Kôkdaai
Kôkdaai, sieddaai of soezedaai is in daai makke fan wetter, bûter, moal en aaien. It wurdt makke troch ien diel bûter yn twa dielen wetter te ranen op in hiel sêft fjoer, en hjir wat mear as ien diel moal by te dwaan. Dêrnei wurdt de panne fan it fjoer helle en wurde der stadichoan trije dielen aaien trochhinne rierd. Foar sâlte soeskes wurdt wat sâlt oan it daai tafoege.
It kôkdaai kin bygelyks as lytse boltsjes op in bakplaat yn de ûne bakt wurde, wêrby ’t rekken holden wurdt mei it feit dat de boltsjes flink opswolle. Trochdat it wetter yn it daai sieden giet en steam wurdt, sille de boltsjes grutter wurde, sûnder dat der riismiddel yn it daai brûkt is. Sa wurde soeskes makke, dy ’t iepenknipt wurde om te foljen, of troch in gatsje opspuite. Reepkoeke en eklêrs wurde ek fan kôkdaai makke.
Moarkoppen wurde makke op basis fan in gruttere bol kôkdaai.