De See fan Ochotsk (Russysk: Охотское море) is in rânesee fan de Grutte Oseaan, tusken it Russyske eilân Sachalin en it skiereilân Kamtsjatka en de arsjipel de Koerilen. Yn it súdeasten leit it Japanske eilân Hokkaido. Yn it suden foarmet de Tataresont, de seestrjitte tusken Sachalin en it fêstelân fan Sibearje, de ferbining mei de Japanske See.

See fan Ochotsk
geografy
type wetter rânesee
lokaasje tusken Sibearje, Kamtsjatka,
   Sachalin, de Koerilen en
   Hokkaido
lân Japan
Ruslân
koördinaten 55° N, 150° E
ûnderdiel fan Stille Oseaan
sifers
maks. lingte 3.075 km
maks. breedte 1.463 km
oerflak 1.583.000 km²
djiptegemiddelde 859 m
djipste punt 3.372 m
wetterfolume 1.300.000 km³

De See fan Ochotsk is útsein yn it suden omjûn troch de Russyske Federaasje en wurdt dêrom beskôge as in Russyske binnensee.

It djipste punt, tichtby de Koerilen, is 3363 m. De see is fan novimber oant juny foar in grut part beferzen. Dat komt troch it protte swiete wetter fan de rivier de Amoer en lit it sâltgehalte fan de see sakje en bringt it friespunt omheech. Ek komt faak tsjokke mist foar.

Djiptekaart fan 'e See fan Ochotsk.

Magadan en Korsakov, yn it Russyske fiere easten, binne de grutste havens. De see waard neamd nei it plak Ochotsk, de earste Russyske delsetting yn it Fiere Easten.

Guon eilannen oan de súdgrins fan de See fan Ochotsk, sa as Hokkaidō en Sachalin binne tige grut. Fierders lizze hast alle eilannen foar de kust of heare ta de Koerillen. Allinne it eilân Ion leit yn iepen see. Fierwei de measte eilanne binne ûnbewenne en foarmje sa in ideaal bried- en wenplak foar seehûnen en seefûgels.

Oaljereserves

bewurkje seksje

Op 29 plakken op it kontinintaal plat yn de See fan Ochotsk binne mooglik ierdoalje- en ierdgasreserves fûn. De totale reserves wurde rûsd op 3.5 miljard ton brânstof, dêrfan is 1.2 miljard ton oalje en 1.5 miljard m³ gas.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Magadan Region fan Kommersant, Russyske onlinekrante. Sjoen 22 jannewaris 2007.