Oranjekoeke is in Fryske spesjaliteit, in traktaasje by bysûndere gelegenheden.

Stikjes Fryske oranjekoeke

In oranjekoeke is in plaat fan koeke, mei oer de boppekant rôze glazuer. Dit wurdt almeast fersiere mei krêm, mei dêrop fruchtsjes en hjir en dêr in sûkelaadsje. De koeke wurdt ôfmakke mei karamellearre sinesappelrasp dêroerhinne.

De namme oranjekoeke jout gauris wat betizing om't de koeke rôze is troch de glazuer. Oranje ferwiist lykwols nei dy stikjes sinesappelskyl (snipels) dy't yn 'e koeke meibakt wurde. Ut en troch wurde der oranjekoeken makke dy't wier oranje binne. Dat hat dan almeast in ferbân mei it Keningshûs.

Untwikkeling

bewurkje seksje

Yn de earste helte fan de 20e iuw wie dit in rûne koeke, sûnder folling of krêm. Yn it midden fan de iuw is der in krêmfersiering opkaam, en sûnt de santiger jierren wurdt de koeke almeast folle mei spiis. Dy selde tiid is de krêm foar it meastepart ferfongen troch slachrjemme. Ek is de foarm no gauris rjochthoekich. De feroarings hawwe al gefolgen hân foar de hâldberens: de koeke sels kin moannen hâlde, mar fral de krêm en slachrjemme wurde gau ferkeard.

De koeke wurdt opdield yn stikjes, likernôch sa grut as in taartsje, en oanbean by de kofje of tee. Eartiids wie dit in koeke fral foar op in trouwerij, mar no is it in wat gewoanere traktaasje wurden.

Grutste koeke

bewurkje seksje

De aldergrutste oranjekoeke ea, is op 27 maaie 2006 makke troch de bakkers fan Snits. Hja bakten in koeke fan 117,5 kante meter.

 
Fryske bakkersprodukten

brune koeke · drabbelkoek · dúmkes · keallepoat · krûdkoeke · oranjekoek · soetelief · steur · sûkerbôle · sûkerlatte · Switsersk taartsje · wite koeke