You Only Live Twice (film)

film út 1967 fan Lewis Gilbert

You Only Live Twice is in Britsk-Amerikaanske Technicolor-spionaazjeskriller út 1967 ûnder rezjy fan Lewis Gilbert, mei yn 'e haadrollen Sean Connery as geheim agint James Bond en Akiko Wakabayashi en Mie Hama as de Bond girls Aki en Kissy Suzuki. De titel betsjut letterlik "Libbest Mar Twa Kear", en ferwiist op humoristyske wize nei it Ingelske sprekwurd you only live once ("libbest mar ien kear"). De film is basearre op 'e roman mei deselde namme út 1964 fan Ian Fleming.

You Only Live Twice
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Lewis Gilbert
produsint Harry Saltzman
Albert R. Broccoli
senario Roald Dahl
basearre op de roman fan Ian Fleming
kamerarezjy Freddie Young
muzyk John Barry
filmstudio Eon Productions
distribúsje United Artists
spilers
haadrollen Sean Connery
Akiko Wakabayashi
Mie Hama
byrollen Tetsurō Tamba
Teru Shimada
Karin Dor
Donald Pleasence
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 12 juny 1967
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk (ek wat Russysk en Japansk)
spyltiid 117 minuten
budget en resultaten
budget $9,5 miljoen
opbringst $111,6 miljoen
filmsearje
filmsearje James Bond
● foarich diel Thunderball
● folgjend diel On Her Majesty's Secret Service

It ferhaal folget de Britske MI6-agint James Bond as er ûndersykje moat wa't ferantwurdlik is foar de ferdwining fan twa romtefartugen, dy't de wrâld op 'e râne fan in kearnoarloch tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny brocht hat. It spoar liedt nei Japan, dêr't de ynternasjonale terroristyske organisaasje SPECTRE yn opdracht fan in net by namme neamde grutmacht (dúdlik de Folksrepublyk Sina) efter de ferdwinings blykt te sitten. Oan Bond de taak om dat te bewizen foar't in nije ferdwining in Amerikaanske oanfal op 'e Sovjet-Uny útlokket.

You Only Live Twice wie it fyfde diel út James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Thunderball. In folgjend diel yn 'e searje, On Her Majesty's Secret Service, kaam út yn 1969. You Only Live Twice krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. It wie lykwols ek de earste film yn 'e searje dy't minder opbrocht as syn foargonger, mei't de merk foar spionaazjeskrillers fersêde oan it reitsjen wie. Dêroan droegen ferskate neibearings fan 'e James Bond-films fan Eon Productions by, lykas Casino Royale, ek oer James Bond, dy't yn 1967 troch Columbia Pictures útbrocht waard.

It romtefartúch Jupiter 16, fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA, wurdt yn in baan om 'e Ierde kaapt troch in grutter romteskip fan ûnbekende oarsprong, dat de Jupiter 16 "fangt" yn syn iepengeande, holle noas, mei de dea fan ien fan 'e Amerikaanske astronauten ta gefolch. It ûnbekende romteskip keart dêrnei werom nei de Ierde en ferdwynt earne yn 'e omkriten fan 'e Japanske See. Mei de Kâlde Oarloch yn folle gong binne de Feriene Steaten der hillich fan oertsjûge dat de Sovjet-Uny efter de ferdwining fan 'e Jupiter 16 sit.

It Britske regear is lykwols fan miening dat in trêde partij foar it ynsidint ferantwurdlik wêze moat, dy't in kearnoarloch tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny besiket út te lokjen. De Amerikanen spylje dy mysterieuze dieders alhiel yn 'e kaart troch in ultimatum nei de Sovjet-Uny te stjoeren: as der mei de Jupiter 17, dy't mei koarten lansearre wurde sil, wer soks barre sil, dan wurdt dat as in casus belli beskôge. Om foar te kommen dat it Amerikaanske regear mei syn ûnberette manear fan dwaan de Trêde Wrâldoarloch útlokket, set de Britske ynljochtingetsjinst MI6 syn bêste man op 'e saak: geheim agint James Bond.

Dyselde befynt him op dat stuit yn 'e Britske kroankoloanje Hongkong, dêr't er by in moardoanslach om it libben komt. Hy kriget neitiid in seemansgrêf, mar as syn stoflik omskot de seeboaiem berikt, wurdt it opfandele troch dûkers, dy't it meinimme nei in Britske dûkboat. Dêr wurde de wynsels om it lyk iepenmakke en komt in yn plestik bewuolle en mei in soerstofflesse tariste Bond foar it ljocht, dy't noch springlibben blykt te wêzen. De dûkboat is de mobile basis fan M, it haad fan MI6, dy't Bond opdracht jout om te ûndersykjen wa't der echt efter de ferdwining fan 'e Jupiter 16 sit. Om in kearnoarloch foar te kommen hat er dêr mar koart de tiid foar.

Bond wurdt troch de dûkboat op 'e Japanske kust ôfset. Yn 'e haadstêd Tokio makket er by in wedstryd sumowrakseljen kontakt mei Aki, in aginte fan 'e Japanske geheime tsjinst, dy't him by Dikko Henderson bringt, in MI6-agint dy't yn Japan stasjonearre is. Henderson beweart bewiis te hawwen fan wa't der efter de ferdwining fan 'e Jupiter 16 sit. Neffens him is it net de Sovjet-Uny en ek net Japan, mar in oare Eastaziatyske grutmacht. (De namme fan 'e Folksrepublyk Sina wurdt yn 'e hiele film net neamd, mar it is dúdlik dat dy bedoeld wurdt.) Dy grutmacht hat it wurk útbestege oan in oare organisaasje, dy't him wer ferskûlet efter de fasade fan in grut Japansk bedriuw. Ear't Henderson nammen neame of syn bewiis presintearje kin, wurdt er lykwols fermoarde.

Bond efterfolget en deadet de moardner, en docht dan by wize fan momkape dy syn klean oan, wêrnei't er him troch de sjauffeur fan 'e flechtauto nei it plak ride lit dêr't de dieders wei komme. Dat blykt it haadkertier fan it bedriuw Osato Chemicals te wêzen. De sjauffeur, dy't noch altyd net merkt dat Bond net syn maat is, bringt him nei it kantoar fan 'e direkteur, dêr't Bond de man (mei muoite) oermasteret. Mear troch gelok as wiisheid ûntdekt er yn it kantoar in klûs, dêr't er ynbrekt en in protsje dokuminten út stelt. Dêrnei wit er hielhûds út it gebou te ûntsnappen, wêrby't er foar de haadyngong, dêr't er deasketten driget te wurden, rêden wurdt troch Aki.

Sy nimt Bond mei nei in ferlitten metrostasjon dêr't se ynienen útnaait. Bond efterfolget har, mar knoffelet by in iepenklappende faldoar del en glidet it kantoar yn fan "Tiger" Tanaka, de sjef fan 'e Japanske geheime tsjinst. De stellen papierren befetsje û.m. in foto fan it frachtskip de Ning-Po, dy't foarsjoen is fan in microdotboadskip dat stelt dat de Amerikaanske toeriste dy't de foto nommen hat, út feilichheidsomtinkens deamakke is. Dat makket dat Tanaka yngeand ûndersyk dwaan lit nei de Ning-Po. Underwilens nûget er Bond út om by him thús te genietsjen fan in bad en in massaazje. Bond syn masseuze blykt Aki te wêzen, mei wa't er oan it tútsjen rekket, wêrnei't er har meinimt op bêd.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare moarns giet Bond werom nei it haadkertier fan Osato Chemicals foar in formele moeting mei algemien direkteur Osato sels. Dêrby docht er him foar as de fertsjintwurdiger fan in Britsk bedriuw dat in saaklike oerienkomst mei Osato Chemicals slute wol. Under it petear bliuwt Osato tige freonlik, mar sadree't Bond it kantoar ferlitten hat, jout er syn sekretaresse Helga Brandt opdracht om Bond te fermoardzjen. It docht nammentlik bliken dat sawol Osato as Brandt heechpleatste funksjonarissen binne fan 'e ynternasjonale terroristyske organisaasje SPECTRE. Bûten it haadkertier fan Osato Chemicals wurdt Bond troch trewanten fan Osato ûnder fjoer nommen, mar Aki rêdt him op 'e nij.

Tanaka oarderet harren om troch te riden nei Kobe, dêr't de Ning-Po ôfmarre leit. As se yn 'e haven de sitewaasje hifkje, ûntdekke se dat it skip ûnderdielen ferfiert dy't nedich binne foar it oanmeitsjen fan raketbrânstof. Se wurde ynsletten troch in kloft rouwe havenarbeiders dy't foar Osato wurkje. Bond lokket dyselden efter him oan, sadat Aki ûntkomme kin om Tanaka te warskôgjen oer harren ûntdekking. Bond wart him duchtich, mar wurdt op 't langelêst fan efteren delslein.

As er wer wekker wurdt, blykt er de finzene te wêzen fan Brandt yn har hut oan board fan 'e Ning-Po. Hja ûnderfreget him oer wa't er is en wat er wol, bedriget him mei marteling, mar kiest der ynstee foar om seks mei him te hawwen. De oare deis nimt Brandt him mei fan board en geane se yn har sportfleantúch werom nei Tokio. Underweis lit se lykwols in ljochtkûgel yn it fleantúch ôfgean, set Bond fêst yn syn stoel en springt der dan sels út mei in parasjute om. Brandt ferkeart yn 'e ûnderstelling dat Bond omkomme sil as de fleanmasine delstoart, mar Bond wit los te kommen, makket in hurde needlâning mei it fleantúch en draaft fuort foar't dat ûntploft.

Tanaka hat ûnderwilens útfûn dat de Ning-Po, dy't sabeare streekrjocht fan Kobe nei Sjanghai en wer werom fart, ûnderweis earne fracht lost. Hy beriddenearret dat dat barre moat by it eilân Matsu. Bond giet dêr op ferkenning út yn Little Nellie, in swierbewapene autogyro (in primityf soarte helikopter), dy't boud is troch Q, de kertiermaster fan MI6. Yn 'e neite fan in fulkaan op it eilân wurdt er oanfallen troch fjouwer helikopters, dy't er lykwols yn in loftgefjocht allegear delsjit. Dat jout Bond en Tanaka de befêstiging dat se deunby de basis fan SPECTRE binne, mar se kinne der út 'e loft wei neat fan gewaarwurde, dat se snappe net wêr't dy basis dan wêze kin.

Underwilens lansearret de Sovjet-Uny in eigen romtefartúch, dat yn in baan om 'e Ierde krekt as de eardere romtekapsule fan 'e NASA, troch in mysterieus romteskip 'ferswolge' en fuortfierd wurdt. De Sovjet-Uny jout de Feriene Steaten de skuld, wylst de Amerikanen derfan oertsjûge binne dat de Sovjets it sels dien hawwe om ûnskuldich te lykjen oan 'e ferdwining fan 'e Jupiter 16. De spannings tusken de beide supermachten boazje almar mear oan. It frjemde romteskip lânet op Matsu yn in holle fulkaan, dêr't in reuseftige basis fan SPECTRE yn ferstoppe sit. It masterbrein efter de operaasje blykt Ernst Stavro Blofeld te wêzen, de oant no ta mysterieuze lieder fan SPECTRE. Dyselde ûntbiedt Osato en Brandt yn syn privee-ferbliuw yn 'e basis en beskrobbet harren om't se Bond net deade hawwe. Osato skoot fuortendaliks de skuld troch nei Brandt, dy't dêrnei troch Blofeld yn in poel mei piranja's smiten wurdt en om libben opfretten te wurden. Osato kriget noch in lêste kâns om syn falen goed te meitsjen troch Blond om te bringen.

Bond moetet Tanaka en Aki yn Kyoto, dêr't se plannen meitsje om Matsu te ynfiltrearjen mei de ninja's dy't yn it trainingskamp fan Tanaka oplaat wurde. Bond wurdt opmakke om him der as in Japanner útsjen te litten en hy ferklaait him as in sljochtwei fisker. Om 'e momkape kompleet te meitsjen, moat er trouwe mei in Japanse, dy't net Aki wêze kin, om't sy net fan Matsu komt. Dy nachts kringt in slûpmoardner fan SPECTRE it trainingskamp binnen en besiket Bond te fergiftigjen as er mei Aki op bêd leit te sliepen. As se op it lêste momint yn 'e sliep bewege, is it ynstee Aki dy't fergiftige rekket. Bond wurdt wekker en deadet de slûpmoardner, mar Aki stjert foar't der help foar har komme kin.

Nei in twadde mislearre moardoanslach op Bond beslute hy en Tanaka haast te meitsjen mei de útfiering fan harren plan. Tanaka stelt Bond foar oan Kissy Suzuki, dy't fan Matsu komt en har foardwaan sil as syn frou. Nei in koarte brulloft bejouwe se har yn it selskip fan Tanaka nei Matsu, dêr't yn 'e foarbye dagen al hûndert ninja's temûk oan lân gien binne. Bond rekkenet op in houliksnacht, mar dat kin er wol ûnder de skuonsoallen skriuwe as Kissy oanjout dat harren regeling poer saaklik is. Hja komt oan 'e weet dat der koarby in peareldûkster fan it eilân omkommen is doe't se in beskate seegrot yngie. Bond en Kissy geane op ûndersyk út en ûntdekke dat de grot foarsjoen is fan in gifgasynstallaasje dy't dúdlik bedoeld is om eltse gleskegnuver om te bringen. Se ûntkomme mar nauwerneed oan 'e dea. Mei't de grot in âlde lavatunnel is dy't nei in fulkaan mear yn 'e midden fan it eilân liedt, riddenearret Bond dat dêr wat geande wêze moat dat it deiljocht net ferdrage kin.

De jûns beklimme Bond en Kissy de fulkaan om 'e krater ris fan deunby te besjen. Se ûntdekke dat de kratermar inkeld in beskildering op in metalen oerflak is, dat iepen en ticht skowe kin. Wylst Kissy weromgiet om Tanaka oer de ûntdekking te fertellen, klimt Bond temûk de basis fan SPECTRE binnen, dêr't er de finzen Amerikaanske astronaut en beide Russyske kosmonauten befrijd. Mei harren help stelt er in romtepak, wêrnei't er besiket it plak yn te nimmen fan ien fan 'e romtefarders fan SPECTRE. Dy steane nammentlik op it punt om útstjoerd te wurden om 'e Amerikaanske Jupiter 17 te kapen. Bond moat dat tsjin eltse priis sjen foar te kommen, mei't dat in oarloch tusken de Feriene Steaten en de Sovjet-Uny ûntsjinkearber meitsje soe.

As Bond lykwols ynstappe sil yn it romtefartúch fan SPECTRE, wurdt er troch syn ûnbekendheid mei de apparatuer opmurken troch Blofeld, dy't alles út 'e kontrôlekeamer wei fia befeiligingskamera's folget. Bond wurdt finzen nommen en by Blofeld brocht, wylst in reserve-romtefarder optromme wurdt om syn plak yn te nimmen. It is de earste moeting fan gesicht ta gesicht tusken Bond en Blofeld, dy't al sa faak op ôfstân mei-inoar te krijen hân hawwe. Blofeld grypt de gelegenheid oan om Bond de priis fan falen sjen te litten troch foar syn eagen Osato dea te sjitten (dy't ommers opdracht krigen hie om Bond te fermoardzjen mar dat net oprêden hat).

Koart nei de Jupiter 17 wurdt ek it romtefartúch fan SPECTRE lansearre, dat de Jupiter 17 stadichoan benei komt. De NASA sjocht it barren op 'e apparatuer, en de presidint fan 'e Feriene Steaten, dy't noch altyd gjin inkele twifel hat dat er mei de Russen te krijen hat, stiet op it punt om opdracht te jaan foar in algemiene Amerikaanske oanfal op 'e Sovjet-Uny. Underwilens is Kissy weromkeard by de krater mei Tanaka en syn legerke ninja's. Dy't kringe de kraterbasis binnen, wêrby't se swiere ferliezen lije troch ferdekt opstelde, op ôfstân betsjinbere masinegewearen yn 'e krater en de wjerstân fan it SPECTRE-personiel yn 'e basis.

Yn 'e betizing dy't dêrtroch yn 'e kontrôlekeamer útbrekt, wit Bond te ûntsnappen. Hy jout him by Tanaka en Kissy, oan wa't er fertelt dat der yn 'e kontrôlekeamer in selsferneatingingsknop sit foar it romtefartúch fan SPECTRE. Mei help fan Tanaka-en-dy besiket Bond fia in omwei de kontrôlekeamer wer te berikken. Dêrfoar komt er troch de privee-fertrekken fan Blofeld, dêr't er dy syn mânske liifwacht Hans treft. De beide mannen reitsje yn in gefjocht ferwikkele dat einiget as Bond Hans yn 'e piranjapoel smyt. Yn 'e kontrôlekeamer drukt er de selsferneatigingsknop yn, wêrnei't it romtefartúch fan SPECTRE eksplodearret krekt foar't it de Jupiter 17 berikke kin. As de NASA dat waarnimt, stappe de Amerikanen werom fan 'e râne fan in kearnoarloch.

Underwilens is it Blofeld op Matsu slagge om te ûntsnappen, mar hy aktivearret it selsferneatigingssysteem fan 'e kraterbasis foar't er hielendal útpykt. Bond, Kissy, Tanaka en de oerlibjende ninja's ûntkomme troch de lavatunnel al swimmende nei see, dêr't fleantugen fan 'e Japanske Maritime Selsferdigeningsmacht rubberen rêdingsflotten foar harren útsmyt. Bond en Kissy klimme tegearre oan board fan ien dêrfan. Bond hellet har einlings oer om harren regeling mear as inkeld saaklik te meitsjen, krekt as der ûnder harren rêdingsflot in dûkboat omheech komt, sadat it rêdingsflot fêst komt te sitten op it dek fan 'e ûnderseeër. It blykt de dûkboat fan M te wêzen, dy't syn sekretaresse juffer Moneypenny stjoert om Bond deryn te roppen.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Sean Connery.
 
Akiko Wakabayashi.
 
Mie Hama.
haadrollen
personaazje                            akteur/aktrise
MI6-agint James Bond Sean Connery
Aki Akiko Wakabayashi
Kissy Suzuki Mie Hama¹


byrollen
personaazje akteur/aktrise
"Tiger" Tanaka Tetsurō Tamba
Osato Teru Shimada
Helga Brandt (SPECTRE Nû. 11) Karin Dor
Ernst Stavro Blofeld Donald Pleasence
M, haad fan MI6 Bernard Lee
juffer Moneypenny Lois Maxwell
Q, kertiermaster fan MI6 Desmond Llewelyn
MI6-agint Dikko Henderson Charles Gray
Ling Tsai Chin
bestjoerder flechtauto Peter Fanene Maivia
SPECTRE Nû. 3 Burt Kwouk
SPECTRE Nû. 4 Michael Chow²
Hans (liifwacht fan Blofeld) Ronald Rich
slûpmoardner yn sliepkeamer David Toguri
Britske dûkboatkommandant John Stone
astronaut #1 Jupiter 16 Norman Jones
astronaut #2 Jupiter 16 Paul Carson
kosmonaut #1 Laurence Herder
kosmonaut #2 Richard Graydon
astronaut #1 Jupiter 17 Bill Mitchell
astronaut #2 Jupiter 17 George Roubicek
presidint fan 'e Feriene Steaten Alexander Knox
NASA-technikus #1 Ed Bishop
NASA-technikus #2 Shane Rimmer
Sovjet-technikus Richard Marner
plysjeman yn Hongkong Anthony Ainley

¹) De dialooch fan Mie Hama waard omreden fan har aksint yn 'e postproduksje fan 'e film neisyngronisearre mei it stimlûd fan Nikki van der Zyl.
²) De dialooch fan Michael Chow waard omreden fan syn aksint yn 'e postproduksje fan 'e film neisyngronisearre mei it stimlûd fan Frazer Hines.

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Oarspronklik wie it de bedoeling dat On Her Majesty's Secret Service de earstfolgjende James Bond-film nei Thunderball wurde soe. Filmprodusinten Harry Saltzman en Albert R. Broccoli stapten dêr lykwols fan ôf om't foar On Her Majesty's Secret Service hege en besnijde lokaasjes nedich wiene. Mei't de ferfilming fan 'e roman You Only Live Twice, dy't Ian Fleming yn 1964 skreaun hie, ienfâldiger liek, waard besletten dy film earst te dwaan.

 
De Toyota 2000GT dy't yn 'e film bestjoerd wurdt troch Aki (Akiko Wakabayashi).

You Only Live Twice waard regissearre troch Lewis Gilbert, dy't it oanbod earst ôfwiisde en troch produsint Broccoli bepraat wurde moast. Richard Maibaum, dy't de senario's fan alle foargeande James Bond-films hielendal of y.g.m. oaren skreaun hie, wie ûnbeskikber, dat dêrom wurke Gilbert op basis fan in skript fan berneboekeskriuwer Roald Dahl. Dyselde hie noch mar ien kear earder in senario skreaun, mar it waard fan heger belang achte dat er goed befreone west hie mei (de ûnderwilens ferstoarne) Fleming.

De produksje fan 'e film waard beävensearre troch Eon Productions, de filmstudio fan Saltzman en Broccoli, mei finansiering troch United Artists. De film wie dêrom, krekt as alle foargeande Bond-films, in Britsk-Amerikaanske ko-produksje. De Japanske studio Toho levere soundstages, personiel en de beide froulike haadrolspylsters foar You Only Live Twice, mar wie fierder net aktyf yn 'e produksje behelle. Der wie foar de film in budget beskikber fan $9,5 miljoen.

 
It Kastiel fan Himeji, de lokaasje fan it ninja-trainingskamp.

Om't Ted Moore, de kameraregisseur fan 'e foargeande fjouwer Bond-films, dwaande wie mei de opnamen fan it histoarysk drama A Man for All Seasons, fierde Freddie Young diskear de kamerarezjy. De filmmuzyk waard fersoarge troch John Barry, wylst de titelsong You Only Live Twice songen waard troch Nancy Sinatra.

Sean Connery kearde yn You Only Live Twice foar de fyfde kear werom yn 'e rol fan geheim agint James Bond, mar ûnder de opnamen waard bekendmakke dat dit de lêste kear wêze soe dat er de rol spile. Hy fûn nammmentlik dat de James Bond-rige in te grut beslach op syn tiid lei, mei't er mei tarieding, filmjen en marketing eltse kear hast in jier ûnder de pannen wie, sadat er suver net mear oan oare rollen ta kaam. Ek wied er beducht foar it gefaar fan typecasting: dat er net mear foar oare rollen oannommen wurde soe om't er tefolle mei it personaazje fan Bond ferklibbe rekke wie.

Sadwaande waard de rol fan Bond yn 'e folgjende film, On Her Majesty's Secret Service (1969), oernommen troch de Australyske akteur George Lazenby. Doe't dat gjin súkses bliek, kearde Connery lykwols yn 1971 werom as Bond foar de film Diamonds Are Forever, foar't Roger Moore it fan him oernaam yn Live and Let Die (1973). Letter soe Connery deselde rol noch in lêste kear spylje yn Never Say Never Again (1983), in film dy't gjin produksje fan Eon wie.

 
De kraterbasis fan SPECTRE yn 'e Pinewood Studios. Leden fan 'e cast besjogge de set by in skoft yn 'e opnamen. F.l.n.rj.: Lois Maxwell, Akiko Wakabayashi, Sean Connery, Karin Dor en Mie Hama.

Yn 'e rol fan antagonist Ernst Stavro Blofeld waard earst de Tsjechoslowaakske akteur Jan Werich cast, mar dy liek, yn 'e wurden fan regisseur Lewis Gilbert, wol in "ferearmoede, goedaardige krystman". Wat Gilbert en de produsinten sochten, wie in aaklike grizel. Men besocht it in pear dagen, mar doe't dúdlik waard dat it net wurke, krige Werich dien en waard yn syn plak Donald Pleasence oannommen. De groede oer de rjochterhelte fan it gesicht fan Blofeld wie in idee fan Pleasence. Dêr krige er al rillegau spyt fan om't de lym dy't de nepgroede mei syn each ferbûn foar him behoarlik ûnnoflik wie.

Foar de rol fan "Tiger" Tanaka keas Gilbert Tetsurō Tamba út, mei wa't er earder gearwurke hie oan The 7th Dawn (1964). De Japanske Bond girls foar You Only Live Twice wiene dreger te finen, mar mei help fan 'e Japanske filmstudio Toho (dêr't se ûnder kontrakt stiene) waarden úteinlik Akiko Wakabayashi en Mie Hama oannommen. Beide aktrises, dy't gjin Ingelsk sprieken, giene op taalles, mar Hama, dy't oarspronklik Tanaka syn assistinte spylje soe, hie it tige dreech mei de nije taal. Uteinlik besleaten de filmmakkers har te ûntslaan, mar akteur Tamba warskôge harren dat se dat wierskynlik net goed opfetsje soe en selsmoard dwaan soe. Dêrop waard besletten om 'e rollen fan Hama en Wakabayashi om te wikseljen, mei't it personaazje Kissy Suzuki in stik minder dialooch hat as de assistinte fan Tanaka, dy't oarspronklik Suki hjitte soe. Wakabayashi fersocht lykwols om har om te neamen ta Aki.

 
De lokaasje fan it fiskersdoarp yn 'e film.

You Only Live Twice waard foar it meastepart op lokaasje yn Japan filme. Regisseur Lewis Gilbert, produsinten Harry Saltzman en Albert R. Broccoli, kameraregisseur Freddie Young en produksje-ûntwerper Ken Adam giene dêr begjin 1966 fiifresom hinne om gaadlike filmlokaasjes út te sykjen. Se ferbleaune trije wiken yn it lân en ûntdieken bgl. dat Japanners gjin kastielen oan see bouden, wat oanlieding wie om 'e geheime basis fan SPECTRE yn in fulkaankrater te pleatsen ynstee fan yn in kastiel, sa't men earst fan doel west hie. De groep soe nei it Feriene Keninkryk weromkeare mei in Boeing 707 fan 'e British Overseas Airways Corporation (BOAC), mar op it lêste momint besleaten se langer te bliuwen doe't bliken die dat se in gefjochtsdemonstraasje fan ninja's bywenje koene. It fleantúch dêr't se mei reizgje sillen hiene, BOAC-flecht 911, stoarte op 5 maart 1966 del, wêrby't alle 124 ynsittenden omkamen.

De opnamen foar You Only Live Twice setten yn july 1966 útein en duorren oant yn maart 1967. Der waard filme op ferskate lokaasjes yn Tokio, lykas by it Hotel New Otani Tokyo, dat trochgie foar it haadkertier fan Osato Chemicals. De sêne yn 'e haven fan Kobe waard dêr ek echt opnommen. De houlikssêne waard filme by in sjintoïstysk hillichdom yn Nachikatsuura. It Kastiel fan Himeji tsjinne as dekôr foar Tanaka syn ninja-trainingskamp. It doarp Bonotsucho Akime gie troch foar it fiskersdoarp op Matsu. En de fulkaan de Shinmoedake op Kjûsjû waard brûkt foar de bûtendoarsênes fan 'e SPECTRE-basis. De krater fan dy berch bestiet no net mear om't dy yn 2011 opfolle waard by in fulkaanútbarsting.

Behalven yn Japan waard der foar You Only Live Twice ek filme yn Hongkong (de moard op Bond), Gibraltar (it seemansgrêf fan Bond) en Noarwegen (it Sovjet-radarstasjon). De measte binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske Buckinghamshire. De autogyro Little Nellie, dy't yn 'e film troch Bond flein wurdt, wie feitliks in funksjonele fleanmasine, in Wallis WA-116 Agile, dy't yn it echt lykwols net troch akteur Sean Connery bestjoerd waard, mar troch syn útfiner, RAF-piloat Ken Wallis. It tastel waard yn 'e film opnommen nei't produksje-ûntwerper Ken Adam in fraachpetear mei Wallis op 'e radio heard hie.

 
De Little Nellie, in Wallis WA-116 Agile-autogyro, mei syn útfiner en piloat Ken Wallis.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan You Only Live Twice waard fersoarge troch United Artists. De film gie op 12 juny 1967 yn Londen yn premiêre, yn oanwêzigens fan keninginne Elizabeth II, en iepene dêrnei op 13 juny yn 'e Britske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn july 1967 by platemaatskippij United Artists Records.

Fan 'e filmkritisy krige You Only Live Twice oer it algemien positive resinsjes. Sa skreau it Amerikaanske tydskrift Variety: "as fermaak kin de film op it mêd fan kwaliteit geunstich ferlike wurde mei syn foargongers en hy is oerladen mei likefolle gefjochten, gadgets en moaie froulju." Yn The New York Times omskreau Bosley Crowther de film as "in pûdfol goeie Bond-wille".

Net eltsenien wie it dêrmei iens. Roger Ebert, fan 'e Chicago Sun-Times, joech You Only Live Twice mar 21/2 fan 4 stjerren en neamde de film "lykas syn foargonger Thunderbal op 'e nij in ûndermjitsk diel fan 'e filmsearje". Yn 'e Chicago Tribune hie Clifford Terry krityk op 'e hiele film, dy't er lykwols yn it bysûnder taspitste op it senario fan Roald Dahl. Dat siet neffens him fol mei "nei seks útskaaiende grappen dy't òf sielige swak binne of studintikoaze rou."

 
De fulkaan de Shinmoedake yn 1998. De krater bestiet no net mear, want dy waard yn 2011 opfolle by in útbarsting.

Yn 1986 skreau Danny Peary yn syn Guide for the Film Fanatic dat You Only Live Twice tweintich minuten koarter wêze moatten hie. Hy omskreau de film as "net sasear in minne Bond-film, mar hy kin syn foargongers net belykje – it farskste is fan 'e formule ôf." De foaroansteande Amerikaanske filmkritikus James Berardinelli skreau yn 1996 dat de earste helte fan 'e film behoarlik goed wie. Dêr heakke er oan ta: "pas yn 'e twadde helte, as de plot eskalearret ta in stadium dat de bespotlikens foarby is, begjint de film útinoar te fallen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat You Only Live Twice in goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 49 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei eksoatyske lokaasjes, ymposante special effects en in weardige smjunt oerwint [de film] in rommelich en ûnoannimlik ferhaal om wer in memorabel ier diel út 'e James Bond-rige te leverjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet You Only Live Twice in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 14 resinsjes.

You Only Live Twice brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $43,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $68,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $111,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $9,5 miljoen betsjut dat in winst fan $102,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei boekte You Only Live Twice in treflik kommersjeel súkses, hoewol't de opbringst leger wie as dy fan Thunderbal, it foargeande diel út 'e rige.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983)