In rekwisyt (mt.: rekwisiten) is in foarwerp dat akteurs brûke yn in toanielfoarstelling, film of tillefyzjeproduksje. It wurd 'rekwisyt' komt fan it Frânske requisite, dat "fereaske" betsjut.

Rekwisiten opslein yn it Nasjonaal Teäter yn it Dútske Mannheim.

Yn praktyske termen binne rekwisiten alles dat ferpleatsber is op it toaniel of de set, mei útsûndering fan 'e akteurs sels, it dekôr, de kostúms en elektryske apparatuer lykas de ferljochting. It kin dus gean om meubilêr, lykas in tafel of in stoel, om dingen dy't oan 'e wand hingje, lykas in skilderij of in klok, of om dingen dy't troch de akteurs yn 'e hân holden wurde, lykas in boek of tydskrift, in paraplu of gongelstôk, in swurd of pistoal of neam mar op.

Ornaris is der by in toaniel-, film- of tillefyzjeproduksje immen dy't spesjaal foar de rekwisiten ferantwurdlik is. Inkeld it amateurtoaniel is dêr in útsûndering op. Sa'n meiwurker wurdt wol de toanielfeint, rekwisiteur of ynspisiïnt neamd.

As by film- of tillefyzjeproduksjes ien of mear echte fjoerwapens as rekwisyt brûkt wurde, heart der ek immen spesifyk foar dy rekwisiten ferantwurdlik te wêzen. Dat is om foar te kommen dat fjoerwapens echt mei skerpe munysje laden binne as de opnamen plakfine. Dêrta moat foar eltse opname in kontrôle útfierd wurde. Sa'n persoan moat ferstân fan fjoerwapens hawwe om bgl. mei wissichheid it ferskil sjen te kinnen tusken in echte kûgel en in losse flodder. Ek moat sa'nent derfoar soargje dat de wapens net omtommelje, mar nei de opname fuortendaliks wer ynlevere wurde.

Wat der barre kin as der net sekuer tasjoen wurdt op fjoerwapens dy't as rekwisiten brûkt wurde, is dúdlik wurden by deadlike ûngelokken op filmsets, lykas dy, dêr't op 31 maart 1993 akteur Brandon Lee by omkaam, en dy, wêrby't op 21 oktober 2021 kamerafrou Halyna Hutchins de dea fûn.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.