Lev Borisovitsj Kamenev (Лев Борисович Каменев) (Moskou, 30 july 1883 - Moskou, 25 augustus 1936) wie in Sovjet-Russysk politikus.

Lev Kamenjev 1938
Kamerev en Lenin yn Gorky

Kamenev hjitte eins “Ronsenfeld”. Hy kaam út in Joadske famylje. As studint sluet er him oan by de Russyske Sosjaal Demokratyske Arbeidersparty (RDSAP. Yn 1903 waard hy lid fan de Bolsjewistyske fleugel fan de party.

Kamenev wurke dêrnei as redakteur foar de kranten Pravda en de Sotsial-demokrat. Yn 1914 waard Kamenev nei Sibearje ferballe. Nei de febrewarisrevolúsje fan 1917 kaam Kamenev frij en waard er lid fan de Sovjet fan Sint-Petersburch. Nei de oktoberrevolúsje waard hy foarsitter fan it Sintrale Utfierende Komitee fan de Sovjets en waard dêrmei de lieder fan Sosjalistysk Ruslân. Hy moast rillegau belies jaan sadat Jakov Swerdlov him opfolgje koe.

Yn 1919 waard Kamenev ien fan de fiif leden fan it Politburo fan de Russyske Kommunistyske Partij, sa neamde de Bolsjewistyske partij harsels. Mei Grigori Zinofjev en Jozef Stalin foarme er in trijemanskip tsjin Leon Trotski. Yn 1925 waard it wer oars en gie er in ferbûn oan mei Zonofjev tsjin Stalin, mar yn 1926 wûn Stalin de machtstriid yn de partij en waard Kamenev degradearre ta kandidaat-lid fan it Politburo. Fan 1926 oant 1927 wie Kamenev ambassadeur yn Itaalje. Nei de moard op Sergej Kirov yn 1934 waarden sawol Kamenev as Zinovjef beskuldige fan dy moard. Se waarden feroardield ta tsien jier finzenis. Yn 1936 waard Kamenev ta de dea feroardield omdat er by in kûppoging belutsen west hawwe soe. Yn 1988 kaam út dat alle beskuldigen fan doe ûnrjochtlik wienen.

Nei de eksekúsje fan Kamenev, waard de rest fan de famylje ek slachtoffer fan sa'n ûngelokkich lot. De twadde soan, Yu.L. Kamenev, waard eksekutearre op 30 jannewaris 1938; hy wie doe 17 jier. Syn âldste soan, loftmachtoffisier A.L. Kamenev, waard eksekutearre op 15 july 1939 yn de âldens fan 33 jier. Syn earste frou, Olga Bronstein (de suster fan Leon Trotski), waard deasketten op 11 septimber 1941 op befel fan Stalin, tagelyk mei Christian Rakovski, Maria Spiridonova en 160 oare promininte politike finzenen. Allinne syn jongste soan, Vladimir Glebov, oerlibbe de finzenissen en wurkkampen fan Stalin.