folge waarden troch sân jierren fan hongersneed. Ek riede Joazef de farao oan om maatregels te nimmen en foar de sân meagere jierren foarrieden oan te lizzen. De farao wie sa optein mei de útlis fan syn dreamen en de wize rie, dat hy Joazef fuortendaliks beneamde ta de op ien nei wichtichste man fan it ryk. Joazef krige fan de farao de namme Safnat Paneäch en hy joech Asnat, de dochter fan pryster Potifeara, as frou. [5]

Joazef sjocht syn bruorren wer

bewurkje seksje

De foarspellings fan Joazef kamen út en nei de fette jierren kamen de jierren fan honger en brek. Ek yn Kanaän wie it slim en op in dei sei Jakob dat er heard hie dat der yn Egypte wol genôch iten te krijen wie en hy stjoerde alle soannen der op út om dêr nôt te keapjen. Allinnich Benjamin, Joazef's folle broer, bleau thús, want Jakob woe út noch yn net dat Benjamin wat oerkomme soe.

De soannen kamen by de ûnderkening en bûgden harren djip en net ien fan harren hie yn 'e rekken dat hja sa djip bûgden foar har eigen broer. Mar Joazef seach wol dat it syn bruorren wiene, dy't him as slaaf ferkocht hiene, mar liet dat fierders net blike. Joazef betocht in plan en hy frege harren út oer de famylje. Sa kaam Joazef wat te witten oer syn heit en syn broer Benjamin. Ek begûn hy de bruorren te beskuldigjen fan spionaazje yn it ryk fan de farao en hy liet se trije dagen finzen sette. Nei't dy trije dagen wer foarby wiene, stienen de bruorren op 'e nij foar Joazef. Hy joech de bruorren te ferstean dat hy se ûnder ien betingst gean liet: hja krigen sekken nôt mei, mar moasten werom komme mei harren jongste broer Benjamin en om der wis fan te wêzen dat de bruorren harren wurd holden moast ien fan harren, Simeön, yn Egypte efterbliuwe. Joazef joech syn tsjinders opdracht om it jild, dat syn bruorren foar it nôt betelje moasten, temûk yn de sekken nôt te dwaan en doe't de bruorren dit letter ûntdutsen waarden se hielendal kjel. No koene se ek noch foar dieven útmakke wurde en fertwifele fregen de bruorren harren ôf wat God har no oandien hie.[6]

Doe't de bruorren werom yn Kanaän wiene en harren heit fernijden wat de ûnderkening fan harren easke hie, makke de âlde Jakob harren ferwiten en frege wêrom't hja de ûnderkening ferteld hiene dat der noch in broer wie. It beslút fan Jakob stie fêst: hy liet Benjamin net gean. Mar doe't de honger oanbleau en it graan oprekke moast er belies jaan en syn jongste soan gean litte nei Egypte. Om de ûnderkening tefreden te stellen liet Jakob geskinken meinimme en dûbeld safolle jild om ek it jild yn de sekken werom betelje te kinnen.[7]

 
Joazef makket him bekend as harren broer (Gerbrand van den Eeckhout, 1657)

De twadde reis nei Egypte

bewurkje seksje

Foar de twadde kear reizgen de bruorren fan Joazef no nei Egypte en dit kear mei Benjamin. By it sjen fan syn broerke Benjamin rekke Joazef tige oandien, dat hy him ôfsûnderje moast om út te gûlen. Nei't Joazef syn bruorren te iten en drinken jûn hie, joech hy opdracht de sekken groatfol mei graan te foljen en it jild dat de bruorren betellen op 'e nij yn de sekken te lizzen. Mar yn de sek fan Benjamin liet Joazef ek noch syn sulveren beker ferstopje.

Underweis nei Kanaän waarden de bruorren ynhelle troch de tsjinstfeint fan Joazef, dy't yn opdracht fan Joazef de bruorren fan it stellen fan de sulveren beker beskuldige. De bruorren begrepen der neat fan en seine, dat as de beker by harren fûn waard, dat hja dan as slaaf mei werom gean soene. Grut wie de skrik doe't de beker yn Benjamin's sek fûn waard en wol sa grut, dat de bruorren harren klean stikken skuorden. Allegear gyngen hja mei werom nei de stêd en dêr smieten hja har foar de ûnderkening del om harren as slaaf oan te bieden. Nei't Joazef sei dat allinnich Benjamin bliuwe moast as slaaf om't by him de beker fûn wie en dat de rest gean mochten, kaam Juda, de broer dy't útsteld hie om Joazef te ferkeapjen, nei foarren. Hy lei út hoe dreech it west hie foar syn âlde heit om syn jongste soan gean te litten en dat syn heit stjerre soe as de jongen net werom kaam. Dêrom frege Juda oft hy it plak fan Benjamin as slaaf net ynnimme mocht. Juda's wurden "Hoe soe ik nei ús heit tagean kinne, as de jonge net by my is? It leed dat ús heit dan treffe sil, soe foar my net om oan te sjen wêze" taaste Joazef sa yn 't moed, dat hy yn gûlen útbarstte. No koe Joazef him net mear stilhâlde en hy makke him bekend as harren broer dy't hja ferkocht hiene.

 
Jakob jout de soannen fan Joazef syn segen (Rembrandt van Rijn)

Om't de hongersneed noch oanhold stelde Joazef út dat de bruorren de heit mei de famylje en it besit ophellen om harren yn Egypte nei wenjen te setten. Beladen mei geskinken gyngen de bruorren werom nei Kanaän en doe't hja harren heit fertelden dat Joazef noch libbe en sels ûnderkening wie, woe it de âlde Jakob ynearsten net oan. Nei't God yn in dream oan Jakob ferskynde en him sei net benaud te wêzen om nei Egypte te gean makke Jakob him klear om ôf te reizgjen. Mei Jakob en syn soannen gyng al it neiteam en it fee en oar besit de reis oan en hja setten harren yn it lân Gosjen nei wenjen.[8]

De dea fan Jakob en Joazef

bewurkje seksje

Joazef krige twa soannen: Manasse en Efraïm. Syn heit Jakob libbe noch santjin jier yn Egypte. Doe't er siik waard naam Joazef syn soannen mei nei Jakob om harren segenje te litten. Mar ynstee fan Manasse krige de jongere Efraïm de segen fan de âldste. Sa sette Jakob Efraïm boppe Manasse. Nei it ferstjerren fan Jakob liet Joazef syn heit balsemje en neffens syn lêste winsk begrave yn it lân Kanaän.

Joazef stoar doe't hy hûnderttsjien jier âld wie. Syn lichem waard balseme en yn Egypte yn in kiste lein.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Genesis 37: 1-11
  2. Genesis 37:12-33
  3. Genesis 39:1-20
  4. Genesis 39:21-23; Genesis 40
  5. Genesis 41:1-45
  6. Genesis 42:1-25
  7. Genesis 41:46-57; Genesis 42:1-38
  8. Genesis 43, 44, 45