Reptilen

(Trochferwiisd fan Reptyl)

De reptilen (wittenskiplike namme: Reptilia) foarmje in (parafyletyske) klasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata) en de boppeklasse fan 'e fjouwerpoatigen (Tetrapoda). Dêrbinnen wurde se tsjintwurdich ornaris mei de fûgels (Aves) yndield by de sauropsiden (Sauropsida). Ta de reptilen wurde de slangen, hagedissen, skyldpodden en krokkedillen rekkene. De tûke fan 'e biology dy't reptilen bestudearret, hjit de herpetology.

reptilen
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang): weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang): termdieren (Nephrozoa)
boppestamme: nijmûnigen (Deuterostomata)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme: kaakdieren (Gnathostomata)
boppeklasse: fjouwerpoatigen (Tetrapoda)
(sûnder rang): sauropsiden (Sauropsida)
klasse: reptilen (Reptilia)
Laurenti, 1768

Reptilen ûnderskiede har fan oare libbensfoarmen troch in krûpende fuortbeweging, itsij trochdat de poaten oan 'e sydkanten fan it lichem sitten, itsij om't se hielendal gjin poaten (mear) hawwe. Oare skaaimerken binne kâldbloedichheid, it hawwen fan skobben en it lizzen fan aaien mei in ekstra membraan (oftewol in kalkene skaal) deromhinne om fuortplanting op it lân mooglik te meitsjen. Gjinien fan dizze skaaimerken is lykwols ta reptilen beheind: lidpoatigen krûpe ek; amfibyen binne kâldbloedich; fûgels hawwe skobben (op 'e poaten); en fûgels en guon sûchdieren lizze aaien mei in skaal deromhinne. It is de kombinaasje fan 'e beskreaune eigenskippen dy't in bist ta in reptyl makket.

Untwikkeling

bewurkje seksje

De ierst bekende reptilen ûntstiene sa'n 315 miljoen jier lyn, yn it Karboan, út heechûntwikkele reptyleftige amfibyen, dy't har wat langer wat better oanpasten oan it libben op it lân. Guon groepen reptilen stoaren neitiid út by massale útstjerrensfoarfallen, lykas dy oan 'e ein fan it Mesosoïkum, dy't ek de dinosauriërs lytsman makke. Lykwols bewenje moderne reptilen no alle kontininten útsein Antarktika. Yn grutte rinne se útinoar fan 'e minuskule dwerchgekko (Sphaerodactylus ariasae), dy't 17 mm lang wurdt, oant de seekrokkedil (Crocodylus pororus), dy't in lingte fan 6 m en in gewicht fan mear as in ton berikke kin.

De taksonomyske yndieling fan reptilen is problematysk, mei't de tradisjonele groepen fan 'e slangen en hagedissen, de krokkedillen en de skylpodden eins ferspraat binne oer in ôfstamming dy't ek de dinosauriërs en de fûgels omfiemet. De krokkedillen, bygelyks, binne folle nauwer besibbe oan 'e fûgels as oan 'e hagedissen of de skylpodden. Dêrom soene de dinosauriërs en de fûgels dus eins ek as reptilen beskôge wurde moatte, mar by fûgels wurdt dat nea dien. Dinosauriërs waarden foarhinne wol as reptilen sjoen, mar ûnderwilens hat men substansjeel fossyl bewiismateriaal opdold dêr't út blykt dat ek dy net (of net alle) boppeneamde reptyleftige skaaimerken dielden. Sadwaande beskôgje wittenskippers de term "reptilen" tsjintwurdich oer it algemien as parafyletysk en dus efterhelle, en sprekke se ynstee leaver fan sauropsiden, dêr't sawol de reptilen as de dinosauriërs en de fûgels ûnder beflapt wurde kinne. Yn it spraakgebrûk fan leken is de term "reptilen" lykwols sa ynboargere dat it ûnreälistysk is om te ferwachtsjen dat er ea yn ûnbrûk reitsje sil.

Klassifikaasje

bewurkje seksje

Hjirûnder de wittenskiplike opbou fan 'e sauropsiden, ynklusyf de reptilen, de dinosauriërs en de fûgels.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.