Brêge (skip)

(Trochferwiisd fan Brêge (skipfeart))

De brêge is op in skip it plak dêr't it skip wei bestjoerd wurdt. Behalven it stjoerrêd fynt men dêr ek ferskate nautyske apparaten dêr't ferlet fan is foar in feilige feart op see of op in binnenwetter, lykas it echolead, de radar, de skipsradio, de stjoerautomaat, de tillegraaf, in GPS-navigaasjesysteem en it kompas. Ek de kaartetafel befynt him op 'e brêge.

De brêge fan 'e Bro Elizabeth.
De brêge fan de l'Olympic, it susterkip fan de Titanic

Op gruttere skippen foarmet de brêge it senuwsintrum fan it skip, dêr't de koers en faasje bepaald wurdt en ek de krekte geografyske posysje fan it skip byholden wurdt. Ek berêst by de stjoerman fan 'e wacht it befel oer it skip by eventuele kalamiteiten, itsij om dy foar te kommen, itsij om se te bestriden. Om in goed útsicht nei alle kanten te bieden, is de brêge almeast like breed en soms sels breder as it skip sels. By it oanmarjen stiet de stjoerman op 'e brêgewjuk, de útein fan 'e brêge oan 'e lofter- of rjochterkant fan it skip, dêr't er wei sicht hat op 'e kade en oanwizings trochjaan kin oan 'e roerman, dy't it stjoerrêd betsjinnet.

De brêge fan 'e Stena Jutlandica, bygelyks, is breder as it skip sels.

By it farren is de brêge fan in skip altyd bemanne. Hokker spesifike bemanning ferlet fan is, ferskilt, ôfhinklik fan it farwetter dêr't it skip him befynt, de waarsomstannichheden en de tiid fan 'e dei.
● op tige drokke kustwetters en/of rivieren bestiet de bemanning út kaptein, stjoerman, roerman en útkyk
● by mist, stoarm of oare foarmen fan min waar bestiet de bemanning út kaptein, stjoerman en útkyk
● by normale omstannichheden nachts bestiet de bemanning út stjoerman en útkyk
● by normale omstannichheden oerdeis bestiet de bemanning út stjoerman en útkyk, al mei de útkyk ferfalle as der in wachtalaarm (deademansknop) oanwêzich is

Sprekferbining

bewurkje seksje

Op 'e brêge moat in sprekferbining wêze mei de masinekeamer en mei de hut fan 'e kaptein. Dy beide ferbinings moatte ûnôfhinklik fan 'e enerzjyfoarsjenning op it skip wurkje kinne. Foarhinne waard dêrom gebrûk makke fan sprekbuizen en letter fan in tillefoan mei in dynamo. Dy moast troch in draaitsjiltsje mei in hendel likernôch tsien sekonden lang opwûn wurde oant der in lûde soemtoan klonk ta oantsjutting dat de sprekferbining mei de masinekeamer of de kapteinshut ta stân brocht wie. Tsjintwurdich brûkt men in tillefoanynstallaasje mei in eigen akku of in helpgenerator as alternative enerzjyboarne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.