The Living Daylights (film)
The Living Daylights is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1987 ûnder rezjy fan John Glen. De haadrollen waarden fertolke troch Timothy Dalton as geheim agint James Bond, Maryam d'Abo as Bond girl Kara Milový en Jeroen Krabbé as de smjunt Georgi Koskov. De titel betsjut letterlik "De Libbene Deiljochten", mar ferwiisd nei de Ingelske siswize to scare the living daylights out of someone, "immen de stupen op it liif jeie", en soe dus better oerset wurde kinne as "De Stupen op it Liif". De titel is ûntliend oan it koarte ferhaal The Living Daylights fan Ian Fleming, út 1966, dêr't lykwols inkeld de iepeningssêne fan 'e film op basearre is; de rest fan 'e plot is folslein orizjineel.
The Living Daylights | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | John Glen | |
produsint | Albert R. Broccoli Michael G. Wilson | |
senario | Richard Maibaum Michael G. Wilson | |
basearre op | it koarte ferhaal fan Ian Fleming (foar in diel) | |
kamerarezjy | Alec Mills | |
muzyk | John Barry | |
filmstudio | Eon Productions United Artists | |
distribúsje | Metro-Goldwyn-Mayer (Fer. St.) United Internat. Pict. (ynternasj.) | |
spilers | ||
haadrollen | Timothy Dalton Maryam d'Abo | |
byrollen | Jeroen Krabbé John Rhys-Davies Art Malik Andreas Wisniewski Joe Don Baker | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Keninkryk Feriene Steaten | |
premiêre | 29 juny 1987 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | spionaazjeskriller | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 131 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $40 miljoen | |
opbringst | $191,2 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | James Bond | |
● foarich diel | A View to a Kill | |
● folgjend diel | Licence to Kill |
Yn The Living Daylights rekket MI6-spion James Bond belutsen by de saak fan KGB-generaal Georgi Koskov. Dat is ien dy't skynber fan 'e Sovjet-Uny oerrint nei it Westen om 'e Britten te warskôgjen foar it nije haad fan 'e KGB, generaal Leonid Pûsjkin. Dy soe in folsleine psychopaat wêze, dy't opdracht jûn hat ta de moard op eltse Westerske spion dy't de KGB te pakken krije kin. As Koskov neitiid spoarleas ferdwynt, begjint Bond erchtinkend te wurden. Fia Koskov syn minneresse Kara Milový besiket er te ûntdekken wat der no eins wier oan 'e hân is.
The Living Daylights wie it fyftjinde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op A View to a Kill. It wie de earste film wêryn't de rol fan Bond spile waard troch Timothy Dalton, dy't dêrmei Roger Moore as Bond-fertolker opfolge. Fan 'e filmkritisy krige The Living Daylights mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie it in kommersjeel súkses. In folgjend diel yn 'e filmsearje wie Licence to Kill, dat yn 1989 útbrocht waard.
Plot
bewurkje seksjeBy in oefening yn Gibraltar, wêrby't geheim aginten fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6 it opnimme tsjin kommando's fan 'e Britske Special Air Service (SAS), wurdt geheim agint 004 fermoarde troch in ûnbekende man. James Bond, geheim agint 007, set de efterfolging yn en wit de moardner úteinlik te deadzjen. Op it stoflik omskot fan agint 004 wurdt letter in papierke oantroffen mei de tekst Smjert Sjpionam, dat Russysk is foar "Dea oan alle Spionnen".
Letter wurdt Bond nei Bratislava yn Tsjechoslowakije stjoerd om te helpen by it oerrinnen fan 'e Russyske generaal Georgi Koskov, dy't in hege funksje beklaaid binnen de KGB, de ynljochtingetsjinst fan 'e Sovjet-Uny. Dat bart by nacht, nei't Koskov in besyk brocht hat oan it filharmoanysk orkest fan Bratislava. In oare Britske geheim agint, Saunders, hat de lieding oer de operaasje. It is Bond syn taak om in skerpskutter fan 'e KGB dea te sjitten ear't dy Koskov útskeakelje kin. De skerpskutter blykt lykwols de tsjeppe selliste út it orkest te wêzen, en it is Bond dúdlik dat sy noch nea in gewear fêstholden hat. Hy beslút syn oarders te negearjen en sjit har inkeld it gewear út 'e hannen. Dêrnei nimt er de lieding oer de operaasje oer en smokkelet er Koskov, mei help fan 'e pleatslike aginte Rosika Miklos en Q, de kertiermaster fan MI6, troch de Transsibearyske Piipline oer de grins nei Eastenryk.
As Koskov letter troch MI6 yn it ferhear nommen wurdt, fertelt er dat de nije sjef fan 'e KGB, generaal Leonid Pûsjkin, in folsleine psychopaat is, dy't it âlde belied fan Smjert Sjpionam út 'e tiid fan Stalin, it deadzjen fan eltse bûtenlânske spion dy't men te pakken krije kin, wer ynfierd hat. De dea fan agint 004 yn Gibraltar is dêr noch mar it earste priuwke fan. Neitiid wurdt Koskov út in ûnderdûkadres fan MI6 yn in lânhûs op it Ingelske plattelân ûntfierd troch in blonde man dy't blykber in agint fan 'e KGB is. M, de sjef fan MI6, nimt oan dat Koskov werombrocht is nei Moskou, dêr't er grif in raar gat yndraaie sil.
Bond kriget fan M opdracht om nei Tanger, yn Marokko, te reizgjen, dêr't Pûsjkin in hannelskonferinsje bywennet. Dêr oankommen moat er Pûsjkin út 'e wei romje, sadat syn healwize opstigings fan tafel geane en spionnen út East en West inoar wer inkeld fermoardzje sille as dêr in direkte oanlieding ta bestiet. Bond is it net iens mei de opdracht fan M; hy hat Pûsjkin persoanlik met en fynt it dreech om te leauwen dat de man sa ûntspoard is. Hy nimt de opdracht oan, mar is fan it begjin ôf oan fan doel en doch syn eigen sin. Hy hat juffer Moneypenny, de sekretaresse fan M, efter de rêch fan har baas om útsykje litten wa't de selliste út Bratislava is, en ynstee dat er streekrjocht nei Tanger giet, reizget er by Bratislava om.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Yn Bratislava ûntdekt Bond dat de selliste, dy't Kara Milový hjit, yn 'e rekken holden wurdt troch de KGB. Hja blykt in naïve jonge frou te wêzen dy't Koskov syn minneresse is. Har gewear wie laden mei losse flodders, en se die har as skerpskutter foar op fersyk fan Koskov sels. Bond wit lykwols dat Koskov MI6 warskôge hie foar de skerpskutter fan 'e KGB dy't him yn it each hold en dat er der boppedat op oanstien hie dat dyselde deasketten wurde moast. Ynstee dat er har dat fertelt, docht Bond him foar Kara oer foar as in freon fan Koskov, dy't stjoerd is om har Tsjechoslowakije út te smokkeljen en by him te bringen. Efterfolge troch de KGB en de Tsjechoslowaakske plysje flechtsje se dat út nei Eastenryk, wêrby't Kara derop stiet om har sello mei te slepen. Letter docht bliken wêrom't se dy beslist meihawwe wol: it is in Stradivarius dy't $150.000 wurdich is en dy't Koskov har kado dien hat. As harren skansearre auto net mear fierder kin, brûke Bond en Kara de koffer fan 'e sello as slide om oer de snie by de lichte del te glydzjen en sa oer de Eastenrykske grins te kommen.
Underwilens hat Pûsjkin yn Tanger in moeting mei de Amerikaanske wapenhanneler Brad Whitaker, oan wa't er yn net mis te fersteane bewurdings dúdlik makket dat in eardere oerienkomst foar de levering fan 'e nijste Amerikaanske wapens oan 'e KGB, dy't Koskov mei him sletten hie, net trochgiet. Hy wol de $50 miljoen dy't Koskov him betelle hat, weromhawwe, of oars… Whitaker beklaget him dêr letter oer by Koskov, dy't net yn Moskou, mar yn Tanger blykt te wêzen, dêr't hy en syn sabeare ûntfierder en eigentlike hantlanger Necros de gasten fan Whitaker binne. Koskov bewissiget Whitaker derfan dat er MI6 wysmakke hat dat Pûsjkin efter de moard op agint 004 sit, en dat Pûsjkin dêrom gau út 'e wei romme wurde sil. Whitaker is der lykwols net gerêst op, dat dêrom stjoert Koskov Necros derop út om noch in Britske agint om te bringen.
Bond en Kara binnen wilens yn Wenen oankommen, dêr't Bond syn dekmantel as freon fan Koskov oanhâldt troch it fanke mei te nimmen nei ferskate besjensweardichheden yn 'e stêd. By in besyk oan it ferdivedaasjepark by it Prater ferliedt er har en hawwe se seksuele omgong yn it reuzerêd. Bond hat yn it Prater mei Saunders ôfsprutsen om oan reisdokumintaasje foar Kara te kommen. Nei't Saunders dy by him ôflevere hat, wurdt er foar de eagen fan Bond troch Necros fermoarde, dy't op 'e nij it berjocht Smjert Sjpionam efterlit.
De oare moarns nimt Bond Kara mei nei Tanger, dêr't er it fanke yn harren hotel efterlit. Sels folget Bond Pûsjkin as dy in ôfspraak hat mei syn mêtresse, frou Rûbavitsj. Nei't er Pûsjkin oermastere ynstee fan deaketten hat, sa't syn opdracht wie, wikselet er ynformaasje mei him út. Bond fertelt oer wat Koskov tsjin MI6 sein hat, wylst Pûsjkin tajout dat Koskov nei it Westen ta ûntkommen is krekt foar't er de man oppakke litte sillen hie foar it fertsjusterjen fan oerheidsjild. Se beslute dat se te min witte oer wat Koskov feitliks by de ein hat, en dat hy dêr inkeld mear oer bleatjaan sil wannear't Pûsjkin dea is. Dat, Pûsjkin moat stjerre. As er letter in taspraak hâldt op 'e hannelskonferinsje, wurdt er troch Bond 'deasketten'. Bond ûntkomt neitiid oan 'e Marokkaanske plysje troch by twa kreaze Amerikaanske toeristes yn 'e auto te springen, dy't lykwols pistoalen foar it ljocht helje sadree't de auto riidt. Pûsjkin komt ûnderwilens, sadree't er allinne mei frou Rûbavitsj is, op mirakuleuze wize wer ta libben. Underwilens kriget Koskov in mysterieus tillefoantsje.
De beide froulju, Liz en Ava, blike agintes fan 'e CIA te wêzen, dy't Bond ôfleverje by syn âlde freon Felix Leiter. It ûndersyk fan Bond nei Koskov hat nammentlik it ûndersyk fan 'e CIA nei Whitaker krúst. De beide mannen wikselje ynformaasje út. Nei't Bond letter weromkommen is yn 'e hotelkeamer dy't er dielt mei Kara, skinkt sy him in drankje yn dat se oanlinget mei in bedwelmjend middel. As er foar it ferstân kriget wat se dien hat, seit se tsjin him dat se op eigen manneboet Koskov al weromfûn hat, en dat er har ferteld hat dat Bond in agint fan 'e KGB is dy't har brûkt om him (Koskov) op te spoaren. Bond hat noch krekt de tiid om te sizzen dat hy dejinge wie dy't har yn Bratislava it gewear út 'e hannen sketten hat en dat Koskov sein hie dat de skerpskutter deasketten wurde moast, foar't er bewusteleas rekket. Kara beseft dat se mooglik in grutte flater begien hat.
Bond komt wer ta besleur as er yn it fleantúch fan Koskov sit. Op syn fersyk spilet Kara him syn troch Koskov ôfpakte kaairing ta, mei in troch Q makke kaai dy't op 90% fan alle slotten yn 'e wrâld past. Underweis ûntdekt Bond dat in medyske kuolboks yn it fleantúch, dêr't in minsklik hert yn ferfierd wurde soe, eins in bistehert befettet en iis dêr't $50 miljoen oan diamanten yn fermongen is. Se lânje op in loftmachtbasis fan 'e Sovjet-Uny yn Afganistan, dêr't de Russysk-Afgaanske Oarloch yn folle gong is. Koskov en Necros drage Bond en ek Kara dêr oer oan Russyske soldaten om opsletten te wurden. Trochdat Bond mei de kaai fan Q syn hânboeiens losmeitsje kin, witte se lykwols te ûntsnappen, wêrby't Bond ek in Afgaanske finzene befrijd, dy't neffens de wurden fan 'e sipier de oare moarns ier eksekutearre wurde soe. It docht bliken dat it Kamran Shah is, de regionale lieder fan 'e Afgaanske mûdjahediin, dy't Bond en Kara meinimt nei syn basis.
Bond wol werom nei de Russyske legerbasis om út te sykjen wat Koskov mei de diamanten fan doel is, mar Kamran Shah leit dêr it near op. De oare deis nimt er Bond en Kara mei nei in plak dêr't Afgaanske drugshannelers fan 'e machtige Bruorskip fan it Snieloaihoars, dy't it op in akkoartsje goaid hawwe mei de mûdjahediin, yn ruil foar de diamanten foar $50 miljoen oan rouwe opium oan Koskov-en-dy ferkeapje. Bond begrypt dan dat Koskov de opium omsette wol yn heroïne, dat er foar tsien kear de priis fan 'e opium ferkeapje kin. Sa kin er smoarryk wurde en tagelyk $50 miljoen brûke om wapens fan Whitaker foar de KGB te keapjen, sadat er gjin swierrichheden mear mei de Sovjet-ynljochtingetsjinst hawwe sil no't Pûsjkin dea is. Bond wol de opium ferneatigje, mar Kamran Shah, foar wa't it net lije kin om behalven mei de Russen ek mei de Bruorskip fan it Snieloaihoars yn konflikt te reitsjen, kin dat net tastean. Se berikke in kompromis as Bond foarstelt om 'e opium op te blazen nei't de Russen dermei ôfset binne.
Bond, dy't ferklaait is as in Afgaan, docht him sadwaande foar as ien fan 'e dragers fan 'e sekken opium en ferskûlet him yn 'e Russyske frachtwein dêr't de opium ynladen wurdt. Dêr stoppet er in tiidbom yn ien fan 'e sekken. Der docht him lykwols in probleem foar as Necros ek efteryn 'e frachtwein plaknimt. Hy merkt Bond net op, mar keart mei syn oanwêzigens wol tsjin dat Bond temûk út 'e frachtwein springe kin. Sadwaande wurdt Bond mei weromnommen nei de legerbasis, dêr't Afgaanske wurkers de sekken opium ûnder tafersjoch fan Koskov en Necros út 'e frachtwein oerlade yn in transportfleantúch. Bond bejout him op 'e nij ûnder de dragers, en aktivearret yn it fleantúch de tiidbom. Hy wurdt lykwols op it lêste momint opmurken en hat gjin oare kar as om him yn it transportfleantúch te barrikadearjen.
Underwilens falle de op hynders ridende mûdjahediin ûnder lieding fan Kamran Shah de Russyske legerbasis oan, nei't se dêrta oantrune binne troch Kara. Yn 'e gaos dy't dêrtroch feroarsake wurdt, start Bond it tansportfleantúch en taksyt it nei de lâningsbaan. Kara trûdelet yn it gefjocht fan har hynder, mar stelt in Jeep en riidt dy de laadklep fan it fleantúch binnen. Op it lêste momint foar it opstiigjen wit Necros temûk it fleantúch binnen te kringen. Ienris yn 'e loft lit Bond de bestjoering fan it fleantúch oer oan 'e ferraste Kara, wylst er sels nei efteren giet om 'e bom te ûntwapenjen. Necros komt him oer it mad en de beide mannen reitsje yn gefjocht. Kara, dy't Bond besiket te helpen, iepenet de laadklep, wêrnei't in diel fan 'e sekken opium yn in laadnet út it fleantúch glidet. Bond en Necros fjochtsje oan it net efter it fleantúch bingeljend troch oant Bond Necros oermânsk wurdt en him te pletter falle lit. Nei't er wer yn it fleantúch kladdere is, docht bliken dat er noch krekt op 'e tiid is om 'e tiidbom út te setten.
Op 'e grûn hawwe Kamran Shah en syn mannen ûnderwilens de oanfal op 'e Russyske basis ôfbrutsen. Op harren weromtocht wurde se efterfolge troch Russyske pânserfiertugen. Bond keart it fleantúch, en as de Russen in brêge oerstekke, stelt er de tiidbom op tsien tellen yn en smyt him dan nei de pânserfiertugen. It ôfgean fan 'e bom soarget foar in reuseftige eksploazje, wêrby't de brêge ynstoart en de pânserfiertugen yn 'e djipte falle, sadat de mûdjahediin rêden binne. Neitiid merkt Bond dat de Russen de brânstoftanks fan it fleantúch lek sketten hawwe. Mei't se nearne lânje kinne, riidt er himsels en Kara yn 'e Jeep oan in parasjute út it fleantúch, dat dêrnei te pletter fljocht tsjin in heuvelrêch. It docht bliken dat se krekt de Pakistaanske grins oer kommen binne, dat se bejouwe har nei Karachi, om dêrwei werom te fleanen nei Marokko.
Yn Tanger kringt Bond mei help fan Felix Leiter de filla fan Brad Whitaker binnen, mei wa't er by in sjitpartij ôfweeft. As ien fan Whitaker syn liifwachten him dêrnei oer it mad komt en deasjitte sil, stapt generaal Pûsjkin nei binnen ta, dy't de man deasjit en Bond syn libben rêdt, sadat se wer lykman binne. Koskov, dy't op in oar plak yn 'e filla fan Whitaker ûntdutsen wurdt, beart foar Pûsjkin oer dat Whitaker him ûntfierd hie en yn gizeling hold en betanket Pûsjkin foar syn rêding. Pûsjkin jout lykwols befel om Koskov werom te stjoeren nei Moskou "yn 'e diplomatike post" (suggerearjend dat it stikje by bytsje barre moat).
In ûnbeskate tiid letter komt Kara har dream út as se in optreden fersoarget as soliste by in prestizjeus orkest yn Wenen. Dat is in ûntwikkeling dy't Bond en Pûsjkin tegearre beärbeide hawwe. M en generaal Pûsjkin binne dêr beiden oanwêzich. Kamran Shah en inkelen fan syn mei patroangurdlen útdoste mannen komme te let, mei't se "problemen op 'e lofthaven" hiene. M besiket de swarde fijannen Pûsjkin en Kamran Shah mei-inoar yn 'e kunde te bringen. Generaal Anatol Gogol, de foargonger fan Pûsjkin as sjef fan 'e KGB, dy't no foar it Sovjet-Ministearje fan Bûtenlânske Saken wurket, hat by wize fan geunst oan MI6 foar offisjele identiteitspapierren en reisdokominten foar Kara soarge. James Bond blinkt út troch ôfwêzigens, ta teloarstelling fan Kara, dy't har weromlûkt yn har klaaikeamer. As se dêr twa martinys klear stean sjocht, ûntdekt se Bond lykwols efter it klaaiskerm, dêr't se inoar yn 'e earms falle.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
MI6-agint James Bond | Timothy Dalton |
Kara Milový | Maryam d'Abo |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
generaal Georgi Koskov | Jeroen Krabbé |
generaal Leonid Pûsjkin, sjef fan 'e KGB | John Rhys-Davies |
Kamran Shah | Art Malik |
Necros | Andreas Wisniewski |
Brad Whitaker | Joe Don Baker |
Q, kertiermaster fan MI6 | Desmond Llewelyn |
MI6-agint Saunders | Thomas Wheatley |
MI6-aginte Rosika Miklos | Julie T. Wallace |
frou Rûbavitsj, Pûsjkin syn mêtresse | Virginia Hey |
kolonel Fejador | John Bowe |
CIA-agint Felix Leiter | John Terry |
M, sjef fan MI6 | Robert Brown |
Britsk minister fan Definsje sir Frederick Gray | Geoffrey Keen |
juffer Moneypenny | Caroline Bliss |
generaal Anatol Gogol, de eardere sjef fan 'e KGB | Walter Gotell (cameo) |
plysjekommissaris fan Tanger | Nadim Sawalha (cameo) |
Liz, blonde CIA-aginte yn Tanger | Catherine Rabett |
Ava, negroïde CIA-aginte in Tanger | Dulice Liecier |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeThe Living Daylights wie nei For Your Eyes Only (1981), Octopussy (1983) en A View to a Kill (1985) de fjirde James Bond-film dy't regissearre waard troch John Glen. Hy wurke nei in senario fan Richard Maibaum en Michael G. Wilson, dat foar it grutste part orizjineel wie. Inkeld de iepeningssêne wie basearre op it yn 1966 postúm publisearre koarte ferhaal The Living Daylights, fan Ian Fleming.
As produsinten wiene Albert R. Broccoli en syn styfsoan Michael G. Wilson by it projekt belutsen foar de filmstudio's Eon Productions en United Artists. De film wie dêrmei wer in Amerikaansk-Britske ko-produksje. The Living Daylights wie de earste Bond-produksje dêr't Broccoli syn dochter Barbara Broccoli ek by belutsen wie, as ko-produsinte. Foar de film wie in budget beskikber fan $40 miljoen, mear as foar hokker eardere Bond-film ek. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Alec Mills.
Casting
bewurkje seksjeJames Bond
bewurkje seksjeNei A View to a Kill hold akteur Roger Moore, dy't tolve jier lang en yn sân films de rol fan James Bond fertolke hie, it foar besjoen. As er de rol wer spile hie yn The Living Daylights, soed er 59 jier west hawwe, dat it wie dúdlik dat soks net koe. Der bestie lykwols in mieningsferskil oer hoe't Moore syn belutsenens by de Bond-searje beëinige waard: neffens himsels hied er foar de ear betanke om foar de achtste kear de rol fan James Bond op him te nimmen, wylst filmprodusint Albert R. Broccoli úthold dat er Moore dien jûn hie.
Hoe dan ek, der moast in nije Bond-fertolker komme, en dêrfoar holden de produsinten in yngeande syktocht. De wichtichste gadingmakkers dy't dêrút nei foarren kamen, wiene de Nijseelanner Sam Neill, de Ier Pierce Brosnan en de Welsman Timothy Dalton, dy't allegear yn 1986 audysje diene. Fan dy trije hie Dalton alris earder foar de rol fan Bond yn byld west, doe't Sean Connery oan 'e ein fan 'e 1960-er jierren en jitris oan it begjin fan 'e 1970-er jierren net mear fierder woe as Bond, mar beide kearen hied er foar de ear betanke, de earste kear om't er himsels te jong fûn en de twadde kear om't er him net fine koe yn 'e rjochting dy't de produsinten mei Bond út woene.
Broccoli syn styfsoan Michael G. Wilson, syn frou Dana (dy't efter de skermen ek in beskate ynfloed útoefene), syn dochter Barbara en regisseur John Glen wiene allegear tige ûnder de yndruk fan Sam Neill en stiene derop oan om dyselde yn 'e rol fan Bond te casten. Broccoli sels wie net oertsjûge. Underwilens besochten de studiobazen by Metro-Goldwyn-Mayer (MGM), de Amerikaanske filmstudio dy't de Bond-rige finansierde, Broccoli safier te krijen dat er de Australyske akteur Mel Gibson oannaam. Broccoli keas lykwols úteinlik foar Pierce Brosnan.
Op dat stuit stie Brosnan by it Amerikaanske tillefyzjenetwurk NBC ûnder kontrakt foar it spyljen fan 'e titelrol yn 'e tillefyzjesearje Remington Steele. Dy wie stopset omreden fan ôffallende sjochsifers, mar doe't bekend waard dat Brosnan keazen wie foar de rol fan James Bond, krige it Amerikaanske tillefyzjepublyk ynienen wer belangstelling foar de searje. NBC besleat dêrop om dochs in nij seizoen oan te meitsjen, en makke dêrta trije dagen foar de ein fan in 60-deiske opsje gebrûk fan in klausule yn it kontrakt fan Brosnan dat him op 'e nij fêstlei foar de rol fan Remington Steele. Broccoli woe lykwols net dat de fertolker fan 'e rol fan James Bond tagelyk de haadrol hie yn in tillefyzjesearje, om't er bang wie dat Bond en, yn dit gefal, Remington Steele mei-inoar ferflochten reitsje soene. Sadwaande tanke er Brosnan ôf, wat wer ta in sterke fermindering fan 'e belangstelling foar Remington Steele late, sadat der fan it nije seizoen úteinlik mar fiif ôfleverings makke waarden foar't de searje definityf stopset waard.
Op oantrúnjen fan syn frou Dana besleat Albert Broccoli doe de rol fan Bond oan te bieden oan Timothy Dalton, ek al hie dy yn 'e media net blyk jûn fan folle belangstelling dêrfoar. Dat kaam om't Dalton it eins noch net mei himsels iens wie oft er de rol wol spylje woe. Broccoli naam syn taflecht ta it audysje dwaan litten fan 'e Britske akteur Robert Bathurst foar de rol fan Bond, eat dat Bathurst letter sels, derop weromsjend, beskôge as "in potsje earmferdraaien" om Dalton ûnder druk te setten. Dy gie op 't langelêst akkoart. Syn James Bond hie lykwols mei opsetsin in hiel oare persoanlikheid as dy fan Roger Moore of Sean Connery. Wylst Connery Bond mear út 'e losse pols spile en Moore der yn lichte mjitte in grapmakker fan makke, griep Dalton werom op 'e oarspronklike Bond út 'e romansearje fan Ian Fleming, dy't mominten hat dat er twifels hat oer syn wurk en him der net rjocht noflik by fielt.
Oare rollen
bewurkje seksjeFoar de rol fan 'e Bond girl, de Tsjechoslowaakske selliste Kara Milový, waard de Ingelske aktrise Maryam d'Abo útkeazen. Hja hie yn 1984 audysje dien foar de rol fan KGB-aginte Pola Ivanova yn A View to a Kill. Dêrmei hie se yndruk makke op Barbara Broccoli, dy't derfoar soarge dat se oproppen waard foar in audysje foar de rol fan Kara Milový.
Oarspronklik wie it de bedoeling dat de rol fan 'e sjef fan 'e KGB wer nei Walter Gotell gean soe, dy't generaal Gogol al yn fiif Bond-films spile hie (The Spy Who Loved Me, Moonraker, For Your Eyes Only, Octopussy en A View to a Kill). Hy wie lykwols op dat stuit te siik om sa'n grutte rol spylje te kinnen, dat dêrom waard it senario feroare en waard generaal Pûsjkin opfierd as de opfolger fan Gogol. Yn dy rol waard de Welske akteur John Rhys-Davies cast. Gotell krige in cameo as Gogol oan 'e ein fan 'e film. It soe syn lêste ferskining yn in Bond-film wêze.
Desmond Llewelyn kearde yn The Living Daylights werom as Q en Robert Brown as M, mar Miss Moneypenny waard foar it earst net troch Lois Maxwell spile, dy't nei fjirtjin Bond-films tagelyk mei Roger Moore opholden wie. Ynstee waard Caroline Bliss opfierd as de nije Miss Moneypenny.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar The Living Daylights setten op 17 septimber 1986 útein. Lykas by hast alle James Bond-films it gefal is, waard it meastepart fan 'e binnendoarsênes opnommen yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske Buckinghamshire. Dêrnjonken waard foar The Living Daylights ek in protte filme yn Eastenryk, benammen yn Wenen en (foar wat de efterfolging nei de grins oanbelanget) op 'e Weißensee yn Karinsje. Ek de sênes yn Bratislava, no de haadstêd fan Slowakije, mar doe in stêd yn Tsjechoslowakije efter it Izeren Gerdyn, waarden fierhinne yn Wenen opnommen. It konsertgebou út 'e sênes fan it oerrinnen fan Koskov is eins fan bûten de Volksoper en fan binnen de Sofiensäle. De sêne mei de tram yn Bratislava waard filme yn 'e Weenske wyk Währing.
De iepeningssêne fan 'e film waard opnommen yn Gibraltar, hoewol't de klimaks fan 'e efterfolging dêre, as de Land Rover de see yn fljocht, by Beachy Head yn Ingelân filme waard. De sêne mei de ûntfiering fan Koskov út it ûnderdûkadres fan MI6 waard opnommen yn Stonor House, yn Oxfordshire. De woastynsênes yn Afganistan waarden eins opnommen yn Ouarzazate, yn Marokko. Foar de sêne mei it Russyske transportfleantúch boppe Afganistan waard in Fairchild C-123 Provider brûkt. It gefjocht hingjend oan it ladingnet efter it fleantúch waard, alteast foar it diel dat de gesichten fan 'e beide mannen net sichtber binne, echt sa opnommen, wêrby't stuntlju B.J. Worth en Jack Lombard it plak ynnamen fan Bond en Necros. Dy stunt fûn plak boppe de Mojavewoastyn yn Kalifornje.
Muzyk
bewurkje seksjeDe filmmuzyk foar The Living Daylights waard, lykas by in hiele rige foargeande Bond-films, fersoarge troch John Barry. De titelsong The Living Daylights waard songen troch de Noarske band A-ha en skreaun troch Barry y.g.m. de lead-sjonger fan A-ha, Pål Waaktaar. Dy beiden wurken net maklik gear, en dat late ta twa ferskillende ferzjes fan it nûmer, ien fan Barry dy't ûnder de begjintitels fan 'e film te hearren is, en in oarenien dy't troch A-ha útbrocht waard op harren album Stay on These Roads (1988).
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan The Living Daylights waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer en yn oare lannen en territoaria troch United International Pictures. Oan 'e film waard in disclaimer tafoege oangeande it Ynternasjonale Reade Krús, nei't de produsinten lulke reäksjes krigen hiene oer it misbrûken fan it logo fan dat goede doel op 'e sekken mei opium dy't yn 'e film troch Koskov oankocht wurde. De film gie op 29 juny 1987 yn Londen yn premiêre yn oanwêzigens fan 'e kroanprins Charles fan it Feriene Keninkryk. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 11 maaie 1987 by platemaatskippij Warner Bros. Records.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige The Living Daylights mingde resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech de film 2 fan 4 stjerren en skreau dat er yn 'e film de humor út foargeande James Bond-films miste. Boppedat fûn er dat The Living Daylights gjin echte Bond-smjunt hie en likemin in geweldige Bond-girl. Hy priizge lykwols de stunts yn 'e film. Syn kollega Gene Siskel, fan 'e Chicago Tribune, parte The Living Daylights ek 2 fan 4 stjerren ta. Hy beoardiele de James Bond fan Timothy Dalton as superieur oan 'e Bond fan Roger Moore, mar neffens him koed er de Bond fan Sean Connery net belykje.
Yn The New York Times hie Janet Maslin lykwols alle lof foar de aktearprestaasje fan Dalton, dy't The Living Daylights neffens har "it soarte enerzjy [joech] dat de Bond-searje de lêste tiid mist." De rezjy fan John Glen fûn se lykwols "adekwaat hoewol ûnynspirearre". Fan 'e eardere Bond-fertolkers priizge Sean Connery it aktearjen fan Timothy Dalton. Roger Moore gie mei sin net nei de bioskoop om The Living Daylights te sjen, mei't er der wis fan wêze woe dat er neat negatyfs oer de film te sizzen hawwe soe, mar tagelyk ek net tsjin 'e media hoegde te ligen.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Living Daylights in goedkarringspersintaazje fan 75%, basearre op 55 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Nijynkommeling Timothy Dalton spilet James Bond mei mear earnst as yn foargeande dielen [fan 'e filmsearje te sjen wie], en it resultaat is spannend en kleurryk, mar út en troch ek humorleas." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Living Daylights in goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 18 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeThe Living Daylights brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $51,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $140,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $191,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $40 miljoen betsjut dat in winst fan $151,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
James Bond (filmsearje) | |
---|---|
films fan Eon Productions | |
mei Sean Connery | Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971) |
mei George Lazenby | On Her Majesty's Secret Service (1969) |
mei Roger Moore | Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985) |
mei Timothy Dalton | The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989) |
mei Pierce Brosnan | GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002) |
mei Daniel Craig | Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021) |
films fan oare studio's | |
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983) |