De Japanske See is in binnensee yn it westen fan de Stille Oseaan. Om de see hinne lizze de Japanske eilannen Hokkaido, Honsjû en Kjûsjû, it Russyske eilân Sachalin en fierders it Koreaansk Skiereilân en it Russyske fêstelân fan it Kustterritoarium. Tusken Sachalin en it fêstelân fan Sibearje troch rint yn it noarden de Tataresont, in seestrjitte dy't de Japanske See ferbynt mei de See fan Ochotsk. Yn it suden wurdt de Japanske See fia de Koreästrjitte, tusken de súdein fan it Koreaansk Skiereilân en de Japanske Eilannen troch, ferbûn mei de Eastsineeske See.

Japanske See
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken Japan, Koreä en Sibearje yn
lân Japan
Noard-Korea
Ruslân
Súd-Koreä
koördinaten 40° N, 135° E
ûnderdiel fan Stille Oseaan
sifers
maks. lingte 2.255 km
maks. breedte 1.070 km
oerflak 978.000 km²
djiptegemiddelde 1.752 m
djipste punt 3.742 m

De lokale nammen fan de see binne net allegear itselde. Yn it Japansk wurdt de see Nihonkai neamd, (日本海) en yn it Russysk Japonskoje more (Японское море) wat beide oersetten wurde kin as Japanske see. Yn it Koreaansk wurdt de see lykwols Eastsee (東海) neamd (yn Noard-Koreä Eastsee fan Koreä).

Fan de Japanske See wurdt wol sein dat it in Duvelske see is. Krekt as de Bermuda-Trijehoeke stiet er bekend om mysterieuze ferdwinings.[boarne?]