Abseilen (Dútske útspr.: [ˈɑpzai̭lən], likernôch: "ap-zai-lun"; letterlike betsjutting: "ôfsile" of "fanôf sile") is it fia in klimtou selsstannich en op behearske wize omleech gean by in steile wand lâns, lykas in klif of in klimwand. As technyk wurdt abseilen brûkt om nei in beklimming werom op it begjinpunt te kommen, mar ek om jin fan boppen ôf ôfsakje te litten nei dreech berikbere plakken. Abseilen foarmet in krúsjaal ûnderdiel fan berchbeklimmen, sportklimmen, canyoning en speleology. Ek wurdt it abseilen wol ûnder oare omstannichheden brûkt, as omrinnen ûnmooglik of (te) tiidrôvjend is. Men kin dan tinke oan rêdingswurk en militêre doelen.

In klimster oan it abseilen.

De normale wize fan abseilen is troch yn horizontale posysje mei de rêch nei ûnderen oan it tou efterút by de wand del te 'rinnen' en dan lytse spronkjes te meitsjen, wêrby't men it tou bôd jout, sadat it abseilen hurder giet. Fral yn in militêre kontekst wurdt ek wol gebrûk makke fan it saneamde Australysk abseilen, wêrby't men mei it gesicht nei ûnderen en de rêch nei boppen omleech giet.

De Frânske berchbeklimmer Roger Frison-Roche betocht yn 1944 foar dizze technyk de namme rappel, fan it Frânsk tiidwurd rappeler, dat "weromroppe" of "trochlûke" betsjut. Dy term is noch altyd de gongbere beneaming foar abseilen yn it Frânsk en ferskate oare talen, lykas it Belgysk-Nederlânsk en it Amerikaansk-Ingelsk. Neffens Frison-Roche wie de technyk sels útfûn troch Jean Charlet-Straton, in berchgids út Chamonix dy't libbe fan 1840 oant 1925. Dyselde soe abseilen betocht hawwe by in mislearre solobeklimming fan 'e Petit Dru, de legere fan 'e beide toppen fan 'e Aiguille du Dru, yn 1876.

Foarhinne waard it delgean by it abseilen ôfremme troch it klimtou op in beskate manear om it lichem (hals/skouder en boppeskonk) te draaien, de saneamde Dülfersitz. Tsjintwurdich wurdt de ôfremming hast altyd bewurkmastere troch spesjaal dêrfoar makke klimgereid dat in sekeringsapparaat neamd wurdt en bestiet út sluting dêr't it klimtou op in beskate wize trochhinne helle wurde moat. De meast brûkte sekeringsapparaten binne de saneamde abseilacht en de reverso.

By abseilen wurdt troch serieuze klimmers mei ûnderfining altyd teminsten in dûbele sekering brûkt: it abseilen op in inkeld sekeringsapparaat of op in inkeld ferankeringspunt wurdt sjoen as in gefaarlike hanneling en in slimme flater.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.