GoldenEye (film út 1995)

GoldenEye is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1995 ûnder rezjy fan Martin Campbell. De haadrollen waarden fertolke troch Pierce Brosnan as geheim agint James Bond, Izabella Scorupco en Famke Janssen as Bond girls Natalja Simjonova resp. Xenia Onatopp, en Sean Bean as de smjunt Alex Trevelyan. De titel betsjut "GoudenEach", en ferwiist yn 'e film nei in Russysk romtewapen, mar is eins ôflaat fan Goldeneye, it lângoed yn Jamaika fan Ian Fleming, de geastlike heit fan James Bond. GoldenEye waard makke nei in folslein orizjineel senario.

GoldenEye
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Martin Campbell
produsint Michael G. Wilson
Barbara Broccoli
senario Jeffrey Caine
Bruce Feirstein
kamerarezjy Phil Méheux
muzyk Éric Serra
filmstudio Eon Productions
United Artists
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer (Fer. St.)
United Internat. Pict. (ynternasj.)
spilers
haadrollen Pierce Brosnan
Izabella Scorupco
byrollen Sean Bean
Famke Janssen
Gottfried John
Joe Don Baker
Judi Dench
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 13 novimber 1995
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk (ek wat Russysk)
spyltiid 130 minuten
budget en resultaten
budget $60 miljoen
opbringst $352,1 miljoen
filmsearje
filmsearje James Bond
● foarich diel Licence to Kill
● folgjend diel Tomorrow Never Dies

De film folget de Britske geheim agint James Bond as dyselde de dieverij fan 'e bestjoeringsskiven fan 'e GoldenEye-satelliten ûndersiket. Dat binne twa elektromagnetyske strielingswapens fan 'e Sovjet-Uny út 'e Kâlde Oarloch, dy't alle elektroanyske apparatuer binnen in omtrek fan 100 km fan har doelwyt útskeakelje kinne. Bond ûntdekt dat de dieven leden fan it Janus-misdiesyndikaat binne, dat ûnder lieding blykt te stean fan in âlde bekende.

GoldenEye wie it santjinde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Licence to Kill, út 1989. It wie de earste film wêryn't de rol fan Bond spile waard troch Pierce Brosnan. Fan 'e filmkritisy krige GoldenEye oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film in grut kommersjeel súkses. In folgjend diel yn 'e rige, Tomorrow Never Dies, kaam út yn 1997.

Plot bewurkje seksje

Yn 1986 wurde James Bond en Alec Trevelyan, twa geheim aginten foar de Britske ynljochtingetsjinst MI6, op in misje stjoerd om in fabryk by Archangelsk, dêr't de Sovjet-Uny gemyske wapens produsearret, te ferneatigjen. Kolonel Arkady Grigorovitsj Oeromov, in ofsier fan it Reade Leger dy't oan it haad fan it fabryk stiet, kriget Trevelyan te pakken en eksekutearret him stânrjochtlik foar de eagen Bond. Dy wit lykwols it fabryk te ferneatigjen en sels te ûntkommen.

Njoggen jier letter, nei de Fal fan it Izeren Gerdyn en it ynstoarting fan 'e Sovjet-Uny, is Bond yn 1995 yn Monako op it spoar fan leden fan 'e Russyske organisaasje Janus, in misdiesyndikaat dat him taleit op 'e hannel yn yllegale wapens. In heechpleatst lid fan Janus, de tsjeppe Xenia Onatopp, ferliedt in Kanadeeske admiraal. As se him ienris op bêd hat, blykt se lykwols in sadistyske lustmoardneresse te wêzen en bringt se har slachtoffer om troch him tusken har skonken fyn te knipen oant er it troch ferstikking bestjert. Neitiid witte Xenia en in oar lid fan Janus, troch de identiteit fan 'e admiraal en syn frou oan te nimmen, tagong te krijen ta de presintaasje yn Monte Carlo fan in prototype fan in nije Frânske gefjochtshelikopter, dy't ûnkwetsber is foar elektromagnetyske strieling.

Ienris trochkrongen op it fregat dêr't de presintaasje plakfynt, nimme Xenia en har partner, dy't nimmen oars as kolonel Oeromov blykt te wêzen, it plak yn fan 'e beide testpiloaten nei't Xenia de echte piloaten fermoarde hat. Underwilens ûntdekt Bond op it jacht fan Janus dêr't Xenia de ûngelokkige admiraal mei nei ta nommen hie, yn in kleankast it stoflik omskot fan 'e man. Bond beseft wat Janus fan doel wêze moat en hastiget him nei de presintaasje ta om 'e misdiedigers tsjin te kearen. Hy wurdt lykwols sels tsjinholden troch befeiligingspersoniel, en moat helpleas tasjen hoe't Xenia en Oeromov sûnder swierrichheden mei de nije helikopter fuortfleane kinne.

Hja sette dermei nei in militêr satellytkontrôlesintrum yn it Sibearyske Sjevernaja, dêr't Oeromov beart dat er in ferrassingsynspeksje útfiert en sa de kommandant safier kriget dat dy him de bestjoeringsskiven fan 'e GoldenEye-satelliten oerlanget. Dat binne twa elektromagnetyske strielingswapens fan 'e Sovjet-Uny út 'e Kâlde Oarloch, dy't mei in nukleêre elektromagnetyske puls alle elektroanyske apparatuer binnen in omtrek fan 100 km fan har doelwyt útskeakelje. Neitiid sjit Xenia de kommandant en alle oare stêfleden dea, op kompjûterprogrammeur Boris Grisjenko nei, dy't ek foar Janus wurket. Foar't se fuortgeane, stelt Oeromov ien fan 'e satelliten, de Petja, yn om Sjevernaja mei elektromagnetyske strieling te treffen. Alle apparatuer yn it satellytkontrôlesintrum wurdt dêrtroch ferneatige en de skûtelantinne stoart yn. Trije strieljagers dy't troch de Russyske Loftmacht stjoerd binne nei't ien fan 'e meiwurkers foar syn dea it alaarm ôfgean litten hat, stoarte del. Yn 'e stellen helikopter binne Oeromov, Xenia en Grisjenko lykwols ymmún foar de ynfloed fan 'e strieling.

Yn it satellytkontrôlesintrum fan Sjevernaja is ien oerlibbene fan it bloedbad dat Xenia Onatopp dêr oanrjochte hat: de jonge froulike kompjûterprogrammeur Natalja Simjonova. Hja ûntkomt op 'e nij oan 'e dea as de skûtelantinne troch it dak fan it kontrôlesintrum sakket. It biedt har lykwols al in útwei út it kompleks, troch by it metalene skelet fan 'e skûtel op te klimmen. Bûtendoar ûntdekt se in hûneslide dêr't se mei út Sjevernaja ûntkomt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn it haadkertier fan MI6 yn Londen binne Bond, stêfsjef Bill Tanner en M, it haad fan MI6, tsjûge fan it barren yn Sjevernaja. Hja wiene nammentlik op satellytbylden de oanwêzigens fan 'e stellen helikopter dêre gewaarwurden, en holden Sjevernaja sadwaande yn 'e rekken. As ynienen it byld swart wurdt, ta teken dat it kontakt mei de spionaazjesatellyt ferlern gien is, freegje Bond-en-dy har ôf hoe't dat no kin. Al rillegau komt der lykwols in oare satellyt binnen berik en sjogge se dat it kompleks alhiel ferrinnewearre is. Oan 'e hân dêrfan en fan 'e delstoarte strieljagers en de ferdwûne helikopeter riddenearret Bond út dat de Sovjets ein 1980-er jierren dochs it GoldenEye-projekt trochset hawwe moatte, wylst it Westen ornearre hie dat de Sovjet-Uny dêr doe de middels net mear ta hie. Hy freget him ôf wat him krekt yn it kontrôlesintrum fan Sjevernaja ôfspile hat, mar as er in persoan fia de resten fan 'e skûtelantinne út it gebou klimmen sjocht, beslút er dat der in tsjûge is dy't dat krekt wit.

Bond reizget nei Sint-Petersburch, dêr't it Janus-syndikaat fêstige is, en wurdt dêr by de lofthaven ôfhelle troch Jack Wade, in spesjaal agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA. Dy kin him net yn kontakt bringe mei de mysterieuze lieder fan it Janus-syndikaat, mar wol mei de wichtichste konkurrint fan Janus: Valentin Zûkovsky, in eardere KGB-agint dy't gangster wurden is, en dy't syn mankepoatsjen oan Bond te tankjen hat. Zûkovsky is net botte tankber dat Bond, sa't dy it sels neamt, him net sasear yn 'e skonk rekke, as wol de rest fan him mist hat. Mar Bond wit him om te keapjen om foar him in moeting mei de lieder fan Janus te beävensearjen. Underwilens is Natalja ek yn Sint-Petersburch oankommen, dêr't se fia e-mail kontakt opnimt mei Grisjenko, mei't se mient dat hy krekt as sysels ûntsnapt is oan 'e slachting yn Sjevernaja. As se lykwols mei him ôfpraat, ûntdekt se dat er gearwurket mei de moardners en wurdt se finzen nommen.

Op 'e moeting mei Bond yn in sauna, dy't Zûkovsky regele hat, komt net de lieder fan Janus, mar Xenia Onatopp ôf, dy't Bond besiket te fermoardzjen. Bond is har lykwols te fluch ôf en twingt har om him by de echte lieder fan Janus te bringen. Dat blykt nimmen oars te wêzen as syn âlde maat Alec Trevelyan, dy't njoggen jier earder yn Archangelsk syn eigen dea yn sêne set hat. It docht bliken dat Trevelyan syn âldelju Ljents-Kozakken wiene, in befolkingsgroep dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch oerrûn wie nei de kant fan nazy-Dútslân om tsjin 'e kommunisten te fjochtsjen. Oan 'e ein fan 'e oarloch joegen se har oer oan it Britske Leger yn Eastenryk, yn 'e ferwachting dat se nei in skoftke yn kriichsfinzenskip ferbleaun te hawwen, oanhelle wurde soene as bûnsgenoaten yn 'e Kâlde Oarloch fan it Westen tsjin 'e Sovjet-Uny. Ynstee leveren de Britten har daliks út oan 'e Sovjets, wêrnei't de hiele befolkingsgroep systematysk útrûge waard troch it Reade Leger. Trevelyan is dat nea fergetten en hat syn hiele libben op wraak tsjin it Feriene Keninkryk sind. No is it momint nei-oan kommen dat er dy wraak yn 'e praktyk bringe kin. As Bond dat allegear heard hat, besiket er Trevelyan dea te sjitten, mar ynstee wurdt er sels troffen troch in pylkje út in ferdôvingsgewear, wêrnei't er bewusteleas rekket.

As er wer bykomt, sit Bond mei Natalja fêstbûn yn 'e stellen helikopter, wylst de raketten fan 'e helikopter programmearre binne om ôffjurre te wurden en dêrnei de helikopter sels te ferneatigjen. Bond wit krekt op 'e tiid mei syn holle de sjitstoel te aktivearjen, sadat hy en Natalja op it nipperke ûntkomme oan 'e ûntploffing fan it tastel. Nei't se oan parasjutes wer del kommen binne, wurde se lykwols arrestearre troch Russyske troepen. Fan Natalja komt Bond oan 'e weet dat kolonel Oeromov de direkt ferantwurdlike is foar it bloedbad yn Sjevernaja. De beide finzenen wurde yn in kazerne yn Sint-Petersburch foarlaat oan Dimitri Mjisjkin, de Russyske minister fan Definsje, dy't Bond en MI6 as de dieders fan 'e slachting yn it satellytkontrôlesintrum sjocht. Der ûntstiet tusken Bond en de minister in heechoprinnende rûzje, dy't Natalja delbêdet mei de meidieling dat Oeromov de skuldige is en dat der noch in twadde elektromagnetyske-strielingswapen is, de Grisja, dêr't Oeromov de bestjoeringsskiven fan hat. Ear't Mjisjkin wat dwaan kin mei dy ynformaasje, wurdt er deasketten troch Oeromov, dy't dêrfoar Bond syn (yn beslach nommen) pistoal brûkt om it lykje te litten as is Bond de moardner.

Bond beslút net ôf te wachtsjen wat Oeromov fierder mei him fan doel is, en slacht de man bewusteleas. Hy en Natalja ûntsnappe út 'e ferhearkeamer, mar foar't se út 'e kazerne fuortkomme kinne, wurdt Natalja wer finzen nommen troch Oeromov-en-dy. Hja wurdt troch him en syn trewanten ûntfierd yn in auto. Bond kaapt op it binnenplak fan 'e kazerne in tank en giet der efteroan. By in spektakulêre efterfolging mei de tank troch de binnenstêd fan Sint-Petersburch rjochtet Bond gâns skea oan. Oeromov-en-dy witte lykwols te ûntkommen nei de pânsere trein fan Trevelyan, dêr't se de stêd mei ferlitte. Bond, dy't harren troch hat, snijt in stik ôf en stelt syn tank boppe-op 'e rails yn in spoartunnel op, sjit mei it kanon de lokomotyf oan grôt en sjocht dêrnei fan feilige ôfstân ta hoe't de trein troch de botsing mei de tank ûntspoart.

Bond giet oan board fan it wrak fan 'e trein en komt de fersufte Trevelyan en Xenia oer it mad. Hy hâldt harren ûnder skot, mar der ûntstiet in Mexican standoff as Oeromov deryn komt, dy't Natalja mei in fjoerwapen bedriget. Foar it blok set, kiest Bond derfoar om Oeromov dea te sjitten ear't er Natalja wat oandwaan kin, wat Trevelyan en Xenia de kâns biedt om te ûntkommen. Bond en Natalja komme fêst te sitten yn 'e treinwagon as Trevelyan de tagongen ôfslút. Hy lit Bond witte dat der in tiidbom yn 'e trein oanbrocht is dy't oer trije minuten ôfgean sil en pykt dan mei Xenia út yn in helikopter dy't út it dak fan 'e efterste, ûnskansearre wagon opstiget. Wylst Bond mei syn fan in laserstriel foarsjoene horloazje in gat yn 'e flier fan 'e wagon brânt, besiket Natalja op 'e yn 'e wagon oanwêzige kompjûter te trasearjen wêr't har "freon" Boris Gisjenko him befynt. Se komt derefter dat er earne yn Kuba wêze moat, wat har begryplik foarkomt, om't de Sovjet-Uny dêr in reservesatellytkontrôlesintrum boud hat. Sy en Bond ûntkomme op it nipperke oan 'e ûntploffing fan 'e trein.

Neitiid reizgje Bond en Natalja nei Floarida, dêr't se yn harren hotel mei-inoar op bêd geane. Se treffe dêr Jack Wade, dy't Bond in sportfleantúchje bringt wêrmei't er ûnder de radar Kuba ynfiltrearje kin. Ienris yn Kuba liedt Natalja Bond nei de geografyske koördinaten fan it reservesatellytkontrôlesintrum ta, mar dêr kinne se neat fine. Se sille de syktocht suver opjaan as der yniene in loftdoelraket op it fleantúchje ôffjurre wurdt. It tastel stoart del yn it oerwâld. Bond wit noch de bewusteleaze Natalja út it fleantúch te skuorren, mar rekket dan sels ek út 'e tiid. As er wer bykomt, hinget der in helikopter boppe harren, dêr't Xenia Onatopp út abseilt. Hja falt Bond oan en besiket him fannijs te deadzjen, mar hy gaspet it abseiltou wer oan har mulrym fêst en sjit dan de piloat dea, sadat de helikopter fansiden swalket. Xenia wurdt omheech skuort en komt fêst te sitten yn in beamstrampel, dêr't se troch de druk fan 'e helikopter op har mulrym deaknypt wurdt.

Bond en Natalja ûntdekke dan it satellytkontrôlesintrum, wêrfan't de reuseftige skûtelantinne ferburgen wie ûnder in lyts marke. Se ynfiltrearje it sintrum, dêr't Bond tiidbommen oanbringt om it te ferneatigjen. Hy wurdt lykwols finzen nommen troch Trevelyan, dy't de bommen troch syn kennis fan 'e prosedueres fan MI6 ienfâldich wit te ûntwapenjen. Hy leit Bond út dat er fan doel is en fier in bankberôving op gigantyske skaal út op 'e Bank fan Ingelân, de Britske sintrale bank, om fuort dêrnei it elektromagnetyske pulswapen op Londen yn te setten, sadat elts bewiis fan dy dieverij útwiske wurdt. Trochdat dêrnei yn hiel Grut-Londen gjin elektroanysk apparaat it noch dwaan sil, wurdt it Feriene Keninkryk dan ek "weromsmiten nei it Stiennen Tiidrek", sa't Trevelyan it sels útdrukt. Underwilens slagget it Natalja om it kompjûtersysteem fan 'e Grisja, it iene noch funksjonele elektromagnetyske pulswapen, te hacken, in oare koers yn te fieren en dy te beskoatteljen. It wapen sil no de atmosfear fan 'e Ierde yngean en opbrâne foar't Trevelyan-en-dy harren snoade plan útfiere kinne.

Natalja wurdt dêrnei ek finzen nommen, mar Boris Grisjenko, dy't earder frijwat skeamel die oer har kapasiteiten as kompjûterprogrammeur, hat muoite om har beskoatteling te trochbrekken. As er almar senuweftiger wurdt, klikt er hieltyd hurder Bond syn yn beslach nommen balpin oan en út. Wat er net wit, is dat dat eins in gadget is dat Bond krigen hat fan Q, de kertiermaster fan MI6. De pin stelt Bond yn steat om syn bommen hânmjittich ôfgean te litten. Op in stuit fynt Grisjenko by tafal de juste kombinaasje, wêrnei't de tiidbommen ôfgeane en it hiele satellytkontrôlesintrum yn gaos rekket. Bond en Natalja ûntkomme, en Trevelyan set de efterfolging yn. Grisjenko brekt troch de beskoatteling en past de koers fan 'e Grisja oan, mar om't de satellyt ûnderwilens fan posysje feroare is, moat de stân fan 'e skûtelantinne oanpast wurde om 'e nije oarders trochstjoere te kinnen. Bond kringt it hert fan 'e skûtel binnen en blokkearret it meganyk mei in metalene steaf. Grisjenko syn nije oarders kinne sadwaande net oan 'e Grisja trochjûn wurde, en it wapen brânt op as it de atmosfear binnenkomt.

 
Pierce Brosnan (2002).
 
Izabella Scorupco (2013).
 
Sean Bean (2015).
 
Famke Janssen (2016).

Trevelyan efterhellet Bond yn 'e boppebou fan 'e skûtel, dêr't se op grutte hichte mei-inoar yn gefjocht reitsje. Bond wint de slaanderij en smyt Trevelyan fan 'e boppebou ôf, sadat er tsientallen meters leger yn it binnenste fan 'e skûtel falt. Hy libbet noch, al is er swier ferwûne, mar as it meganyk troch de blokkearring alhiel stikken rekket en de hiele boppebou nei ûnderen komt, wurdt er oan smots plet. Bond ûntkomt krekt op 'e tiid trochdat Natalja in helikopter foardere hat en de piloat mei in fjoerwapen bedriget om him op te pikken. Wylst it hiele satellytkontrôlesintrum yn flammen opgiet, pike Bond en Natalje út, it oerwâld yn, dêr't se risselwearje om 'e leafde te bedriuwen as se ynienen steurd wurde troch Jack Wade. It docht bliken dat se oan alle kanten omjûn wurde troch Amerikaanske mariniers yn kamûflaazjepakken, dy't kommen binne om har beiden feilich út Kuba en nei de Amerikaanske Marinebasis Guantanamo Bay te bringen.

Rolferdieling bewurkje seksje

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
MI6-agint James Bond Pierce Brosnan
Natalja Simjonova Izabella Scorupco


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Alec Trevelyan Sean Bean
Xenia Onatopp Famke Janssen
kolonel Arkady Grigorovitsj Oeromov Gottfried John
CIA-agint Jack Wade Joe Don Baker
M, sjef fan MI6 dame Judi Dench
Boris Grisjenko Alan Cumming
juffer Moneypenny Samantha Bond
Q, kertiermaster fan MI6 Desmond Llewelyn
Valentin Zûkovsky Robbie Coltrane
Russysk minister fan Definsje Dimitri Mjisjkin Tchéky Karyo
Bill Tanner, stêfsjef fan MI6 Michael Kitchen
Caroline (psychologe) Serena Gordon

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Preproduksje bewurkje seksje

Nei't de foargeande James Bond-film, Licence to Kill, yn 1989 yn 'e bioskopen kommen wie, waard fuortendaliks úteinset mei de preproduksje fan it folgjende, santjinde diel fan 'e filmrige. Dat soe de trêde film wurde mei akteur Timothy Dalton yn 'e rol fan geheim agint James Bond, wêrmei't Dalton it kontrakt foar trije films, dat mei him ôfsletten wie, úttsjinne hawwe soe. De bedoeling wie dat de opnamen yn 1990 plakfine soene, wêrnei't de film ein 1991 yn 'e bioskopen komme soe.

De tariedings wiene yn folle gong, doe't der in kink yn 'e keabel kaam. Yn 1990 soe de Amerikaanske filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) foar $1,5 miljard ferkocht wurde oan Qintex, in Australysk-Amerikaansk bedriuw op it mêd fan finansjele tsjinstferliening. (MGM is de filmdistributeur fan 'e James Bond-films en de memme-ûndernimming fan United Artists (UA), dat 50% fan 'e auteursrjochten op filmsearje yn eigendom hat.) De oername rûn op 'e non doe't Qintex de finansiering net rûn krige. Dêrop sprong it Frânske bedriuw Pathé Communications (dat net betize wurde moat mei de Frânske filmstudio en bioskoopkeatling Pathé) yn it gat en kocht MGM foar $1,2 miljard oan.

Giancarlo Parretti, de algemien direkteur fan Pathé Communcations, woe de oankeappriis fan 'e studio weromkrije troch de filmdistribúsjerjochten op 'e fûnskatalogus fan MGM te ferkeapjen tsjin koartingsprizen, de distribúsjerjochten op 'e James Bond-films ynbegrepen. Danjaq, de memme-ûndernimming fan Eon Productions, dy't de oare 50% fan 'e auteursrjochten op 'e filmsearje yn besit hat, beskôge dat as kontraktbrek en spande in rjochtsaak oan. Pathé Communications kaam mei in tsjinrjochtsaak en de hiele brot kaam in tal jierren muorrefêst te sitten yn 'e rjochtbanken.

Parretti syn hâlden en dragen late úteinlik ta it bankrot fan syn bedriuw yn 1992, wêrnei't MGM yn 'e hannen kaam fan syn foarnaamste skuldeasker, de Frânske bank Crédit Lyonnais. De studio waard doe ûnderbrocht by in dochterûndernimming fan 'e bank, en de rjochtsaken mei Danjaq waarden yn desimber 1992 in der minne skikt. Pas dêrnei koe men wer fierder mei de ûntjouwing fan 'e nije James Bond-film, mar tsjin dy tiid hie Timothy Dalton al besletten dat er net nochris yn 'e hûd fan Bond krûpe woe. Mei't fan begjin ôf oan ôfpraat wie dat syn kontrakt maksimaal sân jier jildich bliuwe soe, rûn it sadwaande yn 1993 ôf, foar't de nije film yn produksje nommen wurde koe.

Produksje bewurkje seksje

GoldenEye waard regissearre troch de Nijseelanner Martin Campbell nei in senario fan Jeffrey Caine en Bruce Feirstein op basis fan in ferhaal (yn 'e foarm fan in earder senario) dat betocht wie troch Michael France. Yn it skript waard rom omtinken jûn oan 'e aktuele omstannichheden, mei't sûnt de foargeande Bond-film Licence to Kill de Fal fan it Izeren Gerdyn en de ynstoarting fan 'e Sovjet-Uny de wrâld yngeand feroare hiene.

De titel fan 'e film, "GoldenEye", dat "GoudenEach" betsjut, ferwiist yn 'e film nei in Russysk romtewapen, mar is eins ôflaat fan Goldeneye, it lângoed yn Jamaika fan Ian Fleming, de geastlike heit fan James Bond. Dy ferneamde syn lângoed nei Operaasje Goldeneye, in spionaazje-operaasje fan 'e ynljochtingetsjinst fan 'e Britske Keninklike Marine yn Spanje ûnder de Twadde Wrâldoarloch, dy't Fleming sels betocht en útfiere liet.

 
It Astronomysk Observatoarium fan Arecibo, yn Porto Riko, giet yn 'e film troch foar de Trevelyan syn skûtelantinne yn Kuba.

GoldenEye wie it earste diel út 'e Bond-searje dat net produsearre waard troch Albert R. Broccoli; syn styfsoan Michael G. Wilson en syn dochter Barbara Broccoli namen no it stokje fan him oer. De film waard makke troch de filmstudio's Eon Productions en United Artists, en wie dêrmei in Britsk-Amerikaanske ko-produksje. Foar GoldenEye wie in budget beskikber fan $60 miljoen, wat mear wie as foar eltse eardere Bond-film. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Phil Méheux, de filmmuzyk waard fersoarge troch Éric Serra, en de titelsong GoldenEye waard songen troch Tina Turner.

Casting bewurkje seksje

Nei't Timothy Dalton yn april 1994 formeel betanke hie foar de rol fan James Bond, keazen de produsinten as syn ferfanger de Ierske akteur Pierce Brosnan, nei't Mel Gibson, Hugh Grant en Liam Neeson nee sein hiene. Brosnan wie yn 1986 ek alris útornearre om Roger Moore op te folgjen as Bond, mar wie dêr doe fan wjerholden troch in klausule yn syn kontrakt mei it Amerikaanske tillefyzjenetwurk NBC, dêr't er troch twongen waard om ynstee de titelrol yn 'e tillefyzjesearje Remington Steele te spyljen. Syn casting as Bond waard by in parsekonferinsje op 8 juny 1994 oan 'e media bekendmakke. Foar syn rol yn GoldenEye ûntfong Brosnan in salaris fan $1,2 miljoen.

Fan 'e oare fêste rollen yn 'e Bond-films kearden Robert Brown en Caroline Bliss net werom as M, de sjef fan MI6, en dy syn sekretaresse Miss Moneypenny. Ynstee hie dame Judi Dench de primeur om 'e earste froulike M te spyljen, wylst Samantha Bond de nije Miss Moneypenny waard. Desmond Llewelyn, dy't sa stadichoan suver in fêst ûnderdiel fan 'e Bond-films wurden wie, kearde wol werom as Q, de kertiermaster fan MI6. John Rhys-Davies waard frege om nochris yn 'e hûd te krûpen fan generaal Leonid Pûsjkin, dy't er earder spile hie yn The Living Daylights, mar hy wegere, wêrnei't de rol fan Pûsjkin omneamd waard ta Dimitri Mjisjkin.

Foar de smjunt yn GoldenEye, dy't oarspronklik 'Augustus Trevelyan' hiet, sochten de produsinten in âldere akteur, dy't in mentor foar in jonge Bond west hawwe koe. Nei't sawol sir Anthony Hopkins as Alan Rickman de rol ôfslein hiene, waard Sean Bean cast. De rol waard dêrnei werskreaun as in freon en leeftydsgenoat fan Bond. De Poalsk-Sweedske aktrise Izabella Scorupco waard cast as Bond girl Natalja Simjonova, en Nederlânse Famke Janssen krige de rol fan 'e femme fatale Xenia Onatopp taparte.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar GoldenEye setten op 16 jannewaris 1995 útein. It wie net mooglik om, lykas by de meast James Bond-films, de binnendoarsênes te filmjen yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire, mei't dy al reservearre wiene foar de opnamen fan First Knight, mei Richard Gere en Sean Connery. Dêrom waard, spesjaal foar de produksje fan GoldenEye, in âld Rolls-Royce-fleantúchmotorfabryk by it eardere fleanfjild Leavesden Aerodrome yn Hertfordshire omboud ta in nij kompleks fan studio's, dat de Leavesden Studios kaam te hjitten.

De sênes yn it kasino en de presintaasje fan 'e helikopter waarden opnommen yn Monte Carlo, yn Monako. Dêrfoar stelde de Frânske Marine it fregat de La Fayette en it nijste model gefjochtshelikopter, de Eurocopter Tiger, foar ta beskikking. It regear fan Frankryk stie ek it gebrûk fan 'e logo's fan 'e Frânske marine yn 'e film en yn promoasjemateriaal ta, mar der ûntstie in skeel tusken it Frânsk Ministearje fan Definsje en de Eon Productions oer it aktivisme fan haadrolspiler Pierce Brosnan tsjin 'e Frânske atoomproeven op Mururoa en syn belutsenens by natoerbeskermingsorganisaasje Greenpeace. Fan gefolgen gie de offisjele nasjonale premiêre fan 'e GoldenEye yn Frankryk net troch.

De bungee jump yn 'e iepeningssêne waard (troch in stuntman) útfierd by de Contrakeardaam by Locarno, yn it Switserske kanton Ticino. Foar de efterfolging mei de tank waarden yn Sint-Petersburch referinsjebylden opnommen, dy't letter tusken de bylden fan 'e eigentlike efterfolging plakt waarden dy't yn 'e Leavesden Studios filme waard. Ek guon oare sênes yn Sint-Petersburch waarden opnommen yn Londen en omkriten om kosten te besparjen; sa gie de Epsom Downs Racecourse troch foar de lofthaven fan Sint-Petersburch. De sênes mei de pânsertrein waarden filme op 'e Nene Valley Railway by it Ingelske Peterborough. De klimaktyske sênes mei de skûtelantinne yn Kuba waarden opnommen by it Astronomysk Observatoarium fan Arecibo yn Porto Riko.

 
De bylden ûnder de begjintitels fan GoldenEye befetsje û.m. in fierhinne neakene frou dy't in reuseftige hammer en sichte, it symboal fan it kommunisme, ferneatiget.

De special effects wiene foar it meastepart it wurk fan Derek Meddings, foar wa't GoldenEye syn lêste film wie. De film is dêrom oan him opdroegen. Meddings syn wichtichste bydragen wiene ferskate miniatueren, dy't û.m. brûkt waarden foar hast alle shots fan it satellytkontrôlesintrum yn Sjevernaja, mar ek foar de botsing tusken de trein en de tank, de sêne wêryn't de boppebou fan 'e skûtelantinne yn Kuba yn 'e skûtel stoart en ek foar it marke wêryn't de skûtelantinne ferskûle is, om't de produsinten gjin rûne mar yn Porto Riko fine koene.

De bylden dy't toand wurde wylst de begjintitels rinne en de titelsong te hearren is, waarden foar it earst by in Bond-film net ûntwurpen troch Maurice Binder, dy't yn 1991 ferstoarn wie. Se wiene it wurk fan Daniel Kleinman, dy't der in protte symbolyk yn ferwurke foar de Fal fan it Izeren Gerdyn en de ynstoarting fan 'e Sovjet-Uny. Sa wurde troch (fierhinne) neakene, mar inkeld yn silhûet beljochte froulju dy't tarist binne mei slaaien in reade stjer en in hammer en sichte stikken slein (dat beide symboalen foar it kommunisme binne), wylst stânbylden fan kommunistyske foaroanlju, wêrûnder Vladimir Lenin en Josef Stalin, omhelle wurde. Neffens filmprodusint Michael G. Wilson kaam dêr dalje op fan guon kommunistyske politike partijen, fral yn Yndia, dy't dêr oanstjit oan namen.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan GoldenEye waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer en yn oare lannen en territoaria troch United International Pictures. De film gie op 13 novimber 1995 yn New York yn premiêre. De nasjonale Britske premiêre yn Londen op 21 novimber waard bywenne troch kroanprins Charles. Op 28 novimber kaam de film út yn 'e bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 14 novimber 1995 by platemaatskippij EMI.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige GoldenEye oer it algemien positive resinsjes. Sa beskôge Tom Sonne fan The Sunday Times GoldenEye as de bêste James Bond-film sûnt The Spy Who Loved Me, wylst Todd McCarthy yn it tydskrift Variety skreau dat de film de searje "kreätive en kommersjele farske lucht ynblaast". It tydskrift Entertainment Weekly beskôge Famke Janssen har Xenia Onatopp as de op fiif nei meast memorabele Bond girl. IGN parte oan Izabella Scorupco har Natalja Simjonova it sânde plak ta yn in soartgelikense list.

Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech GoldenEye 3 fan 4 stjerren en skreau dat de James Bond fan Pierce Brosnan "op 'e iene of oare manear gefoeliger, kwetsberder, psychologysk kompleter" wie as dy fan syn foargongers. Hy murk ek op dat Bond sûnt de foargeande films "syn ûnskuld ferlern" hie. De foaroansteande Amerikaanske ynternetresinsint James Berardinelli omskreau Brosnan as "in oansjenlike ferbettering op syn direkte foargonger", mei in "flêr foar humor dy't mank giet mei syn natuerlike sjarme." Hy foege dêr lykwols oan ta: "rom in fjirdepart fan GoldenEye is tempodeadzjende opfolling."

Net alle resinsjes wiene lykwols loovjend. Yn it tydskrift Time skreau Richard Schickel dat Bond, nei "it trêdepart fan in iuw bienhurd tabodzje moatten te hawwen", no "op knikkende knibbels" stie. Owen Gleiberman fan Entertainment Weekly skreau dat de Bond-searje mei GoldenEye "in hast terminale steat fan útputting" berikt hie. Yn 'e Los Angeles Times fûn Kenneth Turan dat de Bond-searje "in wêzen yn syn middeljierren" wurden wie, dat "der tsjin eltse priis modieus útsjen wol."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat GoldenEye in goedkarringspersintaazje fan 79%, basearre op 82 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "GoldenEye is de earste en tagelyk de bêste James Bond-film mei Pierce Brosnan, dy't de searje yn in modernere kontekst pleatst, mei as resultaat in diel út 'e Bond-rige dat hoflik en technologysk heechûntwikkele is en fol sit mei aksje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet GoldenEye in goedkarringspersintaazje fan 65%, basearre op 19 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

GoldenEye brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $106,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $245,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $352,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $60 miljoen betsjut dat in winst fan $292,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen bewurkje seksje

GoldenEye waard yn 1996 nominearre foar twa BAFTA's, de wichtichste Britske prizen op it mêd fan film, te witten: yn 'e kategoryen bêste lûd en bêste special effects. (Dy waarden lykwols wûn troch Braveheart, resp. Apollo 13.) Éric Serra wûn in BMI Film Music Award foar syn soundtrack fan GoldenEye. De film waard ek nominearre foar de Saturn Awards foar bêste aksje-, aventoere- of skrillerfilm en bêste akteur (Pierce Brosnan), en foar de MTV Movie Award foar bêste gefjocht.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983)