Josef Stalin

(Trochferwiisd fan Stalin)

Josef Stalin (Georgysk: იოსებ ბესარიონის ძე ჯუღაშვილი, oarspronklike namme Iosseb Bessarionis dze Dzjoegasjvili, Russysk: Иосиф Виссарионович Сталин, Iosif Vissarionovitsj Stalin; 18 desimber j.k. 6 desimber 1878, Gory5 maart 1953, Koentsevo) wie de twadde lieder fan de Sowjetuny, fan 1928 oant syn dea. Syn diktatoriale en bysûnder wrede bewâld brocht it lân ta in grutte ekonomyske groei. Dy ekonomyske groei hat lykwols miljoenen minskelibbens koste.

Josef Stalin, om 1942

Jonge jierren

bewurkje seksje
 
Stalin yn 1902

Josef Stalin waard berne yn 1878. Syn heit wie skuonmakker en koe mar krekt genôch jild fertsjinje om syn húshâlding troch de tiid te krijen. Syn heit sloech syn frou en bern. Stalin wie it iennichste bern fan de fjouwer dy’t syn jeugd oerlibbe hat. Hy stoar hast oan de pokken doe't er fiif jier âld wie. Syn antlit hat altiten bedutsen west mei dobkes. Ek rûn er in ferwûning op, wêrtroch't syn lofterhân koarter wie en minder goed brûkber as syn rjochter. Neidat Stalin syn heit yn 1890 stoarn wie, waard Stalin fierder opfieden troch syn mem, Jekaterina. Jekaterina besleat dat Josef Stalin preester wurde moast. Hy helle knappe sifers, mar hy ferliet yn 1899 dochs de seminaria sûnder syn oplieding ôf te meitsjen. Yn dy tiid wie Stalin op 'e siik om syn libben betsjutting te jaan. De tsjerke koe him dat net jaan. Doe kaam it Marksisme yn byld.

Doe't Stalin foar it earst hearde fan it Marksisme wie Ruslân in grut lân. De befolking telde likernôch 130 miljoen minsken. Dêrfan wienen sa'n 90 miljoen boer. Der wienen yn hiel Ruslân mar 104.000 minsken dy’t in universitêre oplieding folge hienen. Grutte earmoede joech de Marksisten in goede hoop op in grutte oanhang.

Yn 1901 wie Stalin lid wurden fan in Georgyske sosjalistyske partij. Dy party wie drok dwaande om de revolúsjonêre ideeën oer te bringen op de Georgyske arbeiders. Stalin krige al gau in belangrike rol. Yn 1902 wurdt Stalin troch de plysje oppakt en nei Sibearje stjoerd. Mar it slagge him om te ûntsnappen en werom te gean nei de Kaukasus. Stalin begûn yn dy tiid Lenin te stypjen. Stalin koe him net bot bekroadzje om de organisaasje, want hy wie hieltiten op 'e flecht foar de plysje. Tusken 1908 en 1917 wie er mar oardel jier frij. Troch syn ferbliuw yn de finzenis hie er it oan tiid om him goed yn te lêzen yn de marksistyske literatuer. It slagge him om namme te meitsjen as partijlid en as organisator. Hy gie gauris mei Lenin op reis. Yn 1904 troude Stalin. It hat mar in koart houlik west. Syn frou stoar al yn 1907. Se hienen ien soan mei de namme Yakov Stalin.

By de Russyske revolúsje fan maart 1917 wurdt Stalin noch net echt ferneamd. Manlju lykas Lenin en Trotski stienen yn de belangstelling. Mar Stalin klom wol hieltiten fierder omheech. Yn april waard er lid fan it Sintrale Komitee fan de Bolsjewistyske partij. Stalin wurke troch, mar die dat foaral efter de skermen. Yn it nije kabinet krige Stalin in ûnbekende post. Hy waard minister fan Nasjonaliteiten. Hy soarge derfoar dat er altyd yn de buert fan Lenin bleau. Yn 1919 wurdt Stalin lid fan it Polytburo. Dat wie in tige wichtige organisaasje. Stalin hold him hieltiten mear dwaande mei de organisaasje fan de partij. Fan 1922 ôf wie Stalin sekretaris-generaal fan de partij. Hy soarge sa foar de - yn syn eagen - goede beneamings yn de bolsjewistyske partij. De konkurrinten fan Stalin seagen wat der barde. Stalin waard hieltiten machtiger en se koenen der neat oan dwaan.


Oant 1922 wie Stalin ôfhinklik fan de beskerming fan Lenin. Mar Lenin koe dy beskerming al gau net mear jaan. Syn sûnens gie hurd efterút. Foar Stalin wie soks net tige slim, want Lenin fertroude Stalin net langer. It kaam sels ta spul yn 1923. Dat hat Stalin nea tajaan wollen. Nei de dea fan Lenin liek it derop of soe Trotski de machtichste man fan de Sowjetuny wurde. Dy wie de man mei it talint en it garisma en dat hie Stalin net. Dochs soe Stalin it winne, want hy sammele yn alle hasten in ploech machtige minsken om him hinne. Dêrneist die Stalin krekt as wie hý de meast logyske opfolger fan Lenin. Stalin beskuldige Trotski derfan dat dy net mear it korrekte Marksisme oanhong. Yn 1925 wie Trotski al gjin bedriging mear. Yn 1927 waard Trotski nei Sibearje ferballe. Nei't er ek noch twa oare machtige mannen útskeakele hie, Kamenev en Zinovjev, wie Stalin yn 1928 de hearsker oer de Sowjetuny.

Yn 1928 sette Stalin útein mei ien fan syn grutste projekten: de kollektivisaasje fan de boeren en de striid tsjin de Koelakken. Dy Koelakken wienen rike boeren dy’t grutte stikken grûn besieten. Mar ek tsjin boeren wurde maatregels nommen; op dy wize woe de partij de macht oer alle boeren krije. De maatregels rôpen in soad ferset op by de boeren. Mar Stalin wie wreed en betocht de hurdste maatregels om alles trochgean te litten. De lânbouproduksje gie slim nei ûnderen en der briek hongersneed út. Miljoenen boeren gienen yn dy snuorje dea.

Mar Stalin woe mear. Hy begûn in grut projekt om de yndustrialisaasje op gong te krijen. Dat waard in grut súkses. Yn 1937 wie de produksje fjouwer kear sa heech as oan it begjin fan de yndustrialisaasje.

Stalin die alles om de macht te behâlden. Hy seach oeral komplotten. Hy hat ûnderskate kearen it leger en de partij suvere. Dat suverjen hold yn dat guon in showproses krigen. Allegearre 'bekenden' se, nei't se earst in hiel skoft martele wienen. De suverings soargen derfoar dat alle minsken djip respekt foar Stalin krigen. Mar yn 1941 lieten de suverings ek in negative kant sjen. De Dútsers foelen de Sovjetuny oan op 22 juny 1941. Partijleden doarden gjin beslissings te nimmen út eangst om deamakke te wurden. Mar ek it leger hie in probleem. Tûzenen offisieren waarden arrestearre en troch minsken ferfongen dy’t noch nea wat prestearre hienen. Stalin bemuoide him boppedat mei de troepeferpleatsings. Dat wienen net altyd goede beslissings. Soks blykt wol út de earste moannen fan de oanfal. Grutte parten fan de Sovjetuny wurde ferovere troch de Dútsers. Stalin beneamde himsels as haadbefelhawwer; hy liet alles en eltsenien opdrave om mei te fjochtsjen. Dat soarge derfoar dat net it hiele lân ynstoarte soe. Hy wie hurd foar it lân mar ek hurd foar himsels. Hy wegere sels om syn soan Yakof Stalin) út te wikseljen, dy't finzen nommen wie. Dêrom liet er him deasjitte; hy wie fan betinken dat in echte Sovjet-soldaat him net finzen nimme litte moast.

Nei de Twadde Wrâldkriich wie de kaart fan Jeropa feroare. En de Sowjetuny wie it lân dat it measte profitearre. It wie ien fan de wrâldmachten wurden. It hie in soad koste. It tal Russyske slachtoffers wurdt rûsd op likernôch 22 miljoen deaden. It foar de Sovjetuny belangrykste westlike part wie finaal ferwoastge. Mar dochs lei Stalin de swipe oer it folk. It lân moast sa gau mooglik wer opboud wurde. Stalin hearde by de winnende partij yn en nei de oarloch. Hy hie wûn fan Dútslân en Japan. Stalin waard sadwaande yn Ruslân noch mear fereare as foar de oarloch.

 
Yn Jalta nei de twadde wrâldoarloch

Begjin jierren '50 wurdt Stalin wer slim erchtinkend (paranoïde). Hy rette sadwaande nije suverings ta. Mar hy stoar yn 1953, noch foardat er de suvering(s) útfiere koe. Hy waard njonken Lenin byset yn it mausoleum by it Kremlin. Lang hat er dêr net lein. Ûnder syn opfolger Nikita Chroesjtsjev kaam der in ein oan de persoansferhearliking fan Stalin. Yn 1956, by it tweintichste partijkongres, die Chroesjstov in boekje iepen oer Stalin. Hy beskuldige him fan machtsmisbrûk, skiednisferfalsking en politike flaters. Dat sloech yn as in bom; tritich leden fan de 1600 minsken by it kongres krigen in hertoanfal of foelen flau. Ûnder de rede jankte Chroesjstov der suver oer. Dochs binne der noch altyd gâns minsken dy’t Stalin sjogge as de sterke man en as in grutte lieder.