Sûpe
Sûpe (Stedsfrysk:Suup) is in molkprodukt dat ûntstiet by it meitsjen fan bûter en waard eartiids in soad brûkt. Tsjintwurdich wurdt sûpe noch wol wurdearre, fral at it kâld optsjinne wurdt, by hjit waar.
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/a/a9/Buttermilk12.jpg/200px-Buttermilk12.jpg)
Hjoeddeisk wurdt hast alle sûpe makke yn de suvelfabryk. Oan meagere molke wurde molksoerbaktearjes tafoege. Dêrtroch wurdt molksûker (laktoaze) omset yn molksoer. Biologysk-dynamyske sûpe wurdt noch op de âlderwetske wize makke.
Nammen dy't op de hannel wize binne nammen yn Ljouwert as Suupsteeg, Deinumer en Huzumer Suupmerk; yn Snits de Suupmarkt.
Sûpe wurdt ek brûkt foar iten as
- sûpengroattenbrij (mei grôt)
- sûpenmoallenbrij (ek:sûpenmoalyn of sûpenmoalyntsje)s
- sûpenstút (farske sûpe mei wite bôle).
Ek de taal bewiist de bekendheid:
- Goed by jins sûpenstút wêze (goed by jins ferstân, nofteren)
- sa wyt as sûpe
- it bloed wurdt my sûpe
- sa goed as sûpe (deagoed) ek: sa goed as bôle
- sa sêd as sûpe wêze (sa sêd as in protter)
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Wikiwurdboek-side - sûpe
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|