Koarstekoeke
Koarstekoeke is in hurdbakte koeke fan smelle stikken daai dy't bylâns de latten op de bakplaat set is. Dêrtroch krige de gewoane brune koeke gjin koarsten oan de sydkant. Meast waard de koarstekoeke goedkeaper ferkocht, mar se waarden ek wolris spesjaal bakt.