Melodrama
In melodrama is in toanielstik of filmwurk dêr’t in foarsisbere plot mei emosjoneel effektjeien yn útwurke wurdt, wylst foar de personaazjes stereotypen brûkt wurde. Oarspronklik wie melodrama in sjenre yn it teäter fan de Grykske Aldheid wêrby’t μέλος (sang of muzyk) en δράμα (drama) kombinearre waarden. Muzyk waard brûkt om de emoasjes fuort te sterkjen of in personaazje te ferdúdlikjen. Tsjintwurdich betsjut melodrama as technyske term dat (sprutsen) dramatyske aksje op toaniel, yn film of op telefyzje begelaat wurdt troch muzyk.
Moderne skiednis
bewurkje seksjeMelodrama as teätersjenre waard populêr yn Frankryk oan de ein fan de achttjinde iuw. Jean-Jacques Rousseau's Pygmalion, mei muzyk fan Horace Coignet wurdt sjoen as in foarrinner fan it melodrama. It waard skreaun yn 1762 en belibbe syn premjêre yn Lyon yn 1770. Goethe naam it oer yn Weimar yn 1772 op muzyk fan Anton Schweitzer.
Yn prinsipe is der net sokksawat as ‘it’ melodrama. Der wiene trije fazes yn har ûntjouwing: it klassyk melodrama (1800 – 1823), it romantysk of sosjaal melodrama (1823 – 1848) en it lettere melodrama (1848 – 1914).
It klassyk melodrama sjocht harsels as in fuortsetting fan de klassike trageedzje, brûkt trije bedriuwen (neffens it foarbyld fan de opera) en past de aristotelistyske ienheden sekuer ta. Yn it romantysk of sosjaal drama, krijt de smjunt faak de haadrol taparte. It liket it measte op it hjoeddeiske byld fan melodrama. By it lettere melodrama waarden de technyske fernijïngs fan de 19e iuw yntegrearre, lykas magnetisme, hypnoaze, en it brûken fan stoom.
It sjenre fersprate him troch Jeropa yn toanielstikken mei helden, heldinnen en boeven yn ûnwierskynlike situaasjes. De lêste desennia hat de term melodrama in ôfkarrende betsjutting krigen.
Opbou
bewurkje seksjeDer wie in heldere opbou: in boef driget, in held ferslacht de boef of rêdt de heldin en faak ein goed, al goed.
Ferskil mei trageedzje en musical
bewurkje seksjeIt ferskil mei trageedzje is dat de ôfrin fan in melodrama lokkich wêze kin. Yn in modern (stikje) melodrama wurdt oars as yn de musical net songen. Wol kin in musical in stikje melodrama hawwe, dus muzikale begelieding fan aksje of sprutsen tekst.
Hjoeddeistige tapassings
bewurkje seksjeMelodrama wurdt tsjintwurdich in soad tapast yn film en op radio en telefyzje. Der binne ferskillende typen.
Dokumintêre
bewurkje seksjeSjoernalistike bylden of dokumintêres wurde stipe troch muzyk foar aksintuearring. De yntro fan it NOS-sjoernaal past dat ek ta.
Aksje
bewurkje seksjeYn spylfilm en telefyzjedrama’s ferheget en ferleget filmmuzyk de emosjonele spanning. Spylfilms sûnder keunstmjittich tafoege muzyk lykas fan de Deenske Dogma 95-groep binne útsûnderlik.
Taalgebrûk
bewurkje seksjeDe wurden melodrama of melodramatysk wurde pejoratyf (delbûgend, minachtsjend) brûkt om oerdreaun emosjoneel effektjeien oan te tsjutten.
Fierder lêze
bewurkje seksje- Michael Booth (1991) Theatre in the Victorian Age. Cambridge University Press.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |