Brune koeke is in Fryske reepkoekesoarte. Der binne in soad reepkoekeresepten en meardere Fryske bakkers brûke itselde resept mar troch de behanneling en de ûnesoarte hat dochs elkenien syn eigen koeke.

De measte resepten begjinne mei kôkdaai. Reepkoeke wurdt makke fan grûndaai en oare grûnstoffen.

Grûndaai bewurkje seksje

Grûndaai yngredïnten bewurkje seksje

  • 100% roggeblom
  • 80% koekeswiet
  • 40% wetter
  • 1% restant koeke

Grûndaai meitsje bewurkje seksje

Koekeswiet, wetter en restant koeke koitsje litte en de koitsjende massa troch de roggeblom draaie. Krekt salang (minstens in kertier) oant der in homogene massa is en der gjin blomrêsten mear te sjen binne. De eintemperatuer fan dit mingsel moat 65° C wêze. Dan moat it kuolle wurde en minimaal 24 uur lizze. Dêrnei wurde de oare grûnstoffen der troch mongen yn minimaal in kertier. By it koitsjen fan lytse poarsjes koekedaai is it ekstra fan belang dat de roggeblom en de mingbak op keamertemperatuer binne. As it hjitte sûkermingsel yn te kâlde roggeblom komt, sakket de temperatuer ûnder de 65°C. It grûndaai wurdt op ynsmarde platen tin útdrukt om it fluch ôfkuolje te litten oant 65 °C. Dat is de optimale temperatuer om it setmoal fan roggeblom ferstiselje te litten. It grûndaai ôfstrike mei oalje.

It ôfkuollle daai ôfdekke mei plestyk om gjin koarstefoarming te krijen. It daai moat 2-3 dagen yn de kuolling om de soergraad dy ’t fan natuere yn koeke foarkomt stige te litten. In hege soergraad befoarderet de gasûntwikkeling foan koalsoer en potjiske (kaliumkarbonaat). Dat is de reden dat mei âlde daai in moaiere koeke jout as fan farsk daai. As it daai fluch ôfwurke wurde moat kin in diel fan it wetter ferfongen wurde troch sûpe. Dan giet de soergraad keunstmjittich omheech, en dogge de bakpoeiers ek better harren wurk.

Resept brune koeke bewurkje seksje

Yngredïnten bewurkje seksje

  • 300 gram basisdaai
  • 3,5 gram koekeswiet
  • 3,5 gram brune sûker
  • 3,2 gram bakpoeier
  • 3 gram koekekrûden

Wurkwize brune koeke bewurkje seksje

  1. Basisdaai, sûker, koekeswiet en krûden goed minge ta in homogeen daai
  2. Eventueel noch in bytsje wetter tafoegje as it daai wat oan de stive kant is
  3. As alles goed troch elkoar sit, en at der gjin streken fan de krûden mear te sjen binne, de bakpoeier tafoegje
  4. Alles goed minge oant alle wurkjende stof der goed trochhinne sit
  5. It daai yn stikken fan 200 gram ôfwage
  6. Fan it daai in pille meitsje en ferdiele yn de ferdielbak (bakfoarm)
  7. De daaistikjes útrôlje op in planke ta pillen en ynsmarre mei oalje
  8. de ynsmarde daaipillen kantelje sadat de oalje der tusken sit
  9. yn de koekeplaten lizze en oandrukke
  10. yn ± 60 minuten ôfbakke op 195 °C
  11. as de koeke gear is daliks út de bakfoarmen helje en op de planken ôfkuolje litte

Koekeswiet bewurkje seksje

Koekswiet is in swietmingsel dat bestiet út inkelfâldige sûkers, glukoaze en fruktoaze. It wurdt brûkt as ferfanging fan it eardere ynvertsûker en massee. Ynstee fan eartiids 100 gram ynvertsûker en 100 gram massee wurdt tsjintwurdich 200 gram koekeswiet tafoege.

It setten fan in goede grûndaai is by koekebakken tige wichtich, want it wurdt direkt oan it grûndaai tafoege. De konstante soergraad fan koekeswiet en de krekte gearstalling fan de sûkers soarget foar in komstante kwaliteit fan de koeke. Troch koekeswiet te ferfangen troch huningswiet, kin de koeke ferkocht wurde as huningkoeke.

It bakken fan koeken bewurkje seksje

Koeke kin bakt wurde as

Snijkoeke bewurkje seksje

By snijkoeke wurdt it daai fuortdaliks op de plaat drukt, strutsen mei olle kofjemolke en nei it bakken snien. Dit wurdt dien by koekesoarten sûnder fulling dy’t tsjin de sydkant sit, lykas moarnsitenkoeke, âlde wivekoeke en oare snijkoeke lykas nutekoeke dêr ’t alllinnich nuten der boppe-op.

Oanleine koeke bewurkje seksje

By oanleine koeke wurdt in opsteande râne tusken de koeken lein of wurdt der mei in kwastke oalje op de sydkanten oansmard sadat se net oan elkoar oan bakke. Dit bart by koeke dy ’t oanset is mei bepaalde folling lykas gimberkoeke, resinekoeke of sukadekoeke.

De koeke dy ’t oan de râne fan de bakplaat siet waard earder wol apart ferkocht as koarstekoeke. Koartstekoeke (ek wol kantkoeke neamd) is wat hurder bakt en waard meast goedkeap ferkocht.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

· Bakkerspedia


 
Fryske bakkersprodukten

brune koeke · drabbelkoek · dúmkes · keallepoat · oranjekoek · soetelief · steur · sûkerbôle · sûkerlatte · Switsersk taartsje · wite koeke