Skonk

(Trochferwiisd fan Skonken)

In skonk is by libbene wêzens in lichemsdiel dat it gewicht fan it lichem draacht en ornaris ek in grutte rol spilet by fuortbeweging. Skonken hawwe meastal in pyldereftige foarm en steane rjocht ûnder it lichem (behalven by lidpoatigen en oar wrimelt). Se besteane út bonken, spieren en hûd. De útein, dy't de foet of poat neamd wurdt, is faak adaptearre om rinnen makliker te meitsjen troch it gewicht fan it lichem oer in grutter oerflak te ferdielen. Fuortbeweging wurdt mooglik makke troch in stikmannich gewrichten, wêrfan't it heupgewricht, it knibbelgewricht en it ankelgewricht de wichtichsten fan binne.

Ferliking fan in hynsteskonk (l.), in hûnepoat (m.) en in minskeskonk (rj.).

Guon wêzens hawwe 1 skonk (lykas moksels), oare 2 (lykas minsken en fûgels), wer oaren 4 (sûchdieren, reptilen en amfibyen) en noch wer oaren 6 (ynsekten), 8, 12 of 14 (lidpoatigen). In lyts groepke bisten hat mear as 14 poaten, lykas de hûndertpoaten (mei minder as 20 oant wol 300 poaten) en de miljoenpoaten (dy't nettsjinsteande har namme beslist gjin miljoen poaten hawwe, mar wol oant 750).

By minsken wurdt de skonk yn 'e regel ferdield yn in boppeskonk, knibbel, ûnderskonk, ankel en foet. Dêrby moat oantekene wurde dat de foet yn it normale spraakgebrûk net ta de skonk rekkene wurdt. Oarsom wurdt yn it Frysk de oantsjutting "foet" hiel faak brûkt om alles ûnder de heup mei oan te tsjutten (dus min ofte mear as synonym fan skonk). De hûd fan 'e skonken is by manlju licht behierre, en by froulju fan natuere ek, sij it yn mindere mjitte. De measte froulju skeare lykwols de skonken keal, mei't behierre frouljusskonken as ûnoantreklik en manljuseftich beskôge wurde. Guon manlju skeare de skonken ek, lykas hurdfytsers, dy't dat dogge om't se der mear streamline fan wurde en der dus (justjes) flugger troch fytse kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.