Soetelief

Fryske reepkoekesoarte

Soetelief is in Fryske reepkoekesoarte. Der binne in soad reepkoekeresepten en meardere Fryske bakkers brûke itselde resept mar troch de behanneling en de ûnesoarte hat dochs elkenien syn eigen koeke. De measte recepten begjinne mei kôkdaai.

Grûndaai (basisdaai)

bewurkje seksje

Soetelief wurdt makke fan grûndaai (ek wol basisdaai neamd) en oare grûnstoffen. It grûndaai is in griemmank fan roggeblom en in siedende sûkerfloeistof. De eintemperatuer fan dit mingsel moat 65° C wêze. Mei ôfkuoljen moat it minimaal 24 oeren lizze.

By it koitsjen fan lytse poarsjes koekedaai is it ekstra fan belang dat de roggeblom en de mingbak op keamertemperatuer binne. As it hjitte sûkermingsel yn te kâlde blom lomt, sakket de temperatuer ûnder de 65°C. Dy temperatuer is fan belang troch de omsettings dy ’t yn it daai optrede moatte. (in soarte fan gear wurden fan it daai) Ynstee fan koekeswiet wurdt ek wol huning brûkt [1]

Yngrediïnten fan de grûndaai

bewurkje seksje
  • 200 g koekeswiet
  • 500 g blanke sjerp
  • 7,2 dl wetter
  • 250 gram roggeblom

Resept foar grûndaai

bewurkje seksje
  • De koekeswiet, blanke sjerp en wetter ôfwage yn de kôkpanne.
  • Set de kôkpanne op it fjoer en lit it mingsel siede
  • As it siert de roggeblom yn de kneedmasine dwaan
  • It sierende sop der by dwaan en minge oant it in homogene massa is.
  • It daai ôfwage en yn in platte bak dwaan
  • It daai yn de bak flakstrike en mei oalje ynsmarre
  • De bak yn de kuolling sette.

Yngredïnten

bewurkje seksje
  • 220 g grûndaai koeke
  • 70 g koekeswiet
  • 14 g mingde koekekrûden
  • 23 g bakpoeier
Folling
  • 220 gr pearelsûker/sûkernibs[2]
  • 50 gr oranje snipels
  1. Meitsje fan it grûndaai, koekeswiet en krûden in homogeen daai.
  2. Eventueel noch in bytsje wetter der by dwaan as it daai wat oan de stive kant is.
  3. At alles goed mongen sit en der gjin sttreken fan de krûden te sjen binne it bakpoeier der by dwaan.
  4. Alles goed minge oant alle wurksume stof der goed trochhinne sit.
  5. As lêste de folling der troch draaie oant dit goed ferdield is. # Meitsje fan it daai in pille
  6. De pillen ynsmarre mei oalje.
  7. De daaipillen kantelje sadat der oalje tusken sit.
  8. Yn de koekeplaten lizze en oandrukke.
  9. De koeke yn ± 70 minuten ôfbakke op 195 °C
  10. De geare koeken op in planke ôfkuolje litte.

Koekeswiet is in swietmingsel dat yn haadsaak bestiet út inkelfâldige sûker, glukoaze en fruktoaze. It wurdt brûkt as ferfanging fan it eartiidse ynvertsûker en boarstehuningmassee. Ynstee fan eartiids 100 gram ynvertsûker en 100 gram massee wurdt tsjintwurdich 200 gram koekeswiet brûkt.

It setten fan in goede grûndaai is by it koekebakken tige wichtich, want it wurdt direkt oan it grûndaai tafoege. De konstante soergraad fan koekeswiet en de krekte gearstalling fan de sûkers soarget foar in komstante kwaliteit fan de koeke. Troch koekeswiet te ferfangen troch huningswiet, kin de koeke ferkocht wurde as huningkoeke.

It bakken fan koeke

bewurkje seksje

Koeke kin bakt wurde as snijkoeke en as oanleine koeke.

By snijkoeke wurdt it daai fuortdaliks op de plaat drukt, strutsen mei olle kofjemolke en nei it bakken snien. Dit wurdt dien by koekesoarten sûnder fulling dy’t tsjin de sydkant sit, lykas bôlekoeke, âlde wivekoeke en oare snijkoeke lykas nutekoeke dêr ’t alllinnich nuten der boppe-op.

Oanleine koeke

bewurkje seksje

By oanleine koeke wurdt in opsteande râne tusken de koeken lein of wurdt der mei in kwastke oalje op de sydkanten oansmard sadat se net oan elkoar oan bakke. Dit bart by koeke dy ’t oanset is mei bepaalde folling lykas gimberkoeke, resinekoeke of sukadekoeke.

De koeke dy ’t oan de râne fan de bakplaat siet waard earder wol apart ferkocht as koarstekoeke. Koarstekoeke (ek wol kantkoeke neamd) is wat hurder bakt en waard meast goedkeap ferkocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Huning yn de soetelief
  2. sûkernibs binne bakfêste sûukerbrokken. De sûkerbrokken kinne brûkt wurde as folling, mar ek as dekoraasje op koeke of op koekjes
 
Fryske bakkersprodukten

brune koeke · drabbelkoek · dúmkes · keallepoat · krûdkoeke · oranjekoek · soetelief · steur · sûkerbôle · sûkerlatte · Switsersk taartsje · wite koeke