Thunderball (film)
Thunderball is in Britsk-Amerikaanske Technicolor-spionaazjeskriller út 1965 ûnder rezjy fan Terence Young, mei yn 'e haadrollen Sean Connery as geheim agint James Bond en Claudine Auger as de Bond girl Domino Derval. De titel betsjut letterlik "Tongerbal", en ferwiist (neffens de titelsong) nei Bond sels, dy't as in bal is dy't mei in lûd as fan 'e tonger oanrôljen komt en alles yn syn paad om kegelet. De film is basearre op 'e roman mei deselde namme út 1961 fan Ian Fleming.
Thunderball | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Terence Young | |
produsint | Kevin McClory | |
útfierend produsint |
Harry Saltzman Albert R. Broccoli | |
senario | Richard Maibaum John Hopkins Jack Whittingham | |
basearre op | de roman fan Ian Fleming | |
kamerarezjy | Ted Moore | |
muzyk | John Barry | |
filmstudio | Eon Productions | |
distribúsje | United Artists | |
spilers | ||
haadrollen | Sean Connery Claudine Auger | |
byrollen | Adolfo Celi Luciana Paluzzi Rik Van Nutter Molly Peters Martine Beswick | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Keninkryk Feriene Steaten | |
premiêre | 9 desimber 1965 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | spionaazjeskriller | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 130 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $9 miljoen | |
opbringst | $141,2 miljoen | |
prizen | 1 × Oscar | |
filmsearje | ||
filmsearje | James Bond | |
● foarich diel | Goldfinger | |
● folgjend diel | You Only Live Twice |
It ferhaal folget de Britske MI6-agint James Bond as er ynset wurdt om twa atoombommen fan 'e NATO werom te finen, dy't stellen binne troch de ynternasjonale terroristyske organisaasje SPECTRE. By tafal is Bond lykwols de dieders al foarôfgeande oan 'e dieverij op it spoar kommen, dat hy wit harren mei gauwens op te spoaren. Dan moat er inkeld noch ûntdekke wêr't se de bommen brocht hawwe en bewize dat sy efter de stellerij sitte. Bond stiet dêrby ûnder tiidsdruk om't SPECTRE driget de bommen yn in net by namme neamde Britske of Amerikaanske stêd ôfgean te litten as der net £100 miljoen oan losjild betelle wurdt.
Thunderball wie it fjirde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Goldfinger. Thunderball krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn in Oscar foar bêste special effects. In folgjend diel yn 'e searje, You Only Live Twice, kaam út yn 1967. Thunderball wie it ûnderwerp fan in rjochtsaak, mei't skriuwer Ian Fleming troch syn eardere meiwurkers Kevin McClory en Jack Whittingham oanklage waard foar plagiaat. De saak waard úteinlik oplost troch in skikking, wêrby't it auteursrjocht troch beide partijen dield waard. Sa koe it dat yn 1983 in remake fan Thunderball ferskynde ûnder de titel Never Say Never Again, dy't net ta de offisjele kanon fan 'e James Bond-rige fan Eon Productions heart.
Plot
bewurkje seksjeEmilio Largo, in rike misdiediger dy't in hege posysje beklaait binnen de kriminele en terroristyske organisaasje SPECTRE, betinkt in plan om twa atoombommen fan 'e NATO te stellen troch in Avro Vulcan-bommesmiter fan 'e Britske loftmacht, de RAF, te kapen. As ûnderdiel fan dat plan wurdt piloat Angelo Palazzi rekrutearre troch greve Von Lippe en Fiona Volpe, dy't aginten fan SPECTRE binne. Palazzi moat de eigentlike fleantúchkaping útfiere ûnder in rûtinemjittige trainingsflecht, wêrby't er it plak ynnimt fan François Derval, in ofsier fan 'e Frânske Loftmacht dy't as waarnimmer meifljocht. Palazzi ûndergiet dêrfoar plastyske sjirurzjy oan syn gesicht, sadat er as twa drippen wetter op Derval liket.
Underwilens eliminearret James Bond, de geheim agint fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, yn Frankryk mei help fan 'e Frânske geheim aginte La Barbie kolonel Bouvar, in agint fan SPECTRE dy't al twa kollega's fan Bond út 'e ljochten holpen hat. Neitiid wurdt Bond mei ferlof stjoerd nei it kueroard Shrublands, yn Ingelân. Ut beropsdefisjinsje wurdt er erchtinkend foar in oare gast oer, dy't eins greve Von Lippe is. Bond giet op ûndersyk út en trappearret in man mei de holle hielendal yn 'e wynsels yn Von Lippe syn keamer, mar wurdt sels ek trappearre. Letter besiket in ûnsjoene persoan (Von Lippe) Bond te fermoardzjen, mar troch yngripen fan Patricia Fearing, in fysioterapeute mei wa't Bond neitiid in seksuele relaasje kriget, oerlibbet er de oanslach.
De man mei de wynsels oer it gesicht (om identifikaasje tsjin te gean) blykt Palazzi te wêzen, dy't Derval fermoardet en syn plak ynnimt nei't dyselde yn in hotelkeamer mei Volpe op bêd west hat. Neitiid easket Palazzi mear jild as earder ôfsprutsen wie foar syn oandiel yn it plan, en Volpe jout ta en bewissiget him derfan dat er betelle wurde sil (sûnder ek mar de minste bedoeling te hawwen om dat te dwaan). Palazzi nimt yn it stee fan Derval diel oan 'e trainingsflecht fan 'e bommesmiter, fermoardet de bemanning en fljocht it fleantúch nei de Bahama's, dêr't er it lânet yn 'e ûndjippe wetters foar de kust fan ien fan 'e eilannen. Largo en syn mannen, dy't it fleantúch dêr op Largo syn jacht de Disco Volante al opwachtsje, geane yn wetsuits mei soerstofflessen it wetter yn, bergje de beide atoombommen en kamûflearje de bommesmiter. Largo fermoardet Palazzi om't dyselde him net oan 'e oarspronklike ôfspraken oer syn beleanning holden hat.
Underwilens bewuollet Volpe it gesicht fan 'e deade Derval yn wynsels en bringt tegearre mei greve Von Lippe it stoflik omskot fan 'e piloat nei Shrublands, dêr't se it lykje litte wolle as hat de pasjint mei wynsels oer it gesicht (Palazzi) in hertoanfal krigen dat er it bestoar. Bond hâldt harren lykwols yn 'e rekken en fersteurt it nachtlik binnenbringen fan it lyk fan Derval yn it kueroard troch it brânalaarm ôfgean te litten. Ek ferwideret er de wynsels om te sjen wa't dêrûnder beskûl giet. De oare deis, as it Britske regear foar it ferstân kriget dat der twa atoombommen stellen binne, wurdt Bond mei hege urginsje weromroppen nei Londen. Underweis besiket Von Lippe him te fermoardzjen, mar de greve wurdt sels út 'e wei romme troch Volpe, dy't dêrta opdracht krigen hat fan Blofeld, de mysterieuze lieder fan SPECTRE. Dy fynt nammentlik dat Von Lippe faald hat yn syn opdracht om it plan fan Largo sûnder swierrichheden út te fieren.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Nei't er yn Londen oankommen is, kriget Bond te hearren oer de dieverij fan 'e atoombommen, en ek dat der in boadskip fan SPECTRE ûntfongen is mei it drigemint dat de bommen ta ûntploffing brocht wurde sille yn in grutte stêd yn 'e Feriene Steaten of it Feriene Keninkryk, òf it moat wêze dat it Britske regear binnen in wike in losjild fan £100 miljoen oan diamanten betellet. Yn it dossier dat Bond en oaren te sjen krije oer de dieverij fan 'e bommen sitte ek foto's fan alle ynsittenden fan it ferdwûne fleantúch. Bond ken Derval wer fan it lyk dat er yn Shrublands sjoen hat en ynformearret M, de sjef fan MI6, dêroer. Mei't Domino, de suster fan Derval, har yn Nassau, op 'e Bahama's, befynt, freget er om dêrhinne útstjoerd te wurden.
Yn Nassau kriget Bond assistinsje fan in team dat bestiet út twa oare MI6-aginten, de kreaze Paula Caplan en de negroïde Bahamaan Pinder. Q, de kertiermaster fan MI6, moet ta syn argewaasje hielendal út Ingelân oerkomme om Bond ta te rissen mei ferskate nije technologyske snufkes, wêrûnder in fototastel dat ûnder wetter ynfrareadfoto's nimme kin, in opspoaringsapparaatsje dat in radiosinjaal útstjoerd as it trochslokt wurdt, en in miniatuersoerstofflesse ter grutte fan in boek dêr't men fjouwer minuten mei sykhelje kin. Ek Felix Leiter, in freon fan Bond dy't foar de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA wurket, arrivearret op 'e eilannen om te helpen. Bond moetet Domino "tafallich" by it djipseedûken. As se inoar letter wer sjogge yn in pleatslik kasino, reitsje se oan 'e praat en ûntdekt Bond dat Domino eins de mêtresse fan Largo is, en dat se gjin flau idee hat fan it lot fan har broer. Mei Largo begjint Bond in kat-en-mûsspul, mei't de beide mannen persiis witte wa't de oare is, wylst se harsels nei bûten ta fan 'e domme hâlde.
As Bond dy nachts fan ûnder wetter it jacht fan Largo, de Disco Volante, ûndersiket, merkt er in ûnderwetterlûk op dat him yntrigearret. Hy wurdt lykwols opmurken en kin mar nauwerneed ûntkomme. Wer op it drûge hat er in moeting mei Fiona Volpe. De oare deis besiket Bond de filla fan Largo bûten Nassau, dêr't Largo him ûnder mear de poel sjen lit dêr't er haaien yn hâldt. Dy jûns, as Bond op-en-út is mei Domino, komme Volpe en guon trewanten fan Largo yn Bond syn hotelkeamer Paula Caplan oer it mad en ûntfiere har. Leiter warskôget Bond, dy't in riskante rêdingsaksje ûndernimt en de filla fan Largo binnenkringt. Hy ûntdekt lykwols dat Paula selsmoard dien hat foar't de trewanten fan Largo har oan it praten krije koene. Largo-en-dy krije Bond yn 'e gaten, en in efterfolging oer it hiem fan 'e filla einiget mei in ûnderwetterfjochtpartij fan Bond mei ien fan 'e trewanten fan Largo yn it swimbad. Largo lit dêrop in lid oer it swimbad skowe en iepenet de tunnel nei de haaiepoel. Bond stekt de man dêr't er mei fjochtet dea en sprekt dan de miniatuersoerstofflesse oan, sadat er sykhelje kin. Wylst de haaien de deade man ferskuorre, swimt Bond troch de tunnel nei de haaiepoel en ûntsnapt.
Werom yn syn hotel ûntdekt er Volpe neaken yn syn bad. De moeting rint út op seks, mar neitiid arrivearje der in stikmannich fan Largo syn trewanten dy't Bond finzen nimme. As se him meinimme wolle nei de filla fan Largo, rekket harren auto fêst yn in optocht yn it ramt fan 'e fiering fan Junkanoo (de Bahamaanske foarm fan Mardi Gras). Yn 'e gaos wit Bond te ûntkommen. Volpe en har trewanten efterfolgje him, en yn in nachtklub dêr't er beskûl siket, is Bond twongen om mei Volpe te dûnsjen wylst har mannen fan 'e râne fan 'e dûnsflier tasjogge en ôfwachtsje om him wer te pakken te krijen. As ien fan harren besiket him del te sjitten, draait Bond Volpe krekt op it lêste momint yn dy rjochting, mei as gefolch dat sy deadlik rekke wurdt ynstee fan hysels. Neitiid wit Bond yn alle trelit fan ruten te spyljen.
Yn in helikopter fine Bond en Leiter de oare deis einlings de kaapte bommesmiter ûnder wetter werom. Bond swimt derhinne en stelt fêst dat de bommen poater binne. Wol fynt er it lyk fan Palazzi, dat er fan 'e persoanlike besittings fan Derval ûntdocht. Neitiid bringt er dy by Domino en fertelt er har dat har broer dea is en dat Largo dêr ferantwurdlik foar is. Domino seit him har help ta en nimt in lytse geigerteller fan him oan dy't Bond fan Q krigen hat. Dêrmei kin se oan 'e hân fan 'e mjitte fan radio-aktiviteit sjen oft de bommen oan board fan 'e Disco Volante binne. Sa ja, dan sil se har nei it dek bejaan, dêr't se út in helikopter wei sjoen wurde kin. As se lykwol mei de geigerteller troch it jacht rint, wurdt se trappearre troch Largo, dy't har finzen sette lit yn har hut. Hy is fan doel om har te marteljen om út te finen hoefolle oft se fan syn plannen ôfwit.
Underwilens ynfiltrearret Bond de bemanning fan 'e Disco Volante troch ien fan Largo syn mannen út 'e wei te romjen as dy wetsuits oandogge en dûkbrillen opsette. Sadwaande is hy derby as de Disco Volante letter stilhâldt by in lyts koraaleilantsje, net folle mear as in rots, dêr't de bommen ûnder wetter yn in grot ferburgen binne. Largo ûntdekt lykwols syn oanwêzigens en lit him opslute yn 'e grot, dy't fan hydraulyske metalen doarren foarsjoen is. Bond hat gjin oare kar as om 'e grot fierder yn te gean en in oare útwei te sykjen. Uteinlik fynt er soarte fan skoarstien, dêr't er heech boppe him de loft sjocht. Hy kin lykwols net út 'e grot komme. Leiter wit him yn in rêdingshelikopter fan 'e Amerikaanske Kustwacht te finen troch it radiosinjaal fan it trochslokte opspoaringsapparaatsje te folgjen, en hyst him út 'e grot omheech. Bond is ûnderwilens oan 'e weet kommen dat Largo fan doel is om ien fan 'e atoombommen ôfgean te litten by Miami, oft it losjild fan £100 miljoen oan diamanten no betelle wurdt of net. Leiter nimt kontakt op mei de Amerikaanske autoriteiten om dy ynformaasje troch te spyljen.
Sadwaande wurde Largo en syn trewanten, as se de bom ûnderwetter nei Miami ta bringe wolle, opwachte troch in detasjemint dûkers fan 'e Amerikaanske Marine. Der ûntjout him in fjildslach ûnder wetter, wêrby't de kriminelen en de marinekommando's inoar te liif geane mei harpoengewearen en messen. Bond bejout him yn it hjitst fan 'e striid en wit ferskaten fan Largo syn mannen út te skeakeljen. Troch syn tadwaan slagget it de Amerikanen om 'e atoombom yn 'e hannen te krijen. Largo wit lykwols te ûntkommen nei de Disco Volante, dêr't er de twadde bom noch hat. Wylst it jacht fuortfart, kin Bond noch krekt oan board glûpe. Skippen fan 'e Amerikaanske Marine en de Amerikaanske Kustwacht sette de efterfolging yn, mar Largo lit in reekgerdyn opsmite, wêrnei't bliken docht dat de Disco Volante yn twaen spjalten wurde kin. It efterste part fan it jacht bliuwt efter by wize fan ôflieding, wylst it flugge foarste part mei Largo deryn útnaait. Troch it reekgerdyn hawwe de Amerikanen net foar it ferstân wat der bart en litte se Largo gewurde.
Bond bejout him lykwols nei de brêge fan it flechtsjende fartúch, dêr't er yn gefjocht rekket mei Largo en syn mannen. Underwilens pakt de natuerkundige Ladislav Kutze, dy't troch Largo yn 'e earm nommen wie foar it omgean mei de atoombommen, slim om mei wroeging oer it lot fan Paula Caplan. Hy is net fan doel om dat nochris barre te litten en befrijt dêrom Domino fan har finzenskip. Ek lit er har witte dat er de twadde atoombom ûnskeadlik makke hat om't er fynt dat Largo gek wurden is. De slaanderij tusken Bond en Largo-en-dy op 'e brêge einiget as Largo in pistoal wit te besetten en Bond deasjitte sil. Op it lêste momint wurdt er lykwols sels troch Domino deasketten mei in harpoengewear. Mei't de Disco Volante troch it gefjocht op 'e brêge ûnbestjoerber rekke is, springe Bond, Domino en Kutze oerboard, krekt foar it skip op in koraalrif fart en eksplodearret.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
MI6-agint James Bond | Sean Connery |
Domino Derval | Claudine Auger¹ |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Emilio Largo | Adolfo Celi² |
Fiona Volpe | Luciana Paluzzi |
CIA-agint Felix Leiter | Rik Van Nutter |
fysioterapeute Partricia Fearing | Molly Peters³ |
MI6-aginte Paula Caplan | Martine Beswick |
greve Von Lippe | Guy Doleman |
François Derval / Angelo Palazzi | Paul Stassino |
Vargas | Philip Locke |
Ladislav Kutze | George Pravda |
M, haad fan MI6 | Bernard Lee |
juffer Moneypenny | Lois Maxwell |
Q, kertiermaster fan MI6 | Desmond Llewelyn |
Britske minister fan Binnenlânske Saken | Roland Culver |
Pinder | Earl Cameron |
Frânsk geheim aginte La Barbie | Maryse Guy Mitsouko |
kolonel Jacques Bouvar | Bob Simmons |
Ernst Stavro Blofeld | Anthony Dawson |
stim fan Ernst Stavro Blofeld | Eric Pohlmann |
Quist | Bill Cummings |
Janni | Michael Brennan |
RAF-kolonel Prichard | Leonard Sachs |
frou Boitier | Rose Alba |
fise-loftmaarskalk | Edward Underdown |
Kenniston | Reginald Beckwith |
kaptein | Harold Sanderson |
¹) De dialooch fan Claudine Auger waard omreden fan har aksint yn 'e postproduksje fan 'e film neisyngronisearre mei it stimlûd fan Nikki van der Zyl.
²) De dialooch fan Adolfo Celi waard omreden fan syn aksint yn 'e postproduksje fan 'e film neisyngronisearre mei it stimlûd fan Robert Rietty.
³) De dialooch fan Molly Peters waard yn 'e postproduksje fan 'e film neisyngronisearre mei it stimlûd fan Barbara Jefford.
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeRjochtsaak
bewurkje seksjeOarspronklik wie Thunderball bedoeld as de earste James Bond-film, mar de filmrjochten wiene it ûnderwerp fan juridyske strideraasjes dy't duorren fan 1961 oant 2006. De film wie basearre op 'e roman Thunderball, fan Ian Fleming. By de publikaasje fan dat boek, yn 1961, waard Fleming oanklage foar plagiaat troch syn eardere meiwurkers Kevin McClory en Jack Whittingham. Dyselden beskuldigen him derfan de roman basearre te hawwen op in earder senario foar in mislearre Bond-ferfilming, dat se mei harren trijen skreaun hiene. Nei ferskate jierren waard de rjochtsaak foareart oplost mei in skikking, wêrby't McClory it auteursrjocht behold op it senario en Fleming it auteursrjocht op 'e roman. (Dat soe yn 1983 in remake fan Thunderball mooglik meitsje ûnder de titel Never Say Never Again.)
Produksje
bewurkje seksjeTsjin 'e tiid dat de skikking dertroch kaam, wie de James Bond-rige in grut bioskoopsúkses, en produsinten Harry Saltzman en Albert R. Broccoli fan Eon Productions woene tsjin eltse priis foarkomme dat der in film troch in rivalisearjende filmstudio produsearre wurde soe. Dêrom sleaten se in kompromis mei McClory foar de ferfilming fan Thunderball, wêrby't McClory, alteast op papier, de iennichste produsint fan 'e film waard, wylst sy sels útfierende produsinten waarden. De roman fan Fleming waard omwurke ta in ferfilmber senario troch Richard Maibaum en John Hopkins, mar yn 'e begjintitels fan 'e film waard fermeld dat harren skript basearre wie op in "oarspronklik senario" fan Whittingham, dat wer basearre wie op in "oarspronklik ferhaal" fan McClory, Whittingham en Fleming.
Guy Hamilton, dy't it jiers tefoaren de foargeande Bond-film Goldfinger makke hie, waard útnûge om ek Thunderball te regissearjen, mar hy fielde him "kreätyf útwrongen" nei Goldfinger, en sloech it oanbod ôf. Dêrop waard Terence Young weromhelle as regisseur, deselde dy't ek de earste beide Bond-films Dr. No en From Russia with Love makke hie. Hy hie yn 1961 Thunderball al meitsje sillen, mar troch de juridyske perikelen wie doe besletten om ynstee de roman Dr. No as earste te ferfilmjen. Efternei fûn Young, sa joech er letter yn in fraachpetear oan, dat Thunderball persiis op 'e juste tiid makke wie. Mei it lege budget fan $1 miljoen, dêr't Dr. No foar makke wurde moast, wie Thunderball net út 'e ferve kommen. Troch it súkses fan 'e trije foargeande Bond-films wie der yn 1965 foar Thunderball in budget fan $9 miljoen beskikber. Mei't dat jild foar it meastepart fan filmstudio United Artists kaam, wie ek Thunderball, krekt as de foargeande films, wer in Britsk-Amerikaanske ko-produksje. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ted Moore, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Barry. De titelsong, dy't ek Thunderball hiet, waard songen troch Tom Jones.
Casting
bewurkje seksjeDat Sean Connery yn 'e rol fan James Bond weromkeare soe, stie as in peal boppe wetter, mar foar de Bond girl yn Thunderball waard hiel wat ôfsocht. De earste kar fan Albert R. Broccoli foar de rol fan Domino Derval wie Julie Christie, mar doe't er dy aktrise mette, foel it him net ta. Dêrop woed er Raquel Welch hawwe, mar dy wie al oare ferplichtings oangien foar it tiidsbestek dat film opnommen wurde moast. Faye Dunaway waard yn omtinken nommen, en datselde gou foar û.o. Miss Itaalje Maria Grazia Buccella en Hammer horroraktrise Yvonne Monlaur. Uteinlik foel de kar op Miss Frankryk Claudine Auger. Foar har waard it personaazje, dat yn 'e roman fan Fleming Domino Vitali hjit en in Italjaanse is, feroare yn in Fransêze mei de efternamme Derval.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar Thunderball setten op 16 febrewaris 1965 útein yn Parys. Der waard ek filme yn Dreux (fjochtpartij mei kolonel Bouvar), op it Silverstone Sirkwy (efterfolging mei en dea fan greve Von Lippe) en yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske Buckinghamshire. It meastepart fan 'e film waard lykwols op lokaasje opnommen yn 'e Bahama's, yn 'e haadstêd Nassau en op it eilân Paradise, dat priveebesit wie fan Huntington Hartford.
Mei't special effects yn 1965 noch yn 'e berneskuon stiene, moasten in protte sênes dy't tsjintwurdich yn 'e postproduksje tafoege wurde soene yn 'e foarm en echt lykjende animaasje, of dy't mei motion-capturetechniken opnommen wurde soene, foar Thunderball echt spile wurde. Sa wie it jetpack dat Bond oan it begjin fan 'e film brûkt om te ûntsnappen nei't er kolonel Bouvar eliminearre hat, in echt en funksjoneel apparaat, in prototype dat ûntwikkele wie foar it Amerikaanske Leger. It wie libbensgefaarlik om mei om te gean en koe mar inkele minuten efterinoar brûkt wurde.
Ek de haaien yn 'e film wiene echte bisten. Doe't Sean Connery yn 'e sêne yn it swimbad mei de haaien yn it wetter moast, stied er derop dat produksje-ûntwerper Ken Adam in pleksiglêzen barriêre tusken him en de haaien makke. Der wie lykwols te min pleksiglês foar hannen, sadat ien fan 'e haaien deromhinne swom. Adam fertelde yn 2005 yn in fraachpetear mei de Britske krante The Guardian oer dat momint en de reäksje Connery: "Hy is noch nea yn syn libben flugger út in swimbad kommen – it liek wol as rûn er op it wetter."
It klimatyske en grutskalige ûnderwettergefjocht tusken de kriminelen fan SPECTRE en de dûkers fan 'e Amerikaanske Marine waard opnommen by Clifton Pier yn 'e Bahama's. Foar de goreografy waard de help ynroppen fan Hollywoodekspêr Ricou Browning, dy't oan ferskate oare films meiwurke hie dy't ûnderwettersênes befetten. Foar de ûntploffing fan 'e Disco Volante, it jacht fan Largo, waard eksperimintele raketbrânstof oanlevere. Special effects-tafersjochhâlder John Stears negearre lykwols it ferskil tusken de superûntflambere floeistof en gewoane benzine en oergeat it hiele jacht dermei. Doe't er it neitiid ûntploffe liet, wie de klap dy't dat oplevere sa lûd, dat de ruten oan Bay Street yn Nassau, 48 km fierderop, derfan sprongen.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Thunderball waard fersoarge troch United Artists. De film gie op 9 desimber 1965 yn Tokio yn premiêre, en iepene dêrnei op 29 desimber yn 'e Britske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn desimber 1965 by platemaatskippij United Artist Records.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Thunderball oer it algemien positive resinsjes. Bosley Crowther fan The New York Times fûn dat de film mear humor befette as syn foargongers en hie fierders lof foar de haadrolspilers, de kleur fan Technicolor en de setting yn 'e Bahama's. Hy besleat mei: "Sels it geweld is grappich. Dat is it bêste dat ik foar in James Bond-film sizze kin." Neffens it Amerikaanske tydskrift Variety wie Thunderball "in strak filme, spannend melodrama dêr't nijichheid fan aksje in wichtige rol yn spilet," ferwizend nei û.m. de ûnderwettergefjochten.
Yn 1986 skreau Danny Peary yn syn Guide for the Film Fanatic dat "it in ivichheid duorret [foar't Thunderball] echt begjint". Hy fûn ek dat de film "tefolle lange ûnderwettersênes hat wêrby't it ûnmooglik is om te sizzen wat der krekt bart." (Dat wie krityk dy't ek by de premiêre fan 'e film yn 1965 al utere wie, û.m. troch de Los Angeles Times.) Peary ferfette: "Nettsjinsteande dat is it in fermaaklik ûnderdiel fan 'e Bond-searje. […] De film hat gjin inkele 'grutte' sêne, mar is ûnderhâldend salang't de akteurs boppe wetter bliuwe." Yn 2007 priizge de foaroansteande Amerikaanske filmkritikus James Berardinelli de aktearprestaasjes fan Sean Connery (Bond) en Luciana Paluzzi (Fiona Volpe) yn Thunderball, en teffens de ûnderwettersênes, dy't neffens him goed goreografearre en dúdlik yn byld brocht wiene. Wol joech er ta dat se te lang wiene en ferlet hiene fan montaazje.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Thunderball in heech goedkarringspersintaazje fan 86%, basearre op 48 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Wielderich útfierde dekôrs en de beklibjende sjarme fan Sean Connery meitsje [de film] ta in grut, fermaaklik aventoer, ek al kin it de eardere hichtepunten fan 'e filmsearje net alhiel belykje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Thunderball in goedkarringspersintaazje fan 64%, basearre op 9 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeThunderball brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $63,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $77,6 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $141,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $9 miljoen betsjut dat in winst fan $132,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie Thunderball de op twa nei meast opbringende film fan 1965, nei The Sound of Music en Dr. Zhivago. Thunderball brocht mear op as de trije foargeande Bond-films en ek as de trije neifolgjende Bond-films, oant Live and Let Die, út 1973, it rekôr ferbriek. Nei oanpassing foar ynflaasje bedroech de opbringst fan Thunderball yn jild út 2011 lykwols likernôch $1 miljard, wat betsjut dat it eins nei Skyfall, út 2012, de finansjeel súksesfolste Bond-film aller tiden wie.
Prizen
bewurkje seksjeYn 1966 wûn Thunderball de Oscar foar bêste special effects, dy't nei John Stears gie. Ken Adam waard foar syn wurk oan Thunderball nominearre foar de BAFTA foar bêste produksje-ûntwerp.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Thunderball
- (in) Ynformaasje oer Thunderball yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
James Bond (filmsearje) | |
---|---|
films fan Eon Productions | |
mei Sean Connery | Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971) |
mei George Lazenby | On Her Majesty's Secret Service (1969) |
mei Roger Moore | Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985) |
mei Timothy Dalton | The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989) |
mei Pierce Brosnan | GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002) |
mei Daniel Craig | Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021) |
films fan oare studio's | |
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983) |